Taunusstein is in gemeente yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It gemeentehûs stiet yn it stedsdiel Hahn.
Skiednis De stêd Taunusstein ûnstie yn it ramt fan 'e weryndielingen yn Hessen op 1 oktober 1971 troch de gearfoeging fan 'e oant doe selstannige gemeenten Bleidenstadt, Hahn, Neuhof, Seitzenhahn, Watzhahn en Wehen. Sûnt dy tiid mei Taunusstein himsels stêd neame. Op 1 july 1972 waarden de gemeenten Hambach, Niederlibbach, Orlen en Wingsbach by Taunusstein yndield.
Yndieling Taunusstein bestiet út tsien stedsdielen:
Stedsdiel Ynwennertal (stân: augustus 2024) Bleidenstadt8070 Hahn7760 Wehen7342 Neuhof3673 Seitzenhahn1302 Orlen 1192 Wingsbach765 Niederlibbach528 Hambach382 Watzhahn278 Meiïnoar 31.292
It besjen wurdich Eardere kleaster mei tsjerke fan Bleidenberch De eartiidske kleastertsjerke en hjoeddeiske katolike parochytsjerke Sint-Ferrutius hat in heechgoatysk tabernakel fan sânstien, in doopfont út 1696, in letbarokke Madonna en in barok oargel. Yn 'e toer hingje klokken út 1309 en 1411.
De protestantske tsjerke fan Bleidenberch thumb|left|Sint-Piter op de Berch De hjoeddeiske protestantske Sint-Piter op de Berch (St. Peter auf dem Berg) fan Bleidenberch wie oant 1530 in katolike parochytsjerke. It is it âldste stiennen monumint fan it stedsdiel. It ûnderste diel fan 'e toer is romaansk.
Museum Yn 1995 waard it Stadtmuseum Taunusstein iepene yn it kastiel fan Wehen. De klam leit op de wat jongere skiednis fan 'e regio, lykas foar, yn en nei de Twadde Wrâldkriich en útstallings oer de tiid fan 'e earste helte fan 'e 20e iuw. Dêrnjonken foarmje de útstallings yn 'e rige "Kunst im Schloss" mei hjoeddeiske keunst út de regio en dêrbûten in wichtich tema fan it museum.
Protestantske tsjerke fan Wehen thumb|left|Slot Wehen. De tsjerke waard yn 1810-1812 boud mei stiennen fan 'e âlde stedsmuorre en poarte. It histoaryske oargel is ien fan 'e seldsume oargels fan Heinrich Voigd, dy't yn orizjinele steat bewarre binne. It waard yn 1890 boud foar de âld-katolike parochy fan Wiesbaden en yn 1899 oankocht troch Wehen. Yn oktober 1999 waard it oargel yn 'e oarspronklike steat werom brocht.
Zugmantel Castellum Zugmantel wie in romeinsk castellum, dat ûnderdiel foarme fan 'e Obergermanische Limes, sûnt 2005 UNESCO-wrâlderfgoed.
Kategory:Plak yn Hessen Kategory:Gemeente yn Hessen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1971