Foarfallen 1407 - Troch de moard op Loadewyk, de hartoch fan Orléans, troch de manju fan Jan sûnder Eangst brekt yn Frankryk in boargeroarloch út. 1654 - Blaise Pascal hat bysûndere metafysyske ûnderfining. 1890 - Troch de dea fan kening Willem III sûnder manlike opfolgers komt der in ein oan de keppeling fan Lúksemboarch en Nederlân. 1946 - De Fjetnamoarloch wurdt begûn troch Frankryk, dy begjint mei it bombardearen fan de havenstêd Haiphong (Tonkin) mei Frânske oarlochsskippen. 1947 - Yn de Bell Labs yn Amearika wurdt de earste transistor útfûn. John Bardeen, Walter Brattain en William Shockley krigen hjirfoar yn 1956 de Nobelpriis foar de Natuerkunde útrikt 2007 - Akwadukt Jeltesleat iepensteld

Berne 1221 - kening Alfûns X fan Kastylje († 1284) 1837 - Johannes Diderik van der Waals, Nederlânsk natuerkundige († 1923) 1859 - Billy the Kid, Amerikaansk bandyt († 1881) 1888 - Harpo Marx, Amerikaansk komyk en akteur († 1964) 1896 - Jan Roos, Frysk strjitartyst († 1979) 1912 - Lieuwe Brolsma, Frysk skriuwer († 1976) 1917 - Roel Bergsma, Frysk ûnderwizer, dammer en revuskriuwer († 1988) 1922 - Joan Fuster, Falinsiaansk skriuwer († 1992) 1926 - Frans Hoekstra, Frysk politikus († 1983) 1926 - R.L. Burnside, Amerikaansk muzikant († 2005) 1931 - Jan J. Bijlsma, Frysk skriuwer/dichter en ûnderwizer († 2021) 1938 - Wiebe Pitlo, Frysk boargemaster († 2025) 1957 - Annet Malherbe, Nederlânsk aktrise 1971 - Simone Weimans, Nederlânsk nijslêzeresse 1972 - Veronica Avluv, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1829 - Obe Sikkes Bangma, Frysk wis- en seefeartkundige (* 1768) 1840 - Thijs Feenstra, Frysk politikus en keapman (* 1766) 1890 - kening Willem III fan de Nederlannen (* 1817) 1953 - Reinder Brolsma, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1882) 1970 - Giancarlo Cornaggia-Medici, Italjaansk skermer (* 1904) 1987 - Bechtold Eugen von Bernstorff, Dútsk greve (* 1902) 1990 - Roald Dahl, Welsk skriuwer (* 1916) 1990 - Renate Rubinstein, Nederlânsk skriuwster en kollumniste (* 1929) 1991 - Klaus Kinski, Dútsk akteur (* 1926) 2000 - Rayner Unwin, Ingelsk útjouwer (* 1925) 2002 - Boudewijn Büch, Nederlânsk skriuwer (* 1948) 2004 - Johannes Swierstra, Frysk yngenieur en bestjoerder (* 1920 2016 - Andrew Sachs, Dútsk-Britsk akteur (* 1930) 2021 - Sikke Sikkema, Frysk keatser (* 1941)

Kategory:Datum 23