Oerol of it Oerol Festival is tsiendeisk kultureel evenemint dat elts jier yn 'e moanne juny holden wurdt op it Fryske Waadeilân Skylge. It bestiet benammentlik út teäterfoarstellings dy't yn 'e iepen loft op ferskate lokaasjes ferspraat oer it hiele eilân holden wurde. Oerol begûn lyts, mar is troch de jierren hinne útwoeksen ta ien fan 'e grutste lokaasjeteäterfestivals fan Jeropa. Der komme elts jier sa'n 50.000 besikers op ôf om te sjen nei Nederlânske en bûtenlânske toanielselsskippen, teätergroepen, muzikanten, oare poadiumkeunstners en teffens nei útstalde keunstwurken fan byldzjend keunstners.
Namme De namme fan Oerol is ôflaat fan it wurd oerol dat út it Skylgerske dialekt fan it Frysk komt. Dat wurdt sprutsen op 'e westpunt fan Skylge (yn 'e midden fan it eilân sprekt men Midslânsk en yn it easten Aastersk). Oerol betsjut "oeral", mar mei as spesifike bybetsjutting de tiid fan it jier dat op Skylge fee loslitten waard om 'oeral' (d.w.s. yn 'e iepenbiere romte yn 'e natoer) te weidzjen.
Dat barde yn 'e betide maityd en de lette hjerst, as der te min gers groeide yn 'e eigen greiden fan 'e feehâlders. Net alle eilânbewenners wiene bliid mei oerol, en nei't der op Skylge ferhurde wegen oanlein wiene, kamen der al rillegau ûngemakken fan. Sa kaam it foar dat fytsers ferwûne rekken as se by tsjuster by in ko oprieden dy't him op 'e wei deljûn hie. Op dizze oarspronklike oerol-tradysje waard ûnder de besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldoarloch it near lein troch de Dútsers, en ek nei de oarloch kearde it net mear werom.
Skiednis It hjoeddeistige Oerol waard yn 1981 oprjochte troch Joop Mulder, dy't doedestiden eigner wie fan it kafee De Stoep, yn Midslân. Troch de jierren hinne groeide it út fan in lyts eilânfeest ta ien fan 'e grutste lokaasjeteäterfestivals fan Jeropa. Dêrby kampte de organisaasje wol om 'e pear jier mei finansjele swierrichheden.
Djiptepunt datoangeande wie de edysje fan 1993, doe't festivaldirekteur Mulder by de iepening oankundige dat de ûnderhannelings mei it Ministearje fan Wolwêzen, Folkssûnens en Kultuer en Deputearre Steaten fan Fryslân op neat útrûn wiene, en dat dit sadwaande de lêste kear wie dat it festival holden waard. Nei ôfrin fan Oerol 1993 waard der by nije ûnderhannelings lykwols dochs in oplossing fûn, sadat yn 1994 gewoan wer in nije Oerol holden wurde koe.
Op 'e lêste dei fan Oerol 2004 makke Mulder bekend dat it fuortbestean fan it festival op 'e nij faai stie. Nettsjinsteande in rekôroantal besikers dat jiers (55.000), ferkearde de organisaasje wer yn finansjele need. De subsydzje fan €180.000 wie net genôch om it fuortbestean fan Oerol feilich te stellen. Mulder easke "minimaal €400.000", oars soe de edysje fan Oerol yn 2005 net trochgean. It oare jiers waard de strukturele finansjele stipe oan Oeral yndie útwreide, sadat it festival wer fierder koe.
Yn 2017 loek Joop Mulder him werom as foaroanman fan Oerol. Op 'e edysje fan it festival fan dat jier waard er seremonieel op 'e boat nei Harns set en útwiuwd troch organisaasje en festivalbesikers. Neitiid kaam er daliks wer werom op it eilân om 'e rest fan it festival by te wenjen. Mulder wie yn 2018 as koördinator en oanjager belutsen by it keunstprojekt Sense of Place, in ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.
Ferstjerren Joop Mulder Op 9 jannewaris 2021 stoar Joop Mulder, de oprjochter fan het festival, yn de âldens fan 67 jier.Oerol-oprichter Joop Mulder overleden LC.nl d.d. 10 jannearis 2021
Tema's Oerol hat alle jierren in tema: 1996 - Het Magnetisme van de Noordpool 1997 - Van Achter de Wolken Kwam de Wind 1998 - Diepte van de Oceanen 1999 - Voetsporen in het Zand 2000 - Als het Tij Keert 2001 - Omringd door Zee 2002 - Eilandrijk 2003 - Een Bewogen Horizon 2004 - Niemandsland 2005 - Eindeloze Deining 2006 - Landverhuizers 2007 - Sterke Verhalen 2008 - Het Eiland van de Vorige Dag 2009 - Het Gras tussen de Planken 2010 - 10 Dagen Zilte Luchtspiegelingen 2011 - 10 Dagen het Geluid van een Eiland 2012 - De Wind Voert het Woord 2013 - Sense of Place (mearjierrich) 2014 - Sense of Place (mearjierrich) 2015 - Sense of Place (mearjierrich) 2016 - Tijd 2017 - Rite of Spring 2018 - Meertaligheid
Keppelings om utens Offisjele webside fan Oerol
Kategory:Skylge Kategory:Festival yn Fryslân Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1981