Foarfallen 1799 - Napoleon grypt de macht yn Frankryk. 1880 - De Kroätyske stêd Zagreb en omkriten, yn Eastenryk-Hongarije, wurde troffen troch de swiere ierdbeving fan Zagreb. Wûnder boppe wûnder komt dêrby mar ien persoan om it libben, hoewol't tûzenen gebouwen skansearre reitsje of alhiel ferwoastge wurde. 1918 - Novimberrevolúsje, de Dútske keizer Wilhelm II treedt twongen ôf, ein fan it Dútske Keizerryk; de Dútske Republyk en de Radenrepublyk wurde útroppen. 1938 - (Reichs)kristallnacht, de earste massale geweldpleging tsjin Joaden en harren eigendommen yn nazi-Dútslân (yn de nacht fan 9 op 10 novimber). 1960 - John F. Kennedy wurdt ta presidint fan de Feriene Steaten keazen. 1991 - Yn Culham (Feriene Keninkryk) wurdt foar de erste kear stroom opwekt út kearnfúzje. 1994 - Stifting fan de Havankstichting Mateor. 2007 - In noardwesterstoarm oer de Fryslannen.

Berne 1455 - greve Jan V fan Nassau-Dillenburg († 1516) 1467 - hartoch Karel fan Gelre († 1538) 1541 - Menso Alting, Nederlânsk predikant en tsjerkeherfoarmer († 1612) 1735 - foarst Karel Willem fan Nassau-Usingen († 1803) 1735 - Sjoerd Stapert, Frysk wetterboukundige en arsjitekt († 1816) 1841 - kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk († 1910) 1899 - Klaas Norel, Frysk berneboekeskriuwer († 1971) 1907 - Uldrik Bottema, Frysk taalaktivist († 1986) 1915 - Klaas Posthumus, Frysk keatser († 1987) 1918 - Spiro Agnew, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten († 1996) 1941 - Sjoerd de Vries, Frysk skilder en tekener († 2020) 1974 - Bridget Maasland, Nederlânsk presintatrise en aktrise 1984 - Silvia Nooij, Nederlânsk fuotbalster († 2017) 1995 - Daniel Naroditsky, Amerikaansk skaakgrutmaster († 2025)

Ferstoarn 1629 - Sixtinus Amama, Frysk heechlearaar Easterske talen (* 1593) 1677 - Aernout van der Neer, Nederlânsk keunstskilder (* 1603) 1777 - Boelardus Augustinus fan Boelens, Frysk dichter (* 1722) 1937 - Ramsay MacDonald, premier fan it Feriene Keninkryk, (* 1866) 1953 - Abdûlazyz ibn Saûd, stifter en kening fan Saûdy-Araabje (* 1876) 1953 - Dylan Thomas, Welsk dichter (* 1914) 1970 - Charles de Gaulle, presidint fan Frankryk (* 1890) 1981 - Henry Potez, Frânsk fleantúchfabrikant (* 1891) 1986 - Henry Russell, Amerikaansk atleet (* 1904) 1989 - André Kloos, Nederlânsk fakbûnslieder, politikus en bestjoerder (* 1922) 1990 - Dora Söderberg, Sweedsk aktrise (* 1899) 1992 - Allert Nanne Duintjer, Nederlânsk notaris en bestjoerder (* 1905) 2002 - Jan Hulsker, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1907) 2008 - Anton Huiskes, Nederlânsk hurdrider en reedrydtrener (* 1928) 2012 - Will van Kralingen, Nederlânsk aktrise (* 1951) 2017 - John Hillerman, Amerikaansk akteur (* 1932) 2017 - Shyla Stylez, Kanadeesk pornoaktrise (* 1982) 2017 - Hans Vermeulen, Nederlânsk sjonger, komponist, produsint en muzikant (* 1947)

Kategory:Datum 09