Aube is in departemint yn Frankryk yn de regio Grutte Easten (Grand Est).

Skiednis

Aube is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en foarme is út de eardere provinsje Sjampanje. Fan 1960 oant 2015 makke Aube diel út fan de regio Sjampanje-Ardinnen, dy't yn 2016 yn de regio Grutte Easten opgyng.

Namme De namme fan it departemint is ûntliend oan de rivier de Aube.

Geografy It departemint falt ûnder de regio Grutte Easten (Grand Est). Yn it noarden grinzget it departemint oan de Marne, yn it easten oan Haut-Marne, yn it súdeasten oan Côte-d'Or, yn it súdwesten oan Yonne en yn it westen Seine-et-Marne.

Bestjoerlike yndieling It departemint Aube is ûnder te ferdielen yn 3 arrondisseminten, 17 kantons en 431 gemeenten.

Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Bar-sur-Aube 28.651 1.242,60 23 3 108 Nogent-sur-Seine 53.907 1.251,22 43 4 80 Troyes 227.462 3.528,43 227 14 243 Departemint Nord 310.020 6.022,25 431 17 431

Stêden

Stêden Ynwennertal 2018 Arrondissemint Troyes 61.996 Troyes Romilly-sur-Seine 14.328 Nogent-sur-Seine La Chapelle-Saint-Luc 11.913 Troyes Saint-André-les-Vergers 12.581 Troyes Sainte-Savine 10.409 Troyes Saint-Julien-les-Villas 6.801 Troyes Nogent-sur-Seine 5.987 Nogent-sur-Seine Bar-sur-Aube 4.844 Bar-sur-Aube

Ekonomy It departemint Aube hat it grutste Europeeske areaal dêr't himp ferboud wurdt. In grut diel fan de likernôch 5.000 hektare leit yn de eardere regio Sjampanje-Ardenne.

Keppeling om utens

Kategory:Grutte Easten Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790