Foarfallen 1855 - David Livingstone ûntdekt de Victoriawetterfallen. 1869 - Yn Egypte wurdt it Suezkanaal iepene 1947 - De transistor wurdt útfûn troch John Bardeen, Walter Brattain en William Shockley. Se krigen hjir yn 1956 de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar útrikt. 1970 - Douglas Engelbart krijt oktroai op de mûs. 1970 - De Lunokhod 1 lannet op de Moanne. It is de earste op ôfstân bestjoerde robot dy't op in oar himellichem lannet. 1988 - Sûnt healwei trijen middeis is Nederlân ferbûn mei Ynternet, as twadde lân op de wrâld. De goede kontakten fan Piet Beertema hawwe hjiryn in grutte rol spile. 2003 - De Japanske magneettrein Maglev hellet by in ûnbemanne testrit in rekordsnelheid fan 560 kilometer yn it oere.
Berne 1587 - Joost van den Vondel, Nederlânsk dichter en toanielskriuwer († 1679) 1627 - foarst Jehan George II fan Anhalt-Dessau († 1693) 1695 - Barthold Douma fan Burmania, Nederlânsk steatsman en ambassadeur († 1766) 1737 - Johannes Henricus Nieuwold, Frysk teolooch en ûnderwizer († 1812) 1765 - Jacques MacDonald, Frânsk generaal († 1840) 1823 - Sybrand Witteveen, Frysk politikus († 1893) 1887 - Bernard Montgomery, Ingelsk fjildmaarskalk († 1976) 1894 - Eelco Nicolaas van Kleffens, Frysk diplomaat en politikus († 1983) 1905 - Antal Kocsis, Hongaarsk bokser († 1994) 1906 - Hugh Edwards, Ingelsk roeier († 1972) 1913 - Marten van der Hem, Frysk keatser († 1993) 1921 - Fré Meis, Nederlânsk fakbûnslieder en politikus († 1992) 1923 - Dirk Reitsma, Nederlânsk politikus († 1999) 1935 - Judith Boer, Frysk byldzjend keunstner († 2013) 1938 - Gordon Lightfoot, Kanadeesk muzikant († 2023)
Ferstoarn 375 - keizer Falentianus I fan it Romeinske Ryk (Falentinianus de Grutte) (* 321) 1494 - Giovanni Pico della Mirandola, Italjaansk filosoof (* 1463) 1525 - Eleönoara fan Viseu, keninginne-gemalinne fan Portegal (* 1458) 1592 - kening Jehan III fan Sweden (* 1537) 1713 - Abraham van Riebeeck, Nederlânsk koloniaal bestjoerder (* 1653) 1970 - Douwe Wijbrands, Frysk wrakseler (* 1884) 2001 - Cristiaan Frederik Jan Antonides, Nederlânsk dûmny en publisist (* 1924)
Kategory:Datum 17