Felix Leiter is yn 'e James Bond-romansearje fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming en de dêrop basearre James Bond-filmsearje in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Hy hat in weromkearende rol yn ferskaten fan 'e boeken en films. Leiter wurdt ôfskildere as in kompetint geheim agint en in goede freon fan 'e Britske spion James Bond.
Ynspiraasje Felix Leiter ferskynde foar it earst yn 'e alderearste James Bond-roman, Casino Royale, út 1953. De foarnamme Felix ûntliende skriuwer Ian Fleming oan 'e middelnamme fan syn freon Ivar Bryce, en de efternamme Leiter kaam fan syn freondinne Marion Oates Leiter Charles.
Felix Leiter yn 'e James Bond-romans Yn syn boeken beskriuwt Fleming Felix Leiter as in meagere, lange, blonde man, dy't yn 'e roman Casino Royale likernôch 35 jier is. Hy is in kompetint geheim agint foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA en ûntjout him ta goede freon en weardefolle bûnsgenoat fan 'e haadpersoan James Bond. Yn 'e roman Live and Let Die ferliest Leiter by in haaie-oanfal in earm en in skonk. Yn Diamonds Are Forever keart er lykwols werom mei in heak en in skonkproteze. Om't er nei it ferlies fan syn pistoalhân net mear aktyf foar de CIA wurkje kin, hat er him as privee-detektive by it Pinkerton Detective Agency jûn. Letter wurdt er troch de CIA dochs wer oproppen om yn Goldfinger, Thunderball en The Man with the Golden Gun fannijs mei Bond gear te wurkjen.
Felix Leiter yn 'e James Bond-films Yn 'e earste James Bond-ferfilming, de Amerikaanske tillefyzjefilm Casino Royale, út 1954, waard Felix Leiter omfoarme ta in Britske geheim agint dy't Clarence Leiter hiet. Yn 'e lettere James Bond-filmsearje fan filmstudio Eon Productions komt it personaazje fan Leiter gauris foar, mar wurdt it hieltyd troch oare akteurs spile. Yn 'e net-kanonnike film Never Say Never Again, út 1983, waard der foar it earst in negroïde man fan makke.
Spilers jierren film akteur films fan Eon Productions 1962 Dr. No Jack Lord 1963 From Russia with Love n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1964 Goldfinger Cec Linder 1965 Thunderball Rik Van Nutter 1967 – 1969 You Only Live Twice n.f.t. (personaazje ûntbrekt) On Her Majesty's Secret Service 1971 Diamonds Are Forever Norman Burton 1973 Live and Let Die David Hedison 1974 – 1985 The Man with the Golden Gun n.f.t. (personaazje ûntbrekt) The Spy Who Loved Me Moonraker For Your Eyes Only Octopussy A View to a Kill 1987 The Living Daylights John Terry 1989 Licence to Kill David Hedison 1995 – 2002 GoldenEye n.f.t. (personaazje ûntbrekt) Tomorrow Never Dies The World Is Not Enough Die Another Day 2006 – 2008 Casino Royale Jeffrey Wright Quantum of Solace 2012 – 2015 Skyfall n.f.t. (personaazje ûntbrekt) Spectre 2021 No Time to Die Jeffrey Wright films fan oare studio's 1954 Casino Royale Michael Pate (as Britsk geheim agint Clarence Leiter) 1967 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt) 1983 Never Say Never Again Bernie Casey
Kategory:Fiktyf geheim agint Kategory:Fiktyf detektive Kategory:Fiktyf Amerikaansk persoan Kategory:Personaazje út de James Bond-searje Kategory:Fiktyf personaazje yntrodusearre yn 1953