Moonraker is in Britsk-Amerikaansk-Frânske spionaazjeskriller en science fiction-film út 1979 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Lois Chiles as Bond girl Holly Goodhead. De titel betsjut "Moannekliuwer" of "Moanneklauwer" of "Moannerikker". De film is yn namme basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming út 1955, mar eins is it senario in folslein nij ferhaal, dêr't mar in pear ploteleminten en wat nammen út 'e roman yn oernommen binne.
It ferhaal folget Bond by in ûndersyk nei de dieverij fan in space shuttle, dat him nei de smoarrike yndustrieel Hugo Drax liedt. Tegearre mei romtewittenskipster en CIA-aginte dr. Holly Goodhead folget er it spoar fan Kalifornje fia Feneesje en Rio de Janeiro nei it Amazônegebiet, dêr't Drax in geheime lansearbasis boud hat. Hy blykt fan doel te wêzen in nij superras te skeppen troch mei syn útkarden ôf te setten nei in romtestasjon yn in baan om 'e Ierde, dat er yn it djipste geheim bouwe litten hat. Dêrnei wol er de rest fan 'e minskheid útrûgje mei senuwgas.
Moonraker wie it alfde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Spy Who Loved Me. De film waard nominearre foar in Oscar en trije Saturn Awards. Fan 'e filmkritisy krige Moonraker mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in reuseftich kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie For Your Eyes Only, dat útkaam yn 1981.
Plot In space shuttle, de Moonraker, dy't troch de Feriene Steaten útliend wurdt oan it Feriene Keninkryk, wurdt ûnderweis nei Jeropa op 'e rêch fan in shuttledragerfleantúch yn 'e loft kaapt troch ûnbekenden. Dat resultearret yn it delstoarten fan it dragerfleantúch en de dea fan 'e bemanning. As tusken de wrakstikken fan it dragerfleantúch gjin spoar fan 'e space shuttle weromfûn wurde kin, wurdt de Britske ynljochtingetsjinst MI6 ynskeakele. M, de sjef fan 'e tsjinst, set syn bêste geheim agint op 'e saak: James Bond.
Wylst dyselde yn in privee-fleantúch ûnderweis is nei Londen, wurdt er oanfallen troch de piloat en de stewardess. Dy blike gear te wurkjen mei Bond syn fijân Jaws, in reuseftige hiermoardner mei in stielen gebit, dy't Bond earder befochten hat yn The Spy Who Loved Me. Bond wurdt troch Jaws út it ûnklear makke fleantúch smiten, mar oerlibbet de moardoanslach troch by syn fal de piloat oermânsk te wurden en dy syn parasjute te stellen. De piloat falt te pletter, mar Jaws, waans parasjute wegeret iepen te gean, lânet op in sirkustinte en dêrnei yn it trapezenet yn 'e tinte en komt der sa wer sûnder kleanskuorren ôf.
Nei't er oer de nije saak foarljochte is troch M en de Britske minister fan Definsje sir Frederick Gray, set Bond ôf nei de Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't de ferdwûne space shuttle makke is troch it bedriuw Drax Industries. Dat is eigendom fan 'e smoarrike en eksintrike yndustrieel Hugo Drax, dy't in folslein Frânsk château stien foar stien ôfbrekke, nei Kalifornje oerbringe en dêr wer opbouwe litten hat. Bond wurdt op 'e lofthaven fan Los Angeles ôfhelle troch Corinne Dufour, in wurknimster fan Drax Industries, dy't him yn in helikopter nei it bedriuw ta bringt. Dêr wurdt Bond gastfrij ûnthelle troch Drax, wêrnei't er in rûnlieding kriget fan astronaute en romtewittenskipster dr. Holly Goodhead, in oare wurknimster fan Drax Industries. Sadree't Bond by him wei gien is, lit Drax it masker fan fatsoen sakje en jout er syn trewant Chang opdracht om derop ta te sjen dat Bond wat oerkomt.
Dr. Goodhead hâldt en draacht har koel foar Bond oer en as se him de sintrifúzjekeamer sjen lit, dêr't astronauten training mei hegere G-krêften ûndergeane, daget se him út om soks sels te besykjen. Hoewol't dêr gjin inkele oanlieding foar bestiet, nimt Bond de útdaging oan. Chang soarget derfoar dat sawol Goodhead as de tafersjochhâlder yn 'e kontrôlekeamer fuortroppen wurde, en fiert dan de G-krêften, dêr't Bond oan bleatsteld wurdt, op oant libbensgefaarlik nivo. Bond ûntsnapt oan 'e dea troch mei in pylkjes ôffjurjend meganisme yn syn horloazje de apparatuer yn 'e gondel stikken te meitsjen.
