11 novimber is Sint Marten, de nammedei fan Martinus fan Toers. Tradisjoneel geane bern jûns biddeljend by de doarren lâns, wêrby't se in ferske sjonge yn ruil foar snobbersguod.
Foarfallen 1889 - Washington wurdt in steat fan 'e Feriene Steaten. 1918 - Der komt in ein oan 'e aktive fijannichheden fan 'e Earste Wrâldoarloch troch it tekenjen fan 'e Wapenstilstân fan 1918 yn in treinwagon yn Compiègne, benoarden Parys. 1954 - The Two Towers, it twadde diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy wurdt publisearre. 2004 - Troch de Lândei fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein wurdt it Friisk Gesäts oannommen, in wet dy't de rjochten fan 'e Fryske minderheid yn Noard-Fryslân en op Hilgelân beskermje moat.
Berne 1155 - kening Alfûns VIII fan Kastylje († 1214) 1220 - greve Alfûns fan Poitiers († 1271) 1523 - Joachim Hoppers, Frysk jurist en rjochtsgelearde († 1576) 1821 - Feodor Dostojevski, Russysk skriuwer († 1881) 1871 - Broer Doekeles Dykstra, Frysk-Amerikaansk útjouwer, predikant en publisist († 1955) 1882 - kening Gustaaf VI Adolf fan Sweden († 1973) 1898 - René Clair, Frânsk filmregisseur en skriuwer († 1981) 1903 - Age van der Zee, Frysk heechljepper († 1982) 1903 - Hermanni Pihlajamäki, Finsk wrakselder († 1982) 1915 - Feite de Jager, Frysk keatser († 2007) 1919 - Jan Murk de Vries, Frysk keunstskilder en glêzenier († 2015) 1922 - Kurt Vonnegut, Amerikaansk skriuwer en skilder († 2007) 1924 - Harry Kuitert, Nederlânsk teolooch, etikus en predikant († 2017) 1938 - Ants Antson, Estysk reedrider († 2015) 1941 - Meindert Bijlsma, Frysk taalaktivist, mei-oprjochter fan Operaesje Fers 1945 - Daniel Ortega, presidint fan Nikaragûa 1953 - Wiebe van der Zee, Frysk keunstskilder 1956 - Jan Douwe Kroeske, Nederlânsk discjockey en presintator 1962 - Demi Moore, Amerikaansk aktrise 1964 - Philip McKeon, Amerikaansk akteur († 2019) 1964 - Ron van den Hout, Nederlânsk biskop 1966 - Benedicta Boccoli, Italjaansk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise 1975 - Cassandra Wilde, Hongaarsk pornoaktrise 1983 - Candy Manson, Amerikaansk pornoaktrise († 2022) 1985 - Elske DeWall, Frysk sjongster 1988 - Hein Otterspeer, Nederlânsk reedrider 1990 - Ms Damn, Amerikaansk hiphopmodel 1992 - Iris Kroes, Frysk sjongster en harpspylster
Ferstoarn 1605 - Doeke fan Martena, Frysk frijheidsstrider (* 1530) 1733 - Willem Adriaan van der Stel, Nederlânsk koloniaal bestjoerder (* 1664) 1855 - Søren Kierkegaard, Deensk filosoof (* 1813) 1861 - kening Piter V fan Portegal (* 1837) 1903 - Tsjeppe Earn (Pretty Eagle), opperhaad fan 'e Krieën (* 1846) 1925 - Teatse Eeltsje Holtrop, Frysk skriuwer en oersetter (* 1865) 1992 - Earle Meadows, Amerikaansk heechljepper (* 1913) 1996 - Haye Thomas, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer (* 1936) 2000 - Hugo Pos, Surinaamsk jurist, skriuwer en dichter (* 1913) 2004 - Hendrik Kuipers, Frysk bestjoerder (* 1913) 2004 - Jasser Arafat, Presidint fan Palestina (* 1929) 2008 - María Elena Marqués, Meksikaansk aktrise (* 1926) 2016 - Robert Vaughn, Amerikaansk akteur (* 1932) 2019 - Ilse Starkenburg, Nederlânsk skriuwster (* 1963) 2022 - Keith Levene, Ingelsk gitarist (* 1957)
Kategory:Datum 11