The Spy Who Loved Me is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1977 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Barbara Bach as Bond girl Anja Amasova. De titel betsjut "De Spion dy't My Leafhie". De film ûntliende syn namme oan 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming, mar befettet gjin eleminten út 'e plot fan dat boek. The Spy Who Loved Me wie sadwaande de earste James Bond-film dy't in folslein nij betinksel fan 'e senarioskriuwers wie.
It ferhaal folget Bond by in ûndersyk nei in ferdwûne Britske dûkboat, wêrby't er gearwurkje moat mei KGB-aginte Anja Amasova om't der ek in Sovjet-ûnderseeër fermist rekke is. Tegearre komme se op it spoar fan 'e megalomane miljardêr Karl Stromberg, dy't fan doel is de wrâld te ferwoastgjen en in nije beskaving op 'e boaiem fan 'e see te stiftsjen. Bond en Amasova moatte him sjen tsjin te kearen, wylst se sels oanhâldend efterfolge wurde troch Stromberg syn reuseftige trewant Jaws.
The Spy Who Loved Me wie it tsiende diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Man with the Golden Gun. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. The Spy Who Loved Me waard nominearre foar trije Oscars en ferskate oare wichtige prizen. In folgjend diel yn 'e filmsearje, dat oan 'e ein fan The Spy Who Loved Me oankundige waard ("James Bond will return in …"), wie For Your Eyes Only. Doe't lykwols troch it súkses fan Star Wars in science fiction-raazje ûntstie, goaide men it roer om en waard de folgjende film ynstee it oer romtefeart geande Moonraker, dat útkaam yn 1979.
Plot As de HMS Ranger, in Britske, mei ballistyske raketten tariste dûkboat, hommels ferdwynt, set M, it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, syn bêste man op 'e saak: geheim agint James Bond. Dyselde ferbliuwt op dat stuit yn in sjalet heech yn 'e Eastenrykske Alpen, en ûnderweis berchôf wurdt er oanfallen troch in groep aginten fan 'e Sovjet-ynljochtingetsjinst KGB, dy't besykje en romje him út 'e wei. Bond wit lykwols al skyendewei te ûntkommen, wêrby't er ien fan 'e KGB-mannen ombringt.
In oanwizing oer wat der mei de HMS Ranger bard wêze kin, komt as der op 'e swarte merk yn Egypte ûntwerpen op mikrofilm foar in heechûntwikkele systeem te keap oanbean wurde, wêrmei't troch in satellyt dûkboaten ûnder wetter folge wurde kinne oan 'e hân fan har bûlespoar. Bond reizget ôf nei Egypte, dêr't er útfynt dat de ferkeaper fan 'e ûntwerpen de swarthanneler Aziz Fekkesj is. Dyselde wurdt lykwols fermoarde troch Jaws, in reuseftige slûpmoardner dy't tarist is mei in fjoerskerp gebit fan stielene tosken en kiezzen. Bond moetet yn Egypte majoar Anja Amasova, in aginte fan 'e KGB, dy't efter deselde ûntwerpen oan sit. Behalven in Britske dûkboat is der nammentlik ek ien fan 'e Sovjet-Uny op deselde mysterieuze manear ferdwûn. Op it stoflik omskot fan Fekkesj treft Bond in notysjeboekje oan wêryn't in kommende ôfspraak mei fan 'e swarthanneler mei in Max Kalba fêstlein is, dy't de mikrofilm yn syn besit hat. Bond giet dêr yn it plak fan Fekkesj hinne, mar Amasova komt dêr ek wer opdaagjen. Wylst beiden oanspraak meitsje op 'e mikrofilm wurdt Kalba ombrocht troch Jaws.
Tegearre, mar oanhâldend besykjend om inoar te fluch ôf te wêzen, folgje Bond en Amasova de moardner nei de ruïnes fan 'e Karnak, dêr't se Jaws de mikrofilm ûntfytmanje dy't er fan Kalba ôfpakt hie. Underweis werom pykt Amasova mei de mikrofilm út, mar net foar't Bond de bylden mei in spesjaal dêrfoar ûntwikkele gadget ynspektearre hat. Nei oankomst yn Kaïro docht bliken dat MI6 en de KGB ûnderwilens besletten hawwe om foar dizze operaasje de lapen gear te smiten ûnder de mienskiplike lieding fan M en generaal Gogol fan 'e KGB. Bond en Amasova moatte fan no ôf oan gearwurkje om it mystearje fan 'e ferdwûne dûkboaten op te lossen. Mei tsjinnichheid lizze de beide spionnen har by dat beslút del. Hoewol't de ûntwerpen op 'e mikrofilm ûnbrûkber makke binne trochdat der krúsjale ynformaasje út wiske is, ûntdekke Bond en Q, de kertiermaster fan MI6, oan 'e hân fan in trochdruk fan in ûnderlizzend dokumint dat de smoarrike reder Karl Stromberg der wat mei te krijen hat.
