Havelberg is in hânzestêd yn 'e lânkring Stendal yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt.

Skiednis thumb|left|Domtsjerke fan Havelberg Havelberg leit oan 'e rivier de Havel, likernôch 14 kilometer boppe it plak dêr't de Havel yn 'e Elbe útmûnet. Kening Otto I liet op 'e domberch in bisdom stiftsje mei in missysintrum om 'e Westslaven te kerstenjen. De Wenden wisten yn 983 by in grutte opstân it bisdom lykwols werom te feroverjen en de Dútske foarsten waarden oer de Elbe weromdreaun. Nei 150 jier slagge it kening Lotharius III yn 1130 de Havelberg wer yn te nimmen. De soannen fan 'e Slavefoarst Wirikind wisten seis jier letter noch ienris Havelberg foar in lyts skofke werom te feroverjen, foardat Albrecht de Bear it plak definityf by it ryk foege.

Havelberg krige yn it jier 1151 it stedsrjocht. Al sûnt de stifting fan 'e Hânze hearde Havelberg by it bûn.

De seeskipswerf brocht de stêd yn 1688 nije ekonomyske ympulzen. De bou fan seeskippen brocht de stêd oer de lânsgrinzen hinne grutte faam.

Yn 1716 troffen de Russyske tsaar Peter de Grutte en de Prusyske kening Freark Willem I inoar yn Havelberg. Hja wikselen inoar geskinken út en Prusen joech de barnstienkeamer (yn Tsarskoje Selo), wylst Ruslân soldaten levere foar it Prusyske reuzerezjimint de Lange Kerls (de lange keardels, fanwegen harren ûngewoane lingte).

Geografy De stêd leit yn it uterste noardeasten fan 'e dielsteat Saksen-Anhalt oan 'e Havel. Yn it noarden en easten grinzget Havelberg oan 'e trije lânkringen Prignitz, Ostprignitz-Ruppin en Havelland.

Stedsyndieling Dahlen Damerow Garz Havelberg Jederitz Kuhlhausen Klein-Damerow Kümmernitz Müggenbusch Nitzow Toppel Vehlgast Waldfrieden Warnau Wöplitz

It besjen wurdich Domtsjerke fan Havelberg (1279-1330) Sint-Annakapel (15e iuw) Sint-Laurentiustsjerke (15e iuw) Kapel Sint-Spiritushospitaal (1400) Riedshûs

Musea Prignitz-Museum

Eveneminten Yn it earste wykein fan septimber wurdt alle jierren yn Havelberg de tradisjonele hynstemerk holden.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Saksen-Anhalt Kategory:Gemeente yn Saksen-Anhalt