Q is yn 'e James Bond-filmsearje de koadenamme fan 'e kertiermaster (Ingelsk: quartermaster, dêrfandinne "Q") fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6. Likemin as by M, it haad fan MI6, is dizze oantsjutting persoanspesifyk; ynstee giet er fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Q stiet oan it haad fan 'e (fiktive) research and development-ôfdieling fan MI6 dy't Q Branch hjit, en it is sadwaande syn taak om geheim agint James Bond ta te rissen mei nije útfinings en technologyske snufkes dy't him by steat stelle syn misjes ta in goede ein te bringen.

Untstean en ynspiraasje It personaazje Q spilet gjin rol yn 'e oarspronklike James Bond-romans fan Ian Fleming, hoewol't der wol ferskate kearen nei him en syn ôfdieling ferwiisd wurdt. Sa wurdt yn 'e roman Casino Royale tsjin Bond sein: "Freegje Q mar om alle gereid dêr'tst ferlet fan hast", en yn Diamonds Are Forever: "Dêr giet Q Branch oer." Charles Fraser-Smith, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch it Britske Special Operation Executive (SOE) tariste mei nije útfinings, wurdt rûnom beskôge as de ynspiraasjeboarne foar Q en de Q Branch.

Yn 'e earste James Bond-film komt in personaazje foar dat majoar Boothroyd hjit en dat Bond fan in nij pistoal foarsjocht. Senarioskriuwer Richard Maibaum wurke dat personaazje foar de ferfolchfilm From Russia with Love (1963) út ta Q. Under ynfloed fan 'e ferfilmings waard Q letter wol opnommen yn 'e autorisearre James Bond-romans fan Christopher Wood, John Gardner en Raymond Benson.

Foarkommen It personaazje Q komt foar yn alle James Bond-films fan Eon Productions útsein Dr. No, Live and Let Die, Casino Royale (2006) en Quantum of Solace. Q kaam ek foar yn twa films dy't net fan Eon wiene: Casino Royale (1967) en Never Say Never Again. De Welske akteur Desmond Llewelyn spile de rol yn alle Eon-films (behalven Live and Let Die) fan 1963 oant syn ferstjerren yn 1999. Hy rekke sa mei de rol ferklibbe dat it neitiid dreech wie om him te ferfangen. Dat waard oplost troch syn opfolger, komyk John Cleese, al foar de dea fan Llewelyn te yntrodusearjen as R, de assistint fan Q. Yn 'e James Bond-romans fan John Gardner waard mei Ann Reilly de earste froulike Q yntrodusearre, dy't fan Bond fuortendaliks de bynamme "Q'ute" kriget (cute, mei deselde útspraak, betsjut "skattich" yn it Ingelsk).

Spilers jierren film akteur films fan Eon Productions 1962 Dr. No n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1963 – 1971 From Russia with Love Desmond Llewelyn Goldfinger Thunderball You Only Live Twice On Her Majesty's Secret Service Diamonds Are Forever 1973 Live and Let Die n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1974 – 1999 The Man with the Golden Gun Desmond Llewelyn The Spy Who Loved Me Moonraker For Your Eyes Only Octopussy A View to a Kill The Living Daylights Licence to Kill GoldenEye Tomorrow Never Dies The World Is Not Enough 1999 – 2002 The World Is Not Enough (as R) John Cleese Die Another Day 2006 – 2008 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt) Quantum of Solace 2012 – 2021 Skyfall Ben Whishaw Spectre No Time to Die films fan oare studio's 1954 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1967 Casino Royale Geoffrey Bayldon 1983 Never Say Never Again Alec McCowen

Kategory:Fiktyf wittenskipper Kategory:Fiktyf útfiner Kategory:Fiktyf Ingelsk persoan Kategory:Personaazje út de James Bond-searje Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1963