Zeltingen-Rachtig is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak falt ûnder de lânkring Bernkastel-Wittlich. De gemeente bestiet út de twa Ortsteile Zeltingen en Rachtig, dy't alletwa oan 'e rjochter kant fan 'e Mûzel lizze. Zeltingen-Rachtig hat likernôch 2.250 ynwenners.

Zeltingen-Rachtig makket diel út fan 'e ferbânsgemeente Bernkastel-Kues.

Tusken Zeltingen-Rachtig en Ürzig leit de yn 2019 iepene 158 meter hege Hochmoselbrücke.

thumb|500px|left|Panorama Zeltingen-Rachtig (2010), doe noch sûnder de Hochmoselbrücke.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts