Tiny Mulder (Beetstersweach, 2 april 1921 - Jellum, 4 novimber 2010) wie skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider.

Libben As bern wenne se lange tiid yn Assen, mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Dêr learde Tiny Frysk praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan Smellingerlân en letter op it distribúsjekantoar, dêr't Pieter Wybenga har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde se net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se alliearde piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken. Hja krige de Medal of Freedom ûnderskieding mei Silver Palm yn 1946 fan de Amerikaanske regearing. Fan Ingelân krige se de 'King's Medal for Courage in the Cause of Freedom'. Ek de âlden fan Tiny Mulder hawwe postúm de Yad Vashem ûnderskieding takend krigen yn 2010.

Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it Friesch Dagblad. Dêr hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn Ingelân en Skotlân, letter hat se dêrfoar ek noch reizge troch Amearika, Kanada en Denemark. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.

Tiny Mulder skreau sawol gedichten en romans as kritiken. Hja hat berneboeken skreaun en makke Fryske oersettings fan klassikers as Alice in Wonderland en Mijnheer Prikkebeen. As wurdearring foar har wurk hat se in protte literêre prizen wûn.

Tiny Mulder wie de frou fan wurden en dieden, fan fersen en polemyk, fan gefoel en ferstân, fan rjocht en ferset, fan moed en oerjaan. Har krewearjen foar it plak fan de frou yn in maatskippy dêr’t mannen it foar it sizzen hiene, har iver foar de diskusje oer rjocht en ûnrjocht, har moed om nije dingen te ûntdekken, har krêft foar de opbou fan it Friesch Dagblad. En yn it hege ryk fan taal en tinzen: yn it poëtyske en yn it lyriske. It oeuvre fan Tiny Mulder is ryk yn ferskaat.

De histoarikus Geart de Vries hat yn 2006 de biografy Foar alles is in tiid oer Tiny Mulder skreaun. Yn 2019 waard yn de Frijheidswyk yn Ljouwert it Tiny Mulderplantsoen nei har ferneamd.

Wurk Berneboeken 1954 - It Boek foar de Fryske Bern (mei Jant Visser-Bakker) 1957 - Juffer Kuorkebier 1959 - In Kibich Span 1975 - De Túnkabouter en Oare Fytmannen 1976 - 25 Jaar Us Eigen Herntsje (2e printinge 1977) 1981 - Rare Dokter Dingdong

Poëzij 1962 - Oranje Paraplu 1965 - Viadukt 1968 - Wite Swan – Swarte Swan 1975 - Op Slach fan Tolven 1983 - Oh in Stêd, Ah in Lân – In Syklus 1986 - Tinkskrift – Samle Gedichten 2001 - Bitterswiet – Samle Fersen

Romans 1981 - Tin Iis 1987 - Gevaarlijk IJs (oersetting fan Tin iis) 1991 - In Moaie Leeftyd

Ferhalebondel 1998 - De Bêste Fryske Ferhalen

Oersetting 1964 - Alice yn Wûnderlân (nei Lewis Carroll)

Ferskaat 1971 - Hwer Hast it Wei – Petearen mei Skriuwers

Biografy fan Tiny Mulder 2006: Geart de Vries, Foar Alles Is in Tiid

Prizen Rely Jorritsmapriis 1958 - foar ferhaal Nachttrein nei Chicago 1961 - foar fers beam fan it biminnen 1962 - foar fers brief encounter 1963 - foar fers nettsjinsteande 1965 - foar fers Reisboek 1966 - foar fers Ars Brevis 1967 - foar ferhaal Wykein by de Donetti's 1968 - foar ferhaal Machtich as de miggen 1969 - foar fers La mise en mots 1970 - foar ferhaal Leaf dinkje

Gysbert Japicx-priis Yn 1986 krige hja as beleaning foar har hiele oeuvre de Gysbert Japicx-priis.

Erkenning Nederlands Letterenfonds Yn 2010 krige hja fan it Nederlands Letterenfonds in wichtige erkenning foar har grutte ferskaat Fryske bydragen oan de literatuer yn Nederlân.

Literatuer , Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Rjochtfeardige ûnder de Folken Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach Kategory:Persoan stoarn yn Jellum Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 2010