thumb|Keunstwurk fan in reade bolle op it syrkwy De Red Bull Ring is in Eastenryksk sirkwy foar sawol autosport as motorsport yn Spielberg, Stiermarken.
It sirkwy waard yn 1969 boud en krige as namme de Österreichring. Fanôf 1970 oant en mei 1987 waard de Grutte Priis fan Eastenryk hjir hâlden. Yn 1995, waard it sirkwy ferboud en ynkoarte en krige de nij namme: A1 Ring. En fan 1997 oant 2003 waarden der wer Formule 1 wedstriden hâlden op it sirkwy. Mar nei 2003 waard it sirkwy sletten en foar in diel sloopt. Dietrich Mateschitz, ien fan de eigners fan Red Bull, kocht it sirkwy op en yn 2011 waard it dochs wer iepene en krige it syn hjoeddeiske namme Red Bull Ring.
Red Bull Kategory:Bouwurk út 1969 Kategory:Bouwurk yn Eastenryk