Bond en Amasova reizgje nei it Italjaanske eilân Sardynje, dêr't it haadkertier fêstige is fan 'e rederij fan Stromberg. As se ûnderweis in stik mei de trein geane, wurdt Amasova op in hier nei fermoarde troch Jaws, mar Bond rêdt har libben. Neitiid feroaret de koele rivaliteit tusken harren yn tanimmende affeksje. Op Sardynje dogge Bond en Amasova harren foar as in marine biolooch en de frou. As se in fersyk yntsjinje om Stomberg te moetsjen, wurdt dat ynwillige. Stromberg syn meiwurkster Naomi nimt harren mei nei de Atlantis, in futuristysk bouwurk dat sawol boppe as ûnder wetter bestean kin. Dêr hat Bond in koarte moeting mei Stromberg, wylst Amasova by in rûnlieding troch Naomi ûntdekt dat Stromberg njoggen moannen earder in mysterieuze nije supertanker te wetter litten hat, de Liparus.
Nei't se de Atlantis ferlitten hawwe, wurdt trijeris besocht om Bond en Amasova út 'e ljochten te helpen: earst troch in moardner op in motor mei sydspan wêrby't it sydspan in torpedo blykt te befetsjen, dêrnei troch Jaws en in stikmannich oare mei mitrailleurs bewapene trewanten fan Stromberg yn in auto, en úteinlik troch Naomi yn in mei masinegewearren tariste helikopter. Bond en Amasova ûntwike de torpedo, besoargje Jaws-en-dy in auto-ûngemak (dat Jaws as iennichste oerlibbet), sjitte Naomi del (wat har dea wurdt) en ride mei harren oanpaste Lotus Esprit de see yn, wêrnei't de auto himsels omfoarmet ta in miny-ûnderseeër.
Se geane werom nei de Atlantis om dat ris better fan ûnder wetter te besjen, en befêstigje dêrmei dat Stromberg yndie gebrûk makket fan it nije folchsysteem foar dûkboaten. (It wie Stromberg syn frou dy't de ûntwerpen dêrfan oan 'e heechste bieder besocht te ferkeapjen, in foarm fan ferrie dêr't hy wraak foar naam troch har libben oan syn finzen tigerhaai op te fuorjen.) Nei't se oan in groepke dûkers en in miny-ûnderseeër fan Stromberg ûntkommen binne, ride Bond en Amasova by in iepenbier strân yn 'e Lotus middenmank de feralterearre badgasten út 'e see wei it lân wer op.
Bond ferdjippet him letter yn 'e supertanker fan Stromberg, de Liparus, dy't in apart foarme boech hat. Hy fynt út dat it skip yn 'e njoggen moannen fan syn bestean noch gjin inkele haven oandien hat. Underwilens ûntdekt Amasova lykwols dat har minner Sergej Barsov, in oare KGB-agint, troch Bond yn 'e Eastenrykske Alpen fermoarde is. As se him in foto fan Barsov sjen lit, jout Bond dat grif ta, mar hy ferwarret himsels troch te sizzen dat er it der net om dien hat om Barsov te fermoardzjen, mar dat it selsferdigening wie om't Barsov-en-dy hìm besochten om te bringen. Sokke dingen barre no ienris yn harren fakmêd. Dat argumint snijt by Amasova lykwols gjin hout. Krekt no't se wat opwaarme wie, kuollet se troch dy nije kennis wer hielendal ôf. Om't se in professional is, sa fertelt se him, sil se dizze misje earst ta in goede ein bringe, mar se swart dat se neitiid Bond deadzje sil om Barsov te wreekjen.
Bond en Amasova geane oan board fan 'e USS Wayne, in dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine, om ûndersyk te dwaan nei de Liparus. De dûkboat wurdt lykwols 'ferslynd' troch de supertanker, dêr't de boechseksje fan iepenklapt wurde kin. It binnenste fan 'e tanker blykt út in driuwende ôfmarringsynstallaasje foar dûkboaten te bestean, dêr't har de fermiste Britske en Sovjet-ûnderseeërs befine. De Amerikaanske marineminsken hawwe gjin oare kar as om har oer te jaan as Stromberg driget harren dûkboat fol gifgas te pompen. Wylst de ofsieren en matroazen ôffierd wurde nei in oar diel fan 'e tanker, dêr't se fêstset wurde mei de bemannings fan 'e Britske en Sovjet-ûnderseeërs, wurde Bond en Amasova by Stromberg brocht.
