American Pie is in Amerikaanske gross-out-komeedzje-jeugdfilm út 1999 ûnder rezjy fan Paul Weitz en Chris Weitz, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Chris Klein en Thomas Ian Nicholas. It ferhaal giet oer in fjouwertal jonges dy't yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle sitte en obsedearre reitsje troch it idee dat se foar de ein fan it skoaljier foar it earst seks hawwe moatte. De bizarre plannen dy't se betinke om dat te berikken, jouwe oanlieding ta hiel wat hilariteit.
De titel fan 'e film is ûntliend oan it liet mei deselde namme en betsjut "Amerikaanske [apel]taart". Yn 'e film ferwiist it nei in sêne wêryn't ien fan 'e jonges trappearre wurdt as er masturbearret mei in apeltaart nei't immen him ferteld hat dat it fingerjen fan in famke oanfielt as "waarme apeltaart".
Hoewol't American Pie fan 'e filmkritisy mingde resinsjes krige, groeide de film yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses, dat oanlieding joech ta it ûntstean fan 'e filmsearje American Pie. It folgjende diel, American Pie 2, kaam út 2001. De film American Pie hie in ûnbidige ynfloed op 'e Amerikaanske (en dêrmei de Westerske) popkultuer en wie bgl. feranwurdlik foar it yntrodusearjen fan 'e term "milf" yn it deistich taalgebrûk.
Plot Yn it (fiktive) plak East Great Falls, yn it súdwesten fan Neder-Michigan, sitte fjouwer freonen yn it eksamenjier fan 'e middelbere skoalle op 'e East Great Falls High School. Jim Levenstein is in bleue jonge dy't net wit hoe't er mei famkes prate moat. (Dat syn heit Noah him allegeduerigen goedbedoelde mar alderferskuorrendst ûnnoflike advizen oer seksualiteit besiket te jaan, helpt net echt.) Chris "Oz" Ostreicher is in sportiveling, dy't lid is fan it lacrosseteam fan 'e skoalle. Kevin Myers is de gewoanste fan 'e groep. Hy hat in faam, de tsjeppe blonde Vicky Lathum, mei wa't er graach op bêd wol. Sy twifelet lykwols en hy wit net krekt hoe't er har safier krije kin sûnder har by him wei te driuwen. Paul Finch, ta einbeslút, is in boekige jonge en wat in singelier type, mei't er besiket himsels oerkomme te litten as in ferfine leafhawwer fan 'e hegere kultuer.
De fjouwer freonen binne allegear noch faam en sjogge langjend út nei de earste kear dat se seksuele omgong hawwe sille mei in famke. Op in jûn geane se nei in feest dat holden wurdt yn in filla oan 'e igge fan 'e Michiganmar, dy't eigendom is fan 'e famylje fan harren klasgenoat Steve Stifler. Dyselde is in lûdroftige narder dy't noch mear as de fjouwer freonen allinne mar oan seks tinkt, mar oars as harren al mei ferskate famkes op bêd west hat en gjin kâns foarby gean lit om harren dat yn te wriuwen. Op it feest sjogge twa oare klasgenoaten, de ûnôfskiedlike Justin en John, in foto oan 'e wand hingjen fan 'e kreaze mem fan Stifler, dy't se betitelje as in milf. Jim, Oz, Kevin en Finch geane mei grutte plannen nei it feest ta, mar dy rinne allegear op 'e non. As se harren nerdige klasgenoat Chuck Sherman, dy't himsels de 'Sherminator' neamt (in ferwizing nei de Terminator), de oare moarns mei in famke út ien fan 'e sliepkeamers kommen sjogge en foar it ferstân krije dat sels dy sukkel al seks hân hat, slute se mei syn fjouweren in ferbûn om foar de ein fan it skoaljier harren fammesteat kwyt te reitsjen.
Jim kriget fan Kevin en Oz te hearren dat de fagina fan in famke by it fingerjen oanfielt as "waarme apeltaart". As er letter op in middei nei skoaltiid thúskomt en dêr in farsk bakte apeltaart op it oanrjocht oantreft, mei in bryfke fan syn mem derby dat se in oerke fuort is, kriget er in idee. Nei't er der earst in pear fingers yn stutsen hat, beslút er it derop te weagjen. Underwilens komt syn heit dy deis wat earder thús fan it wurk. As er de koken ynrint, treft er dêr Jim mei de broek op 'e knibbels op it oanrjocht oan wylst er him oan 'e apeltaart fergrypt.
