Daniel (Deensk: Ser du månen, Daniel; 'Sjochst de moanne, Daniel') is in Deenske film. De film is regisearre troch Niels Arden Oplev en gyng op 29 augustus 2019 yn premjêre. De haadrollen yn de film, dy't basearre is op de bestseller fan Puk Damsgård út 2015 mei deselde namme, wiene foar de akteurs Esben Smed en Anders W. Berthelsen.
Eftergrûn Toolbox Film krige de rjochten om op basis fan it yn Nederlân ûnder de titel "Gegijzeld door IS" útjûne boek fan de Deenske skriuwster Puk Damsgård te ferfilmjen. De opname's fûnen fan 1 oktober 2018 oant 31 jannewaris yn Aarhus, Sweden, Jordaanje en Kanada plak.
Ferhaal De film giet oer it wierbarde ferhaal fan de Deenske fotograaf Daniel Rye, dy't yn 2013 troch Islamityske Steat yn Syrje finzen nommen wie en nei in 398 dagenlange martelgong lang om let tsjin losjild frijlitten waard.
Rolferdieling Esben Smed as Daniel Anders W. Berthelsen as Arthur Toby Kebell as James Foley Sofie Torp as Anita Sara Hjort as Signe Christiane Gjellerup Koch as Susanne Jens Jørn Spottag as Kjeld Andrea Heick Gadeberg as Christina Ardalan Esmaili as Maieed
Keppeling om utens Ser du månen, Daniel op IMDb Ser du månen, Daniel op MovieMeter
Kategory:Deenske histoaryske film Kategory:Deensktalige film Kategory:Film út 2019 Kategory:Film oer in sjoernalist of ferslachjouwer Kategory:Film oer in gizeling Kategory:Film oer ûntfiering Kategory:Film oer terrorisme Kategory:Film oer de Oarloch tsjin Islamityske Steat Kategory:Film basearre op wiere foarfallen