De feriening Oostfreeske Taal - Vereen för oostfreeske Spraak un Kultur i.V. (Eastfryske taal - feriening foar Eastfryske sprake en kultuer) is in feriening dy't him ynset foar it befoarderjen en fuortsterkjen fan it Eastfrysk Plat. De feriening hat syn sit yn Auwerk. Foarsitter is sûnt 2016 Hans Freede út Ulbargen. De feriening waard yn 1990 oprjochte en hat hjoed-de-dei likernôch 1000 leden.

Warberens Elts jier jout de feriening de Keerlke-Pries út oan lju en ynstelings dy't harren foar it Eastfrysk Plat ynsette. Aksjes fan de feriening wiene yn it ferline Plattdüütsk bi’t Wark, Maakt in Oostfreesland, ferskate streektaaldagen en mear. De feriening wurket gauris gear mei it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft en de Oostfreeske Schrieverslüü.

Foarsitters 1990–1993: Johannes Diekhoff 1993–1998: Carl-Heinz Dirks 1998–2011: Antje Gronewold 2011–2016: Martin Feldkamp sûnt 2016: Hans Freese Earefoarsitter wie Johannes Diekhoff oant syn ferstjerren yn 2013.

Keppeling om utens Webstee Oostfreeske Taal

Kategory:Kultuer yn East-Fryslân Kategory:Dútske kulturele organisaasje Kategory:Nederdútsk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1990