Dy nachts sliept Bond mei Corinne Dufour en kloarket har ûnderwilens út oer Drax. Letter kringt er de wurkkeamer fan Drax binnen, dêr't Corinne, dy't him folge is, him by fersin helpt om 'e klûs te finen. Bond wit dy iepen te krijen, fotografearret de papierren dy't er dêryn oantreft en rommet alles wer op sa't it wie doe't er de wurkkeamer binnen kaam. Wat er net wit, is dat Chang it hiele barren sjoen hat. De oare deis, nei't er by in driuwjacht in nije moardoanslach op himsels feridele hat, nimt Bond ôfskie fan Drax en jout him ôf. Neitiid lit Drax Corinne by him roppe. Hy fertelt har dat er alles ôfwit fan har ferrie en ûntslacht har, wêrnei't er har deabite lit troch syn beide dobermanns.
Op basis fan 'e merknamme fan 'e glêsfabrikant Venini, dy't er op ien fan 'e dokuminten út Drax syn klûs oantroffen hat, reizget Bond nei Feneesje, dêr't er by de glêsblazerij op ûndersyk út giet. Hy treft dêr op 'e nij dr. Goodhead, dy't de boel ek liket te ûndersykjen. Neitiid, as er himsels yn in gondel troch de grêften fan Feneesje farre lit, wurdt Bond efterfolge troch in pear hiermoardners yn in motorboat. Hy ûntkomt oer lân as bliken docht dat syn gondel tarist is mei in opblaasber kjessen oan 'e ûnderkant, sadat it ek in hoovercraft is.
As er dyselde jûns weromgiet nei de glêsblazerij om fierder ûndersyk te dwaan, ûntdekt Bond dêr in geheim laboratoarium, dêr't glêzen medisynfleskes makke wurde dy't in krêftich senuwgas blike te befetsjen. As troch Bond syn tadwaan in pear laboranten sa'n fleske kneppelje litte sadat it brekt, komme se op aaklike mar relatyf flugge wize oan harren ein, wylst de proefrotten yn 'e koaien der neat fan oerkomt. As Bond it gebou wer ferlitte wol, wurdt er oanfallen troch Chang, mar nei in lang gefjocht wêrby't se almar heger klimme, smyt Bond him troch de glês-yn-leadwizerplaat fan 'e klokketoer, dat er te pletter falt.
Neitiid siket Bond Goodhead op yn har hotelkeamer, dêr't er oan 'e hân fan har (mei deadlike gadgets tariste) persoanlike besittings fêststelt dat se eins in aginte fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wêze moat dy't yn 'e organisaasje fan Drax ynfiltrearre is. Hja ferliede inoar en bringe tegearre de nacht troch, mar ier de oare moarns pykt Bond út om alaarm te slaan oer it senuwgaslaboratoarium. As er mei M, de spesjaal hjirfoar oerkommen minister Gray en de Italjaanske autoriteiten in ynfal by de glêsblazerij docht, blykt it laboratoarium lykwols yn 'e tuskentiid folslein fuorthelle te wêzen. It selskip wurdt ynstee opwachte troch Drax sels, en minister Gray hat gjin oare kar as om wiidweidich syn ûntskuldigings oan 'e sakeman oan te bieden. Hy is not amused oer dizze gong fan saken en oarderet M om Bond fan 'e saak te heljen en mei ferlof te stjoeren.
M moat wol dwaan wat him opdroegen wurdt, mar hy jout Bond yn bedutsen bewurdings te kennen om syn ûndersyk ûnderwilens troch te setten. Bond langet him it fleske mei senuwgas oer dat er earder út it laboratoarium mei gaudieve hie, en drukt him op it hert om Q, de kertiermaster fan MI6, ekstreme feilichheidsmaatregels nimme te litten foar't er it ûndersiket. Under it gefjocht mei Chang is Bond by ferskate kisten lâns kommen dy't klear stiene om ferstjoerd te wurden nei in bedriuw yn Rio de Janeiro, wat sadwaande syn kar wurdt as bestimming om mei 'ferlof' te gean.
