thumb|250px|Amon Amarth Reload Festival 2017 Amon Amarth is in Sweedske vikingmetalband yn 1992 ûntstien út de band "Scum".

Muzyk Amon Amarth basearret it grutste part fan syn sjongteksten op Noardske mytology, de Wytsingetiid, en de foar-kristlike tiid, dy't tematysk in metal-styl omfetsje, bekend as vikingmetal. Vikingmetal ûntstie oarspronklik yn 'e lette 1980'er jierren en iere 1990'er jierren fan út de blackmetal, populêr makke troch bands lykas Bathory en Enslaved. hoewol't Amon Amarth, in deathmetalband is, wurdt harren muzyk faaks markearre as vikingmetal fanwegen syn tema's yn de teksten.

Skiednis Tusken 1992 en 1997 brocht Amon Amarth inkele demo's en mini-cd's út. Yn 1998 tekene hja in kontrakt by "Metal Blade" dy't harren debútalbum "Once Sent from the Golden Hall" op 10 febrewaris 1998 útbrocht. Gitarist Anders Hansson ferliet de band en waardt ferfongen troch Johan Soderberg. Nei in toernee yn datselde jier ferliet drummer Martin Lopez om by Opeth spyljen te gean, en hy waard ferfongen troch Fredrik Andersson. Yn 1999 kaam it twadde album fan Amon Amarth út "The Avenger". Nei sân albums ferliet drummer Fredrik Andersson de band. It album "Jomsviking" dat yn maart 2016 útkaam, waard opnaam mei help fan sessydrummer Tobias Gustafsson. Septimber datselde jier presentearre de band Jocke Wallgren as harren nije drummer.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Once Sent from the Golden Hall10 febrewaris 1998Metal BladeThe Avenger2 novimber 1999The Crusher8 maaie 2001Masters of War Versus the World18 novimber 2002Fate of Norns7 septimber 2004 With Oden on Our Side3 oktober 2006Twilight of the Thunder God30 septimber 2008Guardians of Asgaard (mei Lars-Göran Petrov)Surtur Rising29 maart 2011War of the GodsDeceiver of the Gods25 juny 2013Warriors of the NorthJomsviking25 maart 2016Death in Fire 2016,First Kill,At Dawn's First LightBerserker3 maaie 2019Raven's Flight,Crack the SkyThe Great Heathen Army5 augustus 2022Get in the Ring,The Great Heathen Army

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opHymns to the Rising Sun8 septimber 2010

Kategory:Sweedske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1992