Roeien is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.
Klassen Der binne fjouwer klassen dêr't yn roeid wurdt, en yn eltse klasse geane de wedstriden oer ien kilometer.
Oanpassingen fan de roeiboat De romp fan de roeiboat is identyk oan de roeiboat foar it reguliere roeien. De roeiboaten binne oanpast oan de beheining fan de roeier. Der binne gjin spesifikaasjes oan de stoel útsein dat de LTA4+ (de fjouwer-mei) in glydzjende stoel hat en de oare trije in fêste stoel. De stoel yn de TA 2x (dûbeld twa) jout in oanfoljende ûnderstiping, wylst de skiffs in folsleine ûnderstiping jouwe as de roeier dit nedich hat om it boppeliif yn in fiksearre posysje te hâlden.
Guon boaten kinne ekstra stabilisearing hawwe om foar in bettere balâns te soargjen.
Skiednis Roeien stiet sûnt de Spullen fan 2008 yn Peking, Sina op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen.
Keppeling om utens Roeien op de side fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee Klassifikaasjesysteem FISA