Victot-Pontfol wie oant 2025 in Frânske gemeente yn it departemint Calvados yn 'e regio Normandje. Victot-Pontfol leit 18 kilometer fan Lisieux en 24 kilometer fan Caen. De gemeente Victot-Pontfol fusearre op 1 jannewaris 2025 mei de gemeente Gerrots ta de gemeente Victot-en-Auge.
Skiednis De eardere gemeente ûntstie yn 1858 troch de gearfoeging fan Victot (120 ynwenners yn 1856), Les Authieux-sur-Corbon (57 ynwenners) en Pontfol (114 ynwenners). Victot-Pontfol leit yn it Pays d'Auge.
Befolkingsûntwikkeling
Jier196219681975198219901999200620152018 Ynwennertal 180 150 161 139 132 123 126 115 98
Monuminten Parochytsjerke Sint-Dionysius (Église Saint-Denis), 19e-iuwsk, mei romaanske muorredielen. Kastiel fan Victot mei kapel. Sint-Martinuskapel fan Pontfol (Chapelle Saint-Martin de Pontfol), restant fan 'e yn 'e 19e iuw ferneatige tsjerke fan Pontfol.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Calvados Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1858 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2025