De protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae) foarmje in famylje yn de boppefamylje fan de Muscicapoidea yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). It binne lytse ta middelgrutte fûgels (16 ta 45 cm). It binne gjin bysûnder melodieuze sjongers, mar se kinne wol poerbêst de sang fan oare fûgels, en soms sels de minsklike stim neidwaan. Se binne ynsekte- en fruchte-iters en faak allesiters. Fan de likernôch 123 soarten fan de famylje hearre de measte yn Afrika en Aazje thús. Yn Jeropa komme allinnich de (gewoane) protter, de rôze protter en de swarte protter foar, yn Nederlân allinnich de gewoane protter.

Klassifikaasje De skaaien en soarten yn de famylje fan de protterfûgels binne:

Famylje: protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae) Skaai: Afrikaanske boskprotters (Poeoptera), 3 soarten yn Afrika Skaai: Afrikaanske boskglânsprotters (Hylopsar), 2 soarten yn Afrika Skaai: ametiststaren (Cinnyricinclus), 1 soarte yn Afrika Skaai: Aziatyske glânsprotters Agropsar, 2 soarten yn E-Aazje Skaai: Balyprotters (Leucopsar), 1 soarte yn Baly Skaai: beo's (Gracula), 5 soarten yn SE-Aazje Skaai: eksterprotters (Gracupica), 4 soarten yn S- en SE-Aazje Skaai: Filipynske keningsprotters (Goodfellowia), 1 soarte yn de Filipinen Skaai: gielkopstaren (Ampeliceps), 1 soarte yn SE-Aazje Skaai: glânsstaren - (Lamprotornis), 23 soarten yn Afrika, dêrûnder: Skaai: kealkopprotters (Sarcops), 1 soarte yn de Filipinen Skaai: keningsprotters (Basilornis), 3 soarten yn E-Yndoneezje Skaai: klaubekstaren (Onychognathus), 11 soarten yn Afrika, dêrûnder: readwjukstaar (Onychognathus morio) Somalyske staar (Onychognathus blythii) Tristramstaar (Onychognathus tristrami) Skaai: krûpstaren (Rhabdornis), 4 soarten yn de Filipinen Skaai: langsturtmaina’s (Streptocitta), 2 soarten yn Selebes Skaai: lelprotters (Creatophora), 1 soarte yn Afrika Skaai: Madagaskarprotters (Hartlaubius), 1 soarte yn Madagaskar Skaai: maina's (Acridotheres), 10 soarten yn S- en SE-Aazje grutte maina (Acridotheres grandis) toefmaina (Acridotheres cristatellus) Javaanske maina (Acridotheres javanicus) fealbûkmaina (Acridotheres cinereus) oerwâldmaina (Acridotheres fuscus) wytkraachmaina (Acridotheres albocinctus) wâlmaina (Acridotheres ginginianus) treurmaina (Acridotheres tristis) swartwjukmaina (Acridotheres melanopterus) Birmamaina (Acridotheres burmannicus) Skaai: moarmerprotters (Saroglossa), 1 soarte yn Yndia Skaai: poarperprotters (Aplonis), 21 libbene soarten yn E-Yndoneezje, Austraalje en Oseaanje, 1 soarte yn SE-Aazje Skaai: protters Sturnus, 2 soarten yn Jeropa en W-Aazje Skaai: reade wynbrauprotters (Enodes), 1 soarte yn Selebes Skaai: readstútstaren (Scissirostrum), 1 soarte yn Selebes Skaai: reuzemaina's (Mino), 3 soarten yn Nij-Guineä Skaai: rôze protters (Pastor), 1 soarte yn SE-Jeropa en W-Aazje Skaai: spegelprotters (Speculipastor), 1 soarte yn Afrika Skaai: skiere protters Spodiopsar, 2 soarten yn Aazje Skaai: Srylankaanske staren (Sturnornis), 1 soarte yn Sry Lanka Skaai: Súdeastaziatyske protters Sturnia, 5 soarten yn S- en SE-Aazje Skaai: swartbúkprotters (Notopholia), 1 soarte yn Afrika Skaai: wytkraachprotters (Grafisia), 1 soarte yn Afrika Skaai: wytwjukprotters (Neocichla), 1 soarte yn Afrika

Keppeling om utens IOC World Bird List, version 11.2, July 2021

Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Moskeftige