Foarfallen 1576 - Undertekening fan 'e Pasifikaasje fan Gint (ek wol bekend as de 'Earste Uny'), de ûnderlinge frede tusken de noardlike en súdlike gewesten fan 'e Nederlannen. 1658 - De Fryske floatfâd en seeheld Tsjerk Hiddes de Vries nimt diel oan 'e Slach yn de Sont (29 oktober Alde Styl), wêrby't de Steatske en Deenske floaten de Sweedske marine ferslane. 1885 - Iepening fan it lêste part fan it spoar fan Ljouwert nei Starum. 1889 - Montana wurdt as 41e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1895 - De Dútske natuerkundige Wilhelm Röntgen ûntdekt de röntgenstraling. 1941 - Yn 'e nacht fan 7 op 8 novimber stoart yn it sompige lân by Soarremoarre in Wellington-bommesmiter del. 1954 - Oprjochting fan 'e Feriening Ald Harns. 1963 - De earste feemerk wurdt holden yn 'e Fryslânhal yn Ljouwert. 2003 - De 100e side fan 'e Fryske Wikipedy wurdt skreaun: Gysbert Japiks. 2007 - Foar it earst sûnt de iepening wurdt de Maeslantkearing yn de Nije Wetterwei sletten fanwege in stoarmfloed. 2013 - De Tyfoan Haiyan, ien fan de swierste tyfoans sûnt it begjin fan 'e meteorologyske waarnimmings, raast oer de Filipinen en rjochtet dêr grutte skea, wêrby't teminsten 10.000 minsken de dea fine. 2016 - By de Amerikaanske presidintsferkiezings wurdt de Demokratyske kandidate Hillary Clinton ûnferwachts ferslein troch har Republikeinske tsjinstanner Donald Trump.

Berne 1622 - kening Karel X Gustaaf fan Sweden († 1660) 1656 - Edmond Halley, Ingelsk astronoom († 1742) 1840 - George Hugh Bourne, Ingelsk hymneskriuwer en predikant († 1925) 1847 - Bram Stoker, Iersk skriuwer († 1912) 1875 - Qiu Jin, Sineesk dichteresse en revolúsjonêr († 1907) 1878 - Epeus van Humalda van Eysinga, Frysk keunstskilder, tekener en grafikus († 1958) 1884 - Hermann Rorschach, Switsersk psycholooch († 1922) 1898 - Katharine Mary Briggs, Ingelsk folklorist († 1980) 1904 - Jean Lesieur, Frânsk siler († 1943) 1908 - Martha Gellhorn, Amerikaansk skriuwster († 1998) 1909 - Shabban Shahab-ud-Din, Yndiaask hockeyer († 1983) 1910 - Austin Clapp, Amerikaansk swimmer en wetterpoloër († 1971) 1911 - Imre Rajczy, Hongaarsk skermer († 1978) 1914 - Richard L. Coe, Amerikaansk teäter- en filmkritikus († 1995) 1923 - Lenze Meinsma, Frysk dokter en bestjoerder († 2008) 1935 - Alain Delon, Frânsk akteur († 2024) 1938 - Hilly Harms, Frysk aktrise († 2025) 1946 - Guus Hiddink, Nederlânsk fuotbaltrener 1948 - Fred Newhouse, Amerikaansk atleet († 2025) 1952 - Jan Raas, Nederlânsk hurdfytser en ploechbaas 1968 - Olof van der Meulen, Frysk follyballer 1968 - Zara Whites, Nederlânsk pornoaktrise 1972 - Erica Everest, Amerikaansk neakenmodel 1972 - Gretchen Mol, Amerikaansk aktrise 1973 - Mafalda, Frânsk pornoaktrise 1974 - Annette Barlo, Nederlânsk aktrise 1977 - Marloes Bolman, Frysk roeier

Ferstoarn 1226 - kening Loadewyk VIII fan Frankryk (* 1187) 1325 - Wizlaw III fan Rügen, lêste Slavyske foarst fan Rügen (* 1265 of 1268) 1538 - Keimpe fan Martena, Frysk skiedkundige en jurist (* ±1487) (mooglik stjerjier; de stjerdatum is wol wis) 1658 - Witte de With, Nederlânsk admiraal en seeheld (* 1599) 1674 - John Milton, Ingelsk dichter (* 1608) 1675 - Allaert van Everdingen, Nederlânsk keunstskilder (* 1617) 1694 - Ulrich Huber, Frysk rjochtsgelearde en filosoof (* 1636) 1831 - Sipko Basseleur Frysk jurist en politikus (* 1746) 1887 - Doc Holliday, Amerikaansk gokker en revolverman (* 1851) 1920 - Abraham Kuyper, Nederlâns teolooch en politikus (* 1837) 1922 - Hendrik Douwes Lemstra, Frysk keatser (* 1898) 1939 - Engel Molenaar, Flylânsk ûnderwizer en publisist (* 1868) 1945 - August von Mackensen, Dútsk militêr (* 1849) 1969 - Harry Mallin, Ingelsk bokser (* 1892) 1975 - Charles Kieffer, Amerikaansk roeier (* 1910) 1992 - Kees Broekman, Nederlânsk hurdrider (* 1927) 1999 - Leon Štukelj, Sloveensk turner (* 1898) 2002 - Fie Werkman, Nederlânsk keunstner (* 1915) 2006 - Annette Rogers, Amerikaansk atlete (* 1913) 2016 - Helga Ruebsamen, Nederlânsk auteur (* 1934) 2017 - Els Perdok, Skiermûntseager wurdboekgearstalster en dichteresse (* 1925) 2020 - Alex Trebek, Kanadeesk-Amerikaansk kwismaster (* 1940) 2022 - Pierre Kartner, Nederlânsk sjonger (* 1935) 2022 - Dan McCafferty, Skotsk sjonger (* 1946)

Kategory:Datum 08