Foarfallen 1520 - Trije skippen ûnder lieding fan de Portugeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand Magellaan berikke de Stille Oseaan. 1912 - Albaanje, sûnt de 15e iuw part fan Turkije, ropt de ûnôfhinklikens út. 1963 - Cape Canaveral, de romtefeartbasis yn Florida, wurdt omneamd ta Cape Kennedy. 1964 - Lansearring fan Mariner 4, it earste romtefartúch dat lâns Mars fljocht. 1967 - Untdekking fan de earste pulsar, troch Jocelyn Bell. 2000 - It Nederlânske parlemint stimt yn mei in wetsfoarstel om eutanasy te legalisearjen; Nederlân is dêrmei it earste lân yn de wrâld dêr't help by selsdeading ûnder bepaalde betingsten net mear strafber is. 2000 - Achtste drip falt yn it pikdripeksperimint.
Berne 1704 - Jacob Mossel, Nederlânsk koloniaal bestjoerder († 1761) 1757 - William Blake, Ingelsk skriuwer, dichter, tekener, keunstskilder en graveur († 1827) 1811 - kening Maksimiliaan II fan Beieren († 1864) 1820 - Friedrich Engels, Dútsk sosjalistysk filosoof en tegearre mei Karl Marx de grûnlizzer fan it kommunisme († 1895) 1880 - Aleksander Blok, Russysk dichter († 1921) 1880 - Marinus van Meel, Nederlânsk fleander en fleantúchbouwer († 1958) 1892 - Jan Oppedijk, Frysk politikus († 1985) 1902 - Anne Porte, Frysk byldzjend keunstner († 1984) 1908 - Claude Lévi-Strauss, Frânsk antropolooch († 2009) 1913 - Hugo Pos, Surinaamsk jurist, skriuwer en dichter († 2000) 1916 - Guy Lapébie, Frânsk hurdfytser († 2010) 1923 - Teake Hoekema, Frysk heechlearaar († 2003) 1924 - G.W.S. Barrow, Skotsk skiedkundige († 2013) 1931 - Rinus Ferdinandusse, Nederlânsk skriuwer († 2022) 1957 - Jan van Friesland, Frysk sjoernalist en programmamakker thumb|right|120px|Keninginne Wilhelmina yn 1909.
Ferstoarn 1290 - Eleönoara fan Kastylje, keninginne-gemalinne fan Ingelân (* 1241) 1551 - Worp fan Ropta, Frysk politikus (* 1504) 1602 - Gemme fan Burmania, Frysk politikus (* ±1523) 1627 - Ernst fan Aylva, Frysk politikus (* 1555) 1962 - keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen (* 1880) 1966 - Mariap fan Urk, Nederlânsk dichteres (* 1898) 1974 - El-Sayed Nosseir, Egyptysk gewichtheffer (* 1905) 2004 - Anne Koopmans, Frysk skriuwer (* 1933) 2007 - Boeli van Leeuwen, Nederlânsk-Antiljaansk skriuwer en dichter (* 1922) 2009 - Tryntsje van der Zee, Frysk oersetster (* 1940) 2010 - Leslie Nielsen, Amerikaansk-Kanadeesk akteur (* 1926) 2013 - Piter Wibertus Brouwer, Frysk oersetter (* 1925) 2015 - Yoka Berretty, Nederlânsk aktrise en sjongster (* 1928) 2020 - David Prowse, Ingelsk akteur en gewichtheffer (* 1935) 2021 - Frank Williams, Ingelsk Formule 1 teambaas (* 1942) 2022 - Clarence Gilyard jr., Amerikaansk akteur (* 1955)
Kategory:Datum 28