Laktantius (Latyn: Lucius Caelius (of Caecilius?) Firmianus Lactantius) om-ende-by 250 - 325) wie in ier kristlike skriuwer dy't út de Romeinske provinsje Afrika kaam en in tsjinstanner fan de heidenske wiisbegearte wie. Hy wurdt beskôge as de kristlike Sisero.

Wurk thumb|It begjin fan Laktantius syn Divinae institutiones (yn in manuskript út 1420–1430 fan Guglielmino Tanaglia) Divinae Institutiones ("Godlike ûnderwizings"); Epitome divinarum institutionum ("Gearsetting fan de godlike ûnderwizings"); De opificio Dei ("Oer de wurken fan God"); De mortibus persecutorum ("Oer de dea fan de ferfolgers"), beskriuwing fan de libbens- en lijensskiednis en dea fan in oantal Romeinske keizers dy't doedertiids beskôge waarden as warbere ferfolgers fan de kristenen; De ira Dei ("Oer lilkens fan God").

Kategory:Romeinsk teolooch Kategory:Romeinsk skriuwer Kategory:Romeinsk dichter Kategory:Berbersk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan berne yn 250 Kategory:Persoan stoarn yn 325