thumb|Djipte fan de Adriatyske See De Adriatyske See (Italjaansk: Mare Adriatico, Sloveensk: Jadransko morje/Jadran, Kroatysk en Bosnysk: Jadransko more, Servysk: Јадранско море, Albaneesk: Deti Adriatik, Latyn: Hadriaticum) is it part fan de Middellânske See tusken it Apenynske Skiereilân en it Balkanskiereilân. De see wurdt fan de Ionyske See skieden troch de Strjitte fan Otranto.

De see wurdt yn it westen begrinzge troch Itaalje en yn it easten troch Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Montenegro en Albaanje.

Der lizze wol mear as 1300 eilannen yn de see, dêr't de measten fan by de eastkust fan de Adriatyske See del lizze, sa as de Dalmatyske Eilannen en de Kvarner-eilannen, dy't allegear ta Kroaasje hearre. Krk en Cres binne dêrfan de grutste eilannen.

De Adriatyske See hat in trochsneed djipte fan 260 meter en it djipste plak is 1.233 meter djip. It noardlike part, benoarden de line Ancona en Zadar, is de see it minst djip en komt de djipte nearne ûnder de 100 meter út. Besuden de line Bari en Dubrovnik leit de boaiem wol mear as 1.200 meter ûnder seenivo.

Yn it noarden is der in fochtich seeklimaat, neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen Cfa, mei wiete simmers en kêldere en drûgere winters. Yn it súdlike part is der yn de haadsaak in Middellânske Seeklimaat. De temperatuer fan it wetter op seenivo is yn de simmer tusken de 22° en 30° Selsius en yn de winter tusken 12° en 14° Selsius. Yn it noardwesten fan de see wurdt it wetter yn de winter noch kâlder en yn strange winters kin der sels iis foarmje op de ûndjippe parten.

Stêden De wichtichste stêden oan de Adriatyske See binne:

Brindisi Budva Bari Pescara Ancona Rimini Feneesje Triëst Koper Izola Bar Piran Pula Rijeka Zadar Zibenik Split Dubrovnik Durrës Florë

Fan al dy stêden hat Triëst de grutste haven.

thumb|center|600px|Adriatyske See (Kroaasje)

Kategory:Binnensee Kategory:Rânesee fan de Middellânske See Kategory:See yn Jeropa Kategory:Wetter yn Itaalje Kategory:Wetter yn Sloveenje Kategory:Wetter yn Kroaasje Kategory:Wetter yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Wetter yn Montenegro Kategory:Wetter yn Albaanje