De Schoonoord is in rûne, stienen bultmûne yn Alverna yn 'e provinsje Gelderlân. De mûne waard yn 1887 boud en hat in flecht fan 24,40 meter.
Beskriuwing De mûne stiet op it plak fan in standermûne, dy't troch brân ferneatige waard en is oarspronklik út Zieuwent ôfkomstich.Ryksmonuminten, oproppen 23 septimber 2021 Ek de hjoeddeiske bultmûne waard twaris troch brân skansearre, nammentlik yn 1890 en 1941.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de mûne brûkt om boadskippen oan it ferset troch te jaan.
Restauraasjes fûnen plak yn 1965 en 1987. Alhoewol't de mûne net mear wurke, bleau de mûne draaifeardich.
Yn 2003 ûnstie der brân yn in oanbuorjend autobedriuw. De skea dy't doe oan 'e mûne ûntstie waard yn 2005-2006 wer yn oarder makke. Sûnt dy tiid draait de mûne ek út en troch. It binnenwurk út 1887 is noch oanwêzich en it is noch jimmeroan mooglik om mei de mûne te meallen.
Keppeling om utens Molendatabase (mei oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne) Allemolens.nl (ôfbylden) Fer. De Hollânske Mûne
Kategory:Alverna Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk yn Wijchen Kategory:Mole yn Gelderlân Kategory:Ryksmonumint yn Gelderlân Kategory:Bouwurk út 1887 Kategory:Bultmole