Vader is in Poalske deathmetalband dy't yn 1983 oprjochten is yn de Poalske stêd Olsztyn. De bandnamme is ynspirearre op Darth Vader út de Star Wars filmsearje.

Skiednis Vader waard foarme yn 1983, itselde jier as de alderearste deathmetal -pioniers Possessed en Death. Mar it duorre mar leafst njoggen jier foardat Vader syn offisjele debútalbum "The Ultimate Incantation" útbrocht. Yn 1998 wie Vader de earste band út it eardere eastblok dy't in platekontrakt tekene by in westersk label (metal blade). Yn maart 2005 ferliet drummer Docent fanwegen dranksucht. Syn plak yn de band waard ynnaam troch Daray. Fiif moanne letter ferstoar Docent ûnferwachts ta gefolch fan in hertynfarkt. Yn 2020 kaam harren tolfde studio-album út. In 2008 waard drummer Daray de nije drummer fan de Noarske blackmetalband Dimmu Borgir, mar hie syn bandmaten dêr net fan op de hichte brocht. Die moasten it op it ynternet fernimme krekt foar har 25 jierrich jubileum optredens. Der waard besluten net mei Daray as drummer fierder te gean, mar fertelden dat pas nei de optredens oan de band dat hja op syk gongen nei in oare drummer om't se de sfear fan it jubileum net ferpeste woene. Dy waard fûn yn Paul dy't op syn bar yn 2011 út de band stapte om famyljeredens. In nije drummer waard fûn yn de Ingelske drummer James stewart dy't oerkaam fan de band Divine Chaos. Vader hat op alle trije de grutte Fryske metalfestivals spiele, Wâldrock 2007, Dokk'em Open Air 2011 en yn 2014 stiene hja op it poadium fan Into the Grave, op it aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Muzyk Vader begûn as in heavy metalband, en gie úteinlik fia thrashmetal oer nei speedmetal, en ûntwikkele him yn 'e lette 1980's ta in deathmetalband. Har teksten binne ynspirearre op ûnderwerpen lykas religy, oarloch en gauris ek de wurken fan skriuwers as Howard Phillips Lovecraft en Friedrich Nietzsche.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) The Ultimate Incantation16 novimber 1992EaracheDe Profundis5 septimber 1995Metal MindAn Act of DarknessBlack to the Blind13 oktober 1997System ShockCarnal / Black to the BlindLitany22 maart 2000Metal BladeXeper / NorthRevelations22 maaie 2002Angel of Death (Thin Lizzy cover)The Beast8 septimber 2004Beware the BeastImpressions in Blood23 augustus 2006MysticNecropolis21 augustus 2009Nuclear BlastWe Are The HordeWelcome to the Morbid Reich12 augustus 2011Come And See My SacrificeTibi Et Igni30 maaie 2014Where Angels WeepThe Empire4 novimber 2016Solitude in Madness1 maaie 2020

Live-albums Album Utbrocht op Label The Darkest Age: Live '9327 july 1994System ShockLive in Japan30 desimber 1998System Shock

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opReborn in Chaos1996

Kategory:Poalske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1983