Kevin oerspilet ûnderwilens syn hân troch te fluch te fier te gean mei Vicky en bedjert it sa by har, dat hy moat it wer goed sjen te meitsjen. Hy kriget help út ûnferwachte hoeke. Vicky har bêste freondinne Jessica kin nammentlik Vicky har gewifel en geweef oer de fraach oft se no al of net mei Kevin op bêd gean sil, net mear oanhearre, dat se leit Kevin út hoe't er it mei Vicky hawwe moat. Vicky hat noch nea in orgasme hân, en Kevin moat soargje dat se dat wol kriget. As Vicky ienris ûntdutsen hat hoe hearlik seks wêze kin, sil se gau oer har twifelriedigens hinne wêze. Kevin beseft lykwols dat er net krekt wit hoe't er syn faam in orgasme besoargje moat, want hy miende dat er Vicky by harren geflikfloai al ferskate kearen klearkomme litten hie. Dat falen goed te meitsjen is foar him al rillegau net mear inkeld in manear om har op bêd te krijen, mar ek in prinsipekwestje, om't er net de iennichste wêze wol dy't fan harren seksuele hannelings genietet.
Oz besiket earst op knoffelige wize in studinte te ferlieden, mar dy jout him de rie om tenei earst mei in famke te praten en yntelliginte fragen te stellen en in goede harker te wêzen. Nei dêr in skoft oer neiprakkesearre te hawwen, beslút Oz dat alle famkes mei wa't er ornaris omgiet, him te goed kenne om ea leauwe te sillen dat er in goede harker wêze kin. Hy ornearret lykwols dat it koar fan 'e skoalle in ûnoansprutsen reservoir fan gaadlike famkes befettet, mei't er dêr altyd mei in bôge omhinne rûn is, sadat dy neat fan him ôfwitte. Sadwaande jout er him op foar it koar, dêr't er al rillegau better yn 'e kunde komt mei Heather. Hja besiket sels ien fan 'e lacrossewedstriden fan syn team en freget him om mei har nei it lêstejiers dûnsfeest (prom) te gean, dêr't er daliks ja op seit. Oz komt lykwols yn 'e swierrichheden as Heather troch syn eigen sleauwe hâlden en dragen syn reputaasje gewaar wurdt en har útnûging weromnimt.
Underwilens besiket Jim de oandacht te lûken fan 'e kreaze Nadia, in famke út Slowakije dat fia in útwikselingsprojekt in jier op 'e East Great Falls High School sit. Syn sneue krewearjen is alhiel om 'e nocht oant Nadia him úteinlik út harsels freget oft er har ek byles jaan kin. Dy kâns grypt Jim mei beide hannen oan, mar de tiid dêr't er har op útnûget om by him thús del te kommen, is fuort nei har balletles. Se stimt dermei yn, op betingst dat se har dan earst by him thús omklaaie kin. Jim syn maten hawwe it petear folge, en Stifler komt mei it lumineuze idee om Nadia har omklaaie te litten yn Jim syn sliepkeamer, dêr't er in kompjûter mei in webcam hat. As er dy oanset en de bylden fia it ynternet trochstjoert, kinne se allegear fan Nadia meigenietsje. Jim syn oare maten liket dat skoan ta en sels Finch, dy't in haat-haat-relaasje mei Stifler ûnderhâldt, moat tajaan dit noch net sa'n raar idee is. Der is net folle foar nedich om Jim safier te krijen dat er it as in poerbêst plan begjint te beskôgjen.
Op 'e dei dat Nadia by him thús komt, lit Jim har allinne yn syn sliepkeamer en draaft dan as in gek nei Kevin syn hûs ta, dêr't se fia de oer it ynternet dêrhinne ferstjoerde bylden sjogge hoe't Nadia de klean útdocht oant se topless is. As se dan yn Jim syn nachtkastke sjocht, fynt se dêr, ta syn skrik, de neakenblêden dy't syn heit foar him kocht hie yn in wolmienend besykjen om syn soan te helpen in sûne seksualiteit te berikken troch masturbaasje. Jim is der wis fan dat Nadia no neat mear mei him te krijen hawwe wolle sil, mar ta ferheardens fan alle stikeme tasjoggers giet se langút op syn bêd lizzen en ferdwynt har iene hân yn har slipke wylst se de tydskriften trochblêdet. Jim lit him wer beprate, diskear om gau-gau nei hûs te gean en him by har te jaan. Wylst er ûnderweis nei hûs is, kriget Kevin in tillefoantsje fan in oare klasgenoat dy't him fertelt dat Jim de webcamlink by fersin oan al syn klasgenoaten ferstjoerd hat ynstee fan allinne oan Kevin en Stifler. Sûnder dat Jim it wit, folget sadwaande hast de hiele skoalle syn ferrjochtings. As er wer thúskomt en him by Nadia jout, docht bliken dat dy wol seks mei him hawwe wol, mar earst lit se him in striptease opfiere, ta hilariteit fan alle tasjoggers. As se dêrnei oan 'e seks ta binne, komt Jim oant twaris ta te betiid klear.