Yn Rio wurdt Bond ûnthelle troch Manuela, in aginte fan 'e Brazyljaanske geheime tsjinst dy't mei him gearwurkje moat en mei wa't Bond prompt op bêd giet. Underwilens hiert Drax nei de dea fan Chang in ferfanger yn om Bond út 'e ljochten te helpen: nimmen oars as Jaws. As Bond yn Rio ûndersyk begjint te dwaan, komt dyselde him al rillegau op it spoar. Jûns let, ûnder it Karnaval fan Rio, as Bond by it bedriuw ynbrekt dêr't de kisten yn Feneesje oan adressearre wiene, komt Jaws Manuela oer it mad. Hy fermoardet har op in hier nei, mar kin syn plan earst net trochsette fanwegen passearjende feestgongers en letter om't Bond weromkomt en Manuela rêdt.
De oare deis giet Bond nei de top fan 'e Sûkerbôleberch, dêr't er mei in fierrekiker it fleanfjild yn 'e rekket hâldt as der oan 'e rinnende bân frachtfleantugen fan Drax Industries opstiigje. Op 'e berch komt er Goodhead wer tsjin, dy't dêr om deselde reden is. Hja beslute no om mar gear te wurkjen, om't se inoar oars dochs mar foar de fuotten rinne. As se wer omleech nei de stêd geane, wurde se op 'e gondelbaan it slachtoffer fan in nije oanslach fan Jaws. Dy witte Bond en Goodhead wûnderwol te oerlibjen, mar fuort neitiid wurde se finzen nommen troch oare trewanten fan Drax. Underwilens stoart de gondel fan Jaws del, mar hy oerlibbet it debakel op 'e nij sûnder neamenswurdige ferwûnings. In lytseftige jonge frou, Dolly, helpt him út 'e brokstikken te klimmen, en foar har beiden is it leafde op it earste gesicht as se inoar sjogge.
Bond en Goodhead wurde yn in 'ambulânse' laden en meinommen, en Bond wit as iennichste te ûntsnappen. Hy bejout him nei it pleatslike haadkertier fan MI6, dat de dekmantel fan in kleaster brûkt. Dêr heart er fan Q dat it senuwgas út it fleske út it laboratoarium raffinearre is út in seldsume orgideeësoarte dy't inkeld op in ôfhandich plak yn it oerwâld fan it Amazônegebiet foarkomt. Bond fart mei in oanpaste speedboat de sydrivier fan 'e Amazône yn dy krite op, dêr't er al rillegau oanfallen wurdt troch Jaws en oare trewanten fan Drax, dy't har eigen speedboaten hawwe. As se him op in reuseftige wetterfal ta driuwe, ûntkomt er mei in hangglider troch de loft, wylst Jaws by fersin oer de wetterfal fart.
Nei't er net fier dêrôf yn it tropysk reinwâld delkommen is, ûntdekt Bond de geheime basis fan Drax, dêr't er nei binnen lokke wurdt troch ien fan Drax syn froulike trewanten. Hja smite him yn in poel dêr't er oanfallen wurdt troch in reuseftige anakonda, mar Bond wit it gefjocht mei it bist te winnen. As er neitiid wer op it drûge kladderet, wurdt er finzen nommen troch Drax en de net stikken te krijen Jaws, dy't ek de fal oer de râne fan 'e wetterfal sûnder skeadlike effekten trochstien hat. Neitiid is Bond der tsjûge fan hoe't fjouwer Moonraker-space shuttles lansearre wurde. Op syn fraach wêrom't Drax de oandacht op himsels fêstige hat troch in space shuttle te ferkeapjen oan 'e Amerikaanske oerheid en it ding dêrnei werom te stellen, antwurdet Drax dat er ferlet hat fan seis space shuttles, en dat yn ien fan syn eigen in produksjeflater slûpt wie dy't him ûnbrûkber makke.
Drax werienet Bond mei dr. Goodhead en bewissiget harren derfan dat se in plak op 'e earste rang hawwe sille as er sels mei de Moonraker 5 ôfset. It docht bliken dat se finzen set wurde ûnder it lansearplatfoarm, sadat se, as de shuttle lansearre wurdt, deabrând wurde sille troch de útlaatflammen. Sadree't se allinne litten wurde, witte Bond en Goodhead lykwols te ûntsnappen troch in ôfwetteringstunnel, en ûntkomme sa nauwerneed oan 'e dea. Dêrnei ynfiltrearje se de basis en nimme it plak yn fan 'e piloaten fan 'e Moonraker 6. De shuttle folget in koers dy't yn 't foar ynfierd is yn 'e autopiloat, sadat se sels neat hoege te dwaan. De 'fracht', dy't se ferfiere, blykt te bestean út tsientallen pearkes kreaze jonge minsken. Bond kriget der daliks in 'ark fan Noäch'-gefoel by.