The Lord of the Rings: The Return of the King is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2003 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: De Weromkear fan 'e Kening". De film is basearre op it boek The Return of the King. It is it trêde en ôfslutende diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. As sadanich is de film it ferfolch op The Lord of the Rings: The Two Towers, út 2002.

It ferhaal folget de leden fan it Selskip fan 'e Ring no't de einstriid om it lot fan Midierde útbrutsen is. De hobbits Frodo en Sam begjinne oan it lêste part fan harren drege reis nei it deadske lân Mordor om dêr de Iene Ring fan 'e kweageast Sauron te ferneatigjen troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Dêrby binne se twongen om te betrouwen op 'e help fan it ferriedlike wêzen Gollum. De tsjoender Gandalf nimt de hobbit Pippin mei nei it lân Gondor, dat him tariedt op 'e kommende oarloch. De fjirde hobbit, Merry, jout him tegearre mei frouwe Éowyn temûk by it leger fan Rohan dat Gondor te help komt. Underwilens moatte Aragorn, de ôfstammeling fan 'e keningen fan Gondor by âlds, en syn maten, de elf Legolas en de dwerch Gimli, in ôfgryslik paad gean om in kâns op 'e oerwinning te hawwen.

The Lord of the Rings: The Return of the King waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films ea makke. Yn 'e bioskopen brocht de film mear as in miljard dollar op, wêrmei't it doe de op ien nei meast opbringende film aller tiden wie. The Lord of the Rings: The Return of the King wûn alve Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), fjouwer Golden Globes, twa Grammy Awards, in Hugo Award, in Nebula Award, in Screen Actors Guild Award, fiif BAFTA's, acht Saturn Awards, in Satellite Award, trije Empire Awards en ferskate oare prizen.

Plot In prolooch lit twa hobbits sjen, de neven Sméagol en Déagol, dy't op in stil stikje fan 'e rivier de Anduin oan it angelfiskjen binne. As Déagol troch in mânske fisk út harren boatsje skuord wurdt, fynt er op 'e boaiem fan 'e rivier de Iene Ring. Sadree't er it sieraad sjocht, wurdt it ferstân fan Sméagol dertroch fongen. De beide neven reitsje slaande deilis om 'e ring en Sméagol smoart Déagol oant er dea is. Ferballe as in moardner troch syn mienskip lûkt er him werom yn 'e Diisbergen, dêr't er de folgjende iuwen tahâldt yn 'e grotten, wylst de magyske ynfloed fan 'e Ring him in ûnnatuerlik lang libben skinkt, mar tagelyk syn lichem en geast ferwringt oant er ta in karikatuer fan himsels wurden is. Sa ûntstiet it wêzen Gollum.

Fiifhûndert en sânensantich jier nei't Sméagol syn neef de Iene Ring ûntnadere hat, is de Oarloch fan 'e Ring yn folle gong (sjoch foar wat foarôf gie: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring en The Lord of the Rings: The Two Towers). Nei harren oerwinning yn 'e Slach om Helmsdjip liedt de tsjoender Gandalf syn trije reismaten, de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli, en ek kening Théoden fan Rohan nei it troch de inten ferrinnewearre Isengard. Dêr sit harren fijân, de ferrieder Saruman, no finzen yn syn eigen toer, de Orthanc, dy't bewekke wurdt troch de inten (in soarte fan beameftige reuzen). Oan harren lieder, Beamburd, draacht Gandalf de taak op om derfoar te soargjen dat Saruman net ûntsnapt om foar nije swierrichheden te soargjen. Yn Isengard wurde Gandalf-en-dy weriene mei harren freonen, de hobbits Pippin en Merry, sûnder wa har bemuoienis de inten der nea ta kommen wiene om Isengard oan te fallen.

Pippin fynt ûnder wetter yn it splis steande Isengard in ljochtsjende stien, dy't Gandalf oantsjut as in palantír of sjochstien en him gau-gau ôfnimt. Nei't it selskip mei de beide hobbits weromkeard is nei it Rohander haadplak Edoras, gaudievet Pippin dy nachts de palantír mei, om't er in ûnwjersteanbere oanstriid fielt om deryn te sjen. As er dat docht, rekket er lykwols fongen yn 'e blik fan 'e kweageast Sauron, dy't de palantír fan Minas Morgul yn syn besit hat. Op Merry syn kriten om help ûntskuorre Gandalf en Aragorn de stien oan Pippin. It docht bliken dat de nijsgjirrige hobbit mear troch gelok as wiisheid gjin geheimen oan 'e Fijân priisjûn hat. Ut 'e beskriuwings fan 'e fizioenen dy't er seach ear't Sauron him te pakken krige, liedt Gandalf ôf dat de Fijân fan doel is om no in wraam te dwaan op Minas Tirith, de haadstêd fan it súdlike ryk Gondor. Om't Sauron no oerdúdlik mient dat Pippin de hobbit is dy't de Iene Ring hat, en perfoarst syn trewanten efter him oan stjoere sil, nimt Gandalf him de oare moarns mei as er ôfset nei Gondor om dat lân te warskôgjen.