Oer Finch geane ûnderwilens op skoalle alderhanne geroften dy't him hommels tige populêr meitsje by de famkes. Sa soed er skepen wêze as in hynder, in stoere tatoeaazje hawwe en by slaanderij Stifler in flink wan bruien jûn hawwe. Der wurdt sels fan grute dat Finch mei Stiflers mem op bêd west hat. Uteinlik ûntdekke Finch syn maten dat er Jessica 200 dollar betelle hat om ûnder de oare famkes sokke leagens oer him te fersprieden. As Stifler troch it famke mei wa't er ôfsprutsen hat foar it lêstejiers dûnsfeest oan 'e kant set wurdt om't se leaver mei Finch dêrhinne wol, kriget hy foar it earst lucht fan alle sterke ferhalen oer Finch en syn eigen byrol dêryn. Stifler is not amused en beslút Finch werom te pakken. Dat docht er op foar him karakteristyk ûnferfine wize troch Finch syn mochaccino oan te lingjen mei laksearmiddel. Finch stiet der om bekend dat er sa'n fyske is dat er altyd nei hûs giet as er in grut boadskip weibringe moat, om't de húskes op skoalle him te smoarch binne. Diskear hat er dêr gjin tiid foar en Stifler liedt him behelpsum nei de húskes ta, wêrby't Finch pas trochkriget dat it de frouljus-wc's binne as er der al op sit. Dan giet it mâl en as er úteinlik fan it húske komt, hat Stifler derfoar soarge dat de hiele skoalle him sawat opwachtet om him út te laitsjen. Dêrnei is it dien mei de it leauwen fan 'e famkes yn 'e sterke ferhalen oer Finch.
Kevin, dy't noch altyd besiket út te finen hoe't er Vicky in orgasme besoarje moat, freget syn âldere broer Tom om help. Dyselde fertelt him dat der yn 'e bibleteek fan 'e skoalle in boek ferstoppe is, it Boek fan 'e Leafde. Dat is begûn as in boekje oer seksuele foarljochting dat in learling fan 'e East Great Falls High School jierren lyn ris mei werom nommen hat fan fakânsje yn it bûtenlân, mar it is fan hân ta hân gien en eltse lêzer hat der dingen oan tafoege, sadat it in reuseftich plakboek fol mei goerie oer seks wurden is. Kevin siket it ûnder de ûnderste boekeplanke yn in boekekast ferburgen boek op en begjint te studearjen. Underwilens hat Vicky him syn misstap ferjûn, en as se de folgjende kear oan it rotsoaien binne, slagget it Kevin om har mei de orale sekstechniken dy't yn it Boek fan 'e Leafde beskreaun binne, klearkomme te litten.
Oz besiket it wer goed te meitsjen mei Heather troch himsels as frijwilliger oan te bieden foar in duët dat mei har songen wurde moat op 'e jierlikse útfiering fan it skoalkoar. Sy byt him ta dat er dêr mar better goed foar oefenje kin, mar as se him letter yn in lege seal yndie oan it oefenjen sjocht, begjint se him te ferjaan. Der komt lykwols in kink yn 'e keabel as bliken docht dat de lêste lacrossewedstryd fan it jier op deselde dei en deselde tiid falt as de útfiering fan it koar. Oz moat sadwaande ôfsizze, ta teloarstelling fan Heather. As coach Marshall de lacrossespilers lykwols yn it earste skoft tasprekt en seit dat se dwaan moatte wat se it leafst dwaan wolle (d.w.s. lacrosse spylje), beseft Oz dat er eins it leafst wat oars dwaan wol en ferlit er halje-trawalje it fjild om him yn it auditoarium by Heather te jaan. Nei harren súksesfolle duët jout Heather ta en prate se net inkeld ôf om tegearre nei it lêstejiers dûnsfeest te gean, mar krije se ek ferkearing.