De Remigiustsjerke (Frânsk: Église Saint-Rémi) is in parochytsjerke yn it sintrum fan 'e Frânske stêd Amiens. De tsjerke is sûnt 2001 in histoarysk monumint.

Skiednis De hjoeddeiske tsjerke waard tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw yn neogoatyske styl boud en ferfong de âlde Remigiustsjerke, dy't net fier fan 'e katedraal stie. Yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje waard dy tsjerke sletten en dêrnei as nasjonaal eigendom ferkocht en ôfbrutsen. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard wat fierderop in nije tsjerke boud, op it plak fan 'e âlde kleastertsjerke fan 'e observanten.

De nije Remigiustsjerke waard ûnder tafersjoch fan 'e pastoar Louis Eugene Debeaumont (1818-1891) boud en is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Paul Delefortrie.

De bou sette yn 1889 útein, mar waard al yn 1891 fanwegen de hege kosten ûnderbrutsen, sadat allinne it koer en it dwersskip boud waarden. It oargel waard yn 1900 yn gebrûk nommen. thumb|left|De tsjerke nei it bombarbemint yn 'e Earste Wrâldkriich. De tsjerke rekke yn de Earste Wrâldkriich troch kriichsgeweld skeind. Nei de Earste Wrâldkriich boude arsjitekt Pierre Ansart de sakristy. Yn 2001 waard de tsjerke klassifisearre as histoarysk monumint.

It bisdom hat de tsjerke yn gebrûk jûn oan 'e Poalske katolike mienskip fan Amiens. Oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke grinzgje de resten fan 'e eardere kleastertsjerke.

Ynterieur De brânskildere ramen yn 'e apsis fertelle it ferhaal fan Sint-Remigius. De ramen yn it trifoarium behannelje de skiednis fan 'e kleasteroarder. De tolve apostels, de Trije-ienheid en de Jongfaam wurde ôfbylde op 'e hege ramen. De ramen binne nei de Earste Wrâldkriich restaurearre.

Yn 'e tsjerke stiet ek in monumintaal grêfmonumint fan Nicolas de Lannoy en Magdelaine de Mutterel. Oarspronklik stie it monumint yn it koer fan 'e eardere kleastertsjerke. It barokke grêfmonumint waard yn 1631 boud troch Nicolas Blasset.

Ut de foargonger fan 'e tsjerke binne ek noch in pear reliëfs, in skilderij en in relikwarium bewarre bleaun.

Oargel It oargel waard yn 1900 troch Salomon van Bever boud. Dêrby brûkte hy âlder materiaal fan it oargel út 'e eardere kleastertsjerke, in ynstrumint út 1842. Ek de oargelkas stamt fan it âlde oargel fan 'e foargonger fan 'e hjoeddeiske Remigiustsjerke.

Kategory:Amiens Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1891 Kategory:Bouwurk yn Opper-Frankryk