Underwilens liedt Gollum de hobbit Frodo Baggins, de wiere drager fan 'e Iene Ring, en dy syn feint Samwise Gamgee ûnderweis nei it tsjustere lân Mordor roerdelings by de ferflokte stêd Minas Morgul lâns, dêr't se der tsjûge fan binne hoe't de Heksekening fan Angmar, de lieder fan 'e njoggen Nazgûl of Ringsjammen, in leger oarken dêr't suver gjin ein oan liket te kommen yn 'e rjochting fan Gondor liedt. Gollum liedt de hobbits nei in geheime treppen dy't úthoud is yn it klif fan 'e Skaadbergen, dat by Minas Morgul suver fertikaal omheech giet. Dagenlang klimme se almar heger, wylst Gollum oanhâldend besiket Frodo op te stokeljen tsjin 'e trouwe Sam. Dêrby makket er handich gebrûk fan it wantrouwen en de jaloerskens dy't de ring Frodo ynjout. Sam hat gjin ferwar tsjin dy glûpske kampanje, en it slagget him net om Frodo oan it ferstân te bringen dat Gollum fan doel is om him te fermoardzjen. As er boppedat kear op kear syn selsbehearsking ferliest en Gollum mei de fûsten te liif giet, makket dat allinne mar dat de ynskunings fan it wêzen Frodo noch wierder talykje. Uteinlik rekket Frodo derfan oertsjûge dat Sam de ring foar himsels opeaskje wol, dat hy betanket Sam foar syn tsjinsten en stjoert him nei hûs.

As Gandalf en Pippin yn Minas Tirith arrivearje, docht bliken dat de grutske steedhâlder fan Gondor, Denethor, wegeret om 'e beakens op 'e berchtoppen oan te stekken dy't it teken binne fan in fersyk om help oan Rohan, dat al iuwenlang de bûnsgenoat fan Gondor is. Denethor is de heit fan sawol de sneuvele Boromir, in eardere reismaat fan Gandalf-en-dy, as Faramir, dy't Frodo en Sam yn Ithilien troffen hawwe. Gandalf stjoert Pippin út om nei it beaken boppe-op de sitadel fan Minas Tirith te klimmen, dat der temûk oanstekt. Mei dat earste sinjaal kin de needoprop net mear tsjinkeard wurde, mei't ien foar ien de beakens oanstutsen wurde yn in lange rige by de bergen lâns nei it noarden, oant it lêste út Edoras wei te sjen is. As him dat berjocht brocht wurdt, beslút kening Théoden, dy't earder noch wrok tsjin Gondor koestere om't it him net te help kommen wie yn 'e striid tsjin Saruman, om dochs syn leger te meunsterjen en nei it suden ta ôf te setten. Merry wurdt as hobbit te lyts achte om meifjochtsje te kinnen, en Théoden hjit him efter te bliuwen yn Rohan. De frouwe Éowyn, lykwols, de omkesizzer fan Théoden, dy't it ek ferbean is en riidt út ta de striid, hat in wapenris oan dien en in gesichtsbedekkende helm op set om har temûk by it leger te jaan; en sy set Merry foar har yn it seal.

Fier nei it noarden ta is ûnderwilens de elvinne Arwen Undómiel, de dochter fan Elrond fan Rivendell, dy't har hert oan Aragorn fersein hat, ûnderweis nei de Grize Havens om skip te gean nei de Unstjerlike Lannen yn it Uterste Westen, dêr't alle elven op 't langelêst hinne geane as se net troch geweld of ûngemak komme te ferstjerren. Hja hat har troch har heit beprate litten dat Aragorn syn dea temjitte riidt. Mar ienris op 'en paad kriget hja in fizioen fan Eldarion, de soan dy't út har houlik mei Aragorn berne wurde kinne soe, en se betinkt har en keart om. Werom yn Rivendell jout se ta ôfgriis fan Elrond har ûnstjerlikens op om mei Aragorn te libjen en te stjerren. Se bepraat har heit om Narsil, it Swurd dat Brutsen Wie, it wapen fan Aragorn syn foarfaar Elendil wêrmei't dy syn soan Isildur by de lêste oarloch tsjin Sauron dyselde de finger mei de Iene Ring ôfhoude, wer op 'e nij te smeien. Neitiid reizget Elrond yn momkape nei Rohan ta om it swurd, dat no Andúril hjit, de Flam fan it Westen, persoanlik by Aragorn te bringen. Hy fertelt dêrby ek oer de kar dy't Arwen makke hat.

