Niedernhausen is in gemeente yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. De gemeente leit yn it natoerpark Rhein-Taunus en grinzget oan Wiesbaden.
Likernôch 60% fan 'e gemeente bestiet út bosk, wylst sa'n 25% fan 'e gemeentegrûn agrarysk brûkt wurdt.
It grutste plak fan 'e gemeente is Niedernhausen, dêr't mear as de helte fan alle ynwenners fan 'e gemeente wenje.
Yndieling De gemeente telt seis ferskillende plakken, oant 1977 selstannige gemeenten: Engenhahn, Königshofen, Niedernhausen, Niederseelbach, Oberjosbach en Oberseelbach.
Ortsteil Ynwennertal (stân: 30.06.2017) Niedernhausen (kearn) 7.532 Oberjosbach 1.913 Niederseelbach 1.471 Königshofen 1.799 Engenhahn 1.368 Oberseelbach 612
Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Gemeente yn Hessen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977