Baldrs Draumar is in Fryske folkmetalband út Noardeast-Fryslân. De teksten fan Baldrs Draumar geane oer it âlde Fryslân en de Noardske mytology. De band is neamd nei de noardske god Baldr dy't de soan is fan de oppergod Weda. Yn 2019 brochten hja harren fjirde album Magnus út yn kombinaasje mei in stripboek, tekene troch striptekener Skelte Siweris Braaksma. It fyfde album Njord folge yn 2022.

Drummer Dondervuyscht wie fan maaie 2022 oant oktober 2023 wethâlder yn de gemeente Noardeast-Fryslân.Aant Jelle Soepboer rtv NOF, 30-9-2023, Aant Jelle Soepboer na herfstvakantie weg als wethouder in Noardeast-Fryslân Begjin desimber 2023 waard de drummer beëdige as twadde keamerlid. tweedekamer.nl Aant Jelle Soepboer

Albums Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Forfedres fortellinger 25 novimber 2011 útbrocht yn eigen behearAldgillissoan 18 april 2015Fan Fryslâns ferline7 oktober 2017Magnus23 novimber 2019Njord19 novimber 2022

Kategory:Fryske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2008