Dyselde leit harren dan einlings syn plan út: hy beskôget de wrâld sa't er no is as folslein dekadint en korrupt en is dêrom fan doel om 'e natuerlike gong fan saken in hantsje te helpen troch in maatskiplike ynstoarting te feroarsaakjen. Dat wol er dwaan troch de Britske en Sovjet-dûkboaten derop út te stjoeren en harren atoomraketten ôfsjitte te litten op New York en Moskou. Dat sil in kearnoarloch útlokje dy't de wrâld boppe wetter ferwoastgje sil, sadat Stromberg it frij hat om in nije beskaving op 'e boaiem fan 'e see te stiftsjen. Nei't er syn trewanten opdracht jûn hat om Bond te deadzjen, set Stromberg ôf nei de Atlantis mei Amasova as syn finzene.
Bond ûntsnapt lykwols en wit de trije finzen dûkboatbemannings te befrijen. De Amerikaanske, Britske en Sovjet-matroazen meitsje miene saak tsjin 'e trewanten fan Stromberg, en feroverje de ôfmarringsynstallaasje. De kaptein fan 'e Liparus lûkt him mei in groepke fertroulingen werom yn 'e hermetysk ôfsletten kontrôlekeamer fan it skip, mar troch tadwaan fan Bond witte de eardere finzenen ek dêr troch te kringen, hoewol't dêrby sa'n skea oan 'e Liparus tabrocht wurdt, dat de tanker begjint te sinken.
De stjerrende kaptein fertelt Bond dat er te let is, mei't de beide dûkboaten oer inkele minuten har raketten ôffjurje en sa New York en Moskou ferwoastgje sille. Bond wit de kapteins fan 'e dûkboaten lykwols foar de gek te hâlden troch harren nije geografyske koördinaten foar de oanfal troch te jaan, dy't eins de lokaasje fan 'e oare dûkboat foarmje. As se harren raketten ôffjurje, treffe se dus net New York of Moskou, mar inoar. De beide dûkboaten en de beide bemannings fan Stromberg wurde dêrtroch folslein ferneatige. Bond en de oerlibbenen fan 'e trije finzen bemannings geane oan board fan 'e USS Wayne en ûntkomme oan 'e sinkende Liparus.
Neitiid kriget de kommandant fan 'e USS Wayne fan it Pentagon de opdracht om 'e Atlantis fuortendaliks te ferneatigjen, sadat foar iens en foar altyd mei Stromberg ôfweefd is. Bond wiist der lykwols op dat Amasova noch oan board fan it fartúch is, en de kommandant, dy't wol foar it ferstân hat dat hy en syn bemanning sûnder tuskenkomst fan Bond in raar gat yndraaid wiene, stimt deryn ta om in oere tiid te rekken, wylst Bond besiket om Amasova te rêden.
Oan board fan 'e Atlantis wurdt Bond opwachte troch Stromberg, dy't him útnûget de lift nei syn priveefertrekken te nimmen. De boaiem fan 'e lift kin iepenklapt wurde, wêrnei't de ynsittenden fia de liftskacht en in glydbaan yn it bassin fan 'e tigerhaai einigje. Stromberg besiket op dy wize fan Bond ôf te kommen, mar dy is him te fluch ôf en wit syn priveefertrekken te berikken. Dêr besiket Stromberg him dea te sjitten, mar mist. Bond sjit dan werom en mist net. Hy lit Stromberg stjerrend efter en giet op 'e siik nei Amasova. Earst treft er Jaws, en der folget op 'e nij in gefjocht tusken de beide mannen, dat einiget as Bond in reuseftige magneet brûkt om Jaws oan syn stielene gebit op te tillen en yn it bassin fan 'e tigerhaai te smiten. Jaws wurdt de haai lykwols oermânsk en byt it bist dea. Underwilens is de oere om en mei pine yn it hert jout de kommandant fan 'e USS Wayne it befel om it fjoer op 'e Atlantis te iepenjen. Middenmank de torpedo-ynslaggen fynt en befrijt Bond Amasova, wêrnei't se tegearre yn in bolfoarmige rêdingsboat ûntkomme. Wylst de Atlantis ûndergiet, swimt de net stikken te krijen Jaws nei de kust ta.