De Keerlke-Pries is de wichtichste Eastfryske priis oangeande fertsjinsten yn it Eastfrysk Plat. Hy wurdt troch de feriening Ostfreeske Taal útjûn. Keerlke is de namme fan it byldsje foar it stedshûs yn Lier, makke troch byldhouwer Christian Eisbein, dy't basearre is op de romanfiguer mei deselde namme fan Wilhelmine Siefkes. Mei de priis krije persoanen en ynstellings in plom foar harren ynset foar it befoarderjen fan it Eastfrysk Plat.

Untfangers 1993: Gitta Franken foar har ynset foar it Platdútsk yn de beukerskoalle 1994: Gemeente Ihlow en meiwurkers foar it oparbeidzjen mei it Platdútske wurdboek fan Otto Buurman 1995: Theda Ahlrichs foar har ynset foar it Platdútsk yn de tsjerke 1996: Jan Cornelius fan Jemgum foar syn fertsjinsten foar it Platdútske berneliet 1997: Theo Schuster útjouwer fan Schuster-Verlag yn Lier 1998: Ubbo Gerdes as skriuwer en toanielspiler 1999: Garrelt van Borssum foar syn ynset foar it Platdútsk op ’e skoalle 2000: Gernot de Vries foar syn wurk oan syn wurdboek 2001: Helmut Duis foar syn Platdútske ferkeapstrening oan de Beropsskoalle Lier 2002: Jakob Janshen foar syn fertsjinsten foar it Platdútske teäter 2003: Ländliche Akademie Krummhörn foar it befoarderjen fan it Platdútsk op it plattelân 2004: Hans-Hermann Briese, Johannes Diekhoff un Carl-Heinz Dirks as útjouwers fan it tiidskrift Diesel 2005: Gerd Brandt foar syn ynset foar it Platdútsk op Radio Eastfryslân 2006: Marianne Brückmann för ehr Insetten för de plattdüütsche Spraak 2007: Helmut Hinrichs foar syn libbenwurk, benammen syn wurk foar it Harlinger Plat 2008: Cornelia Nath foar har ynset foar it Platdútsk 2009: Margret Aden en Grete Saathoff foar harren langjierrich wurk foar de oanset foar it brûken fan it Platdútske op legere skoallen. 2010: Adolf Sanders foar syn ynset op ferskate mêden oangeande it fuortsterkjen fan it Platdútsk 2011: Imke Schulte foar har ynset foar it Platdútsk 2012: Herma Knabe foar har ynset foar it befoarderjen fan ûnderrjocht yn it Platdútsk op skoallen 2013: Hanne Klöver foar har Platdútske bydrage op radio en tillefyzje 2014: Helmut Collmann foar syn ynterregionale ynset foar it Platdútsk 2015: Hillrich Reents foar syn ynset op ferskate mêden foar it Platdútsk 2016: Antje Gronewold foar har bûtengewone ynset foar it Platdútsk foar in soad jierren 2017: Herma Cornelia Peters en Albert Janssen foar harren grutte ynset op it mêd fan it Platdútske teäter 2018: Angelika Seidel foar har langjierrige ynset foar it brûken fan it Platdútsk op skoallen 2019: Andreas Gerdes foar syn ynset op ferskate mêden 2020: net útjûn fanwegen de koroanafirus-pandemy 2021: Heinz Janssen foar syn wurk op de Platdútske wikipedy

Keppeling om utens Keerlke op de webstee Oostfreeske Taal

Kategory:Kultuer yn East-Fryslân Kategory:Dútske kultuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1993