Eppstein is in stêd yn 'e Súdhessyske Main-Taunus-Kreis, Dútslân. It gemeentehûs fan Eppstein stiet yn it stedsdiel Vockenhausen.

Geografy De stêd Eppstein leit west fan Frankfurt am Main en likernôch 15 kilometer noardeast fan Wiesbaden.

Yndieling Op 1 jannewaris 1977 fusearre de stêd Eppstein mei de oant doe selsstannige gemeenten Bremthal, Ehlhalten en Vockenhausen. Niederjosbach wie al earder yn 1971 by Bremthal yndield en waard sa ek op 1 jannewaris 1977 by Eppstein yndield.

Sûnt bestiet Eppstein út fiif stedsdielen: Eppstein, Bremthal, Ehlhalten, Niederjosbach en Vockenhausen. Elts stedsdiel bestiet út in Ortsbezirk mei in advysried en in boargemaster.

It besjen wurdich ruïne Boarch Eppstein histoaryske binnenstêd Eppstein de neogoatyske Sint-Laurentiustsjerke de letgoatyske protestantske tsjerke fan Eppstein

Kategory:Gemeente yn Hessen Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977