Op rie fan Gandalf en Elrond beslút Aragorn dan net mei it Rohander leger nei Gondor te riden, mar ynstee in oare wei nei it suden te nimmen: de Deadene Paden ûnder de bergen troch, dêr't nimmen fan weromkeart. Legolas en Gimli geane mei him. De Rohirrim binne derfan oertsjûge dat se harren dea yn 'e mjitte ride, mei't de tunnels ûnder de bergen troch bewekke wurde fan 'e deaden, dy't gjin inkele libbene op harren gerjochtichheid talitte. Frouwe Éowyn, dy't fereale rekke is op Aragorn, besiket him syn plan dan ek te ûntpraten, mar hy seit tsjin har dat er har net jaan kin wat se siket. Under de bergen wurde Aragorn-en-dy yndie besingele fan 'e deaden, dat de spûken binne fan lang lyn ferstoarne eedbrekkers. Hja wiene fazallen fan Elendil, en wiene him lienmanstrou ferskuldige, mar yn 'e foargeande oarloch tsjin Sauron wegeren hja tsjin dyselde mei te fjochtsjen, om't harren folk Sauron iuwenlang as god fereare hiene. Foar it brekken fan harren eed waarden se ferflokt ta dizze foarm fan ûndea oant se in oare wize fûnen om oan 'e eed te foldwaan. Op 'e lieder fan 'e spûken, dy't de Kening fan 'e Deaden neamd wurdt, hawwe gewoane wapens gjin fet, mar it swurd Andúril wol. Aragorn, dy't him troch it besit fan dat swurd bekendmakket as de rjochtlike erfgenamt fan Elendil, ropt de spûken op harren eed einlings en te'n lêsten te folbringen en him te folgjen nei de oarloch yn Gondor.

It leger oarken út Minas Morgul berikt de ruïnestêd Osgiliath, oan wjerskanten fan 'e Anduin, dêr't se mei boaten oerstekke en it Gondoreeske garnizoen oan 'e westkant fan 'e rivier oerweldigje. Faramir, dy't dêr it befel fiert, is twongen om him mei de restanten fan syn troepen werom te lûken yn 'e rjochting fan Minas Tirith. Dêrby wurde se oanhâldend út 'e loft wei oanfallen troch de Ringsjammen, dy't op wjukte meunsters fleane. Gandalf riidt út Minas Tirith út om 'e Ringsjammen te ferdriuwen en de Gondoreeske troepen yn feilichheid te bringen. Underwilens tsjocht in mânsk leger út 'e lannen fan Harad, yn it suden, op om him by de oarken te jaan, wylst de float fan 'e kapers fan Umbar de mûning fan 'e Anduin opfart om him ek by it leger fan Mordor te foegjen.

Steedhâlder Denethor, dy't rouwet om 'e dea fan syn leaflingssoan Boromir en tagelyk tsjin syn oare soan Faramir wrokket om't dy noch wol libbet, jout Faramir oarder ta in sinleaze wraam op it no troch de oarken besette Osgiliath. Faramir fiert dat befel út, mar de oanfal rint út op in bloedbad, wêrby't al syn mannen omkomme. Inkeld Faramir sels keart libben, sij it swierferwûne, nei Minas Tirith werom, om't er dêrhinne sleept wurdt troch syn hynder oan syn foet dy't fêstsit yn 'e stiichbûgel. Neitiid beseft Denethor pas dat er ek fan Faramir hâldt. Hy ferfalt ta sljochtsinnigens, en de ferdigening fan 'e stêd komt yn 'e hannen fan Gandalf. Derfan oertsjûge dat der gjin oerwinning op Sauron mooglik is, beslút Denethor it tiidstip fan syn eigen dea en dy fan Faramir sels te kiezen. Hy lit foar harren kremaasje in brânsteapel oanlizze, dy't er trochweakket mei oalje. Pippin, dy't om 'e nocht besocht hat him tsjin te hâlden, hellet Gandalf derby, en tegearre rêde se Faramir fan 'e flammen. Denethor springt baarnend as in toartse syn dea temjitte fan 'e rots fan 'e sitadel.