De Italo-Westlike talen foarmje yn 'e klassifikaasje fan guon taalkundigen in taalkloft binnen de Romaanske taalfamylje, dêr't de Italo-Dalmatyske en de Westromaanske groepen by ûnderbrocht wurde. De Súdromaanske en Eastromaanske talen wurde dan as aparte groepen sjoen, dy't net ta de Italo-Westlike talen rekkene wurde, mar dêrmei op ien hichte steane. Dizze yndieling is lykwols mear op politike as op taalkundige kritearia basearre, mei't de skiedsline tusken de Westromaanske en Eastromaanske talen eins dwers troch it Italjaanske taalgebiet hinne rint. __TOC__ Utlis De Romaanske talen foarmje ien fan 'e grutste subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't ek û.m. de Germaanske, Keltyske en Slavyske talen ta hearre. It ferdielen fan 'e Romaanske talen yn ûnderskate subgroepen is dreech om't dêrby taalkundige kritearia faak oantaast wurde troch politike omtinkens dy't eins neat mei taalkunde te krijen hawwe. It knyppunt is de status fan it Italjaansk. Hoewol't leken Itaalje ornaris fan 'e Switserske grins oan 'e 'Tean' fan 'e Lears ta sjogge as ien taalgebiet, rint eins de skiedsline tusken de Westromaanske en de Eastromaanske talen dwers oer it Italjaansk Skiereilân hinne.
De Italjaanske standerttaal sels, dy't fierhinne basearre is op it Toskaansk, hat alteast histoarysk mear gemien mei it Roemeensk as mei it Frânsk en it Spaansk, en heart dêrom ta de Eastromaanske talen. De dialekten út Noard-Itaalje, lykas it Lombardysk fan Milaan en it Piëmonteesk fan Turyn, hawwe lykwols mear gemien mei it Frânsk en hearre dêrom ta de Westromaanske talen. Om't in taal no ienris net ta twa ferskillende taalgroepen hearre kin, moat dat betsjutte dat Lombardysk, Piëmonteesk en de oare saneamde Gallo-Italyske taalfoarmen hielendal gjin dialekten fan it Italjaansk binne, mar selsstannige talen dy't troch histoaryske foarfallen en geografyske omstannichheden ûnder ynfloed fan it Italjaansk kommen binne te stean.
Soks is foarstanners fan 'e Italjaanske ienheid in stikel yn 'e foet. Om it hiele Italjaanske taalgebiet by ien inkele taalgroep ûnder te bringen, sadat taalfoarmen yn Itaalje fan it Sisyljaansk yn it suden oant it Lombardysk yn it noarden oantsjut wurde kinne as dialekten fan it Italjaansk, is dêrom de Italo-Westlike taalkloft betocht. Dêryn wurde de Italo-Dalmatyske talen, dy't eins mei de Balkanromaanske talen de Eastromaanske groep foarmje, oan 'e Westromaanske talen fêstkeppele. Foar dy yndieling is wat te sizzen as men poer sjocht nei de sitewaasje fan hjoed de dei. Tsjintwurdich hawwe de Italo-Dalmatyske talen foar it meastepart de mienskiplike skaaimerken ferlern dy't se oarspronklik dielden mei de Balkanromaanske talen. De measte taalkundigen binne lykwols fan tinken dat dizze yndieling histoarysk sjoen net doocht. De yndieling fan 'e Italo-Dalmatyske talen by de Eastromaanske groep is dêrom noch altyd it gongberst.
Underferdieling
Italo-Westlike talen Italo-Dalmatyske talen Dalmato-Romaanske talen Dalmatysk † Istrioatysk (of Istrysk) Italo-Romaanske talen Fenesiaansk Middenitaljaanske talen Galloereesk Italkiaansk (Judeo-Italjaansk) Korsikaansk Markysk Romeinsk Sabynsk Sassareesk Toskaansk Italjaansk (d.w.s. Standertitaljaansk) Umbrysk Súditaljaanske talen Kalabrysk Napolitaansk Salentynsk Sisyljaansk Westromaanske talen Britsk-Romaansk † Gallo-Romaanske talen Franko-Provansaalsk (Arpitaansk) Gallo-Italyske talen Emyljaansk Gallo-Italysk fan Basilikata Gallo-Italysk fan Sisylje Liguerysk Monegaskysk Lombardysk Eastlombardysk Ynsûbrysk (of Westlombardysk) Piëmonteesk Romanjoalsk Oïlyske talen Boergondo-Romaanske talen Boergondysk Frank-Komteesk Franko-Romaanske talen Loataringsk Normandysk Anglo-Normandysk † Aurenjeesk (of Alderneyaansk) † Guernseyaansk Jerseyaansk Sarkeesk Fransynske talen Berrisjoansk Boerboneesk Orléaneesk Parysk Frânsk (d.w.s. Standertfrânsk) Sarfatysk (of Judeo-Frânsk) † Toerangaarsk Pikardysk Sjampeneesk Waalsk Gallo-Anzjevynske of Armorikaanske talen Anzjevynsk Gallo-Bretonsk Poitevynsk-Sêntongeeske talen Poitevynsk Sêntongeesk Oksitano-Romaanske talen (kin ek yndield by Ibearo-Romaansk) Falinsiaansk (faak as dialekt fan it Katalaansk sjoen) Katalaansk Algearysk Baleaarsk Oksitaansk Gaskonsk Araneesk Beärneesk Haadoksitaansk Noardoksitaansk Auvernjatysk Fivaro-Alpynsk Limûsynsk Súdoksitaansk Langedoksk-Guyenneesk Provansaalsk Sjûadit (of Judeo-Provansaalsk) † Reto-Romaanske talen Friûlysk Ladynsk Noanysk Retoromaansk Jauwersk Neder-Ingadynsk Opper-Ingadynsk Surmiraansk Sursilvaansk Sûtsilvaansk Solandrysk Ibearo-Romaanske talen Oksitano-Romaanske talen (kin ek yndield by Gallo-Romaansk) Falinsiaansk (faak as dialekt fan it Katalaansk sjoen) Katalaansk Algearysk Baleaarsk Oksitaansk Gaskonsk Araneesk Beärneesk Haadoksitaansk Noardoksitaansk Auvernjatysk Fivaro-Alpynsk Limûsynsk Súdoksitaansk Langedoksk-Guyenneesk Provansaalsk Sjûadit (of Judeo-Provansaalsk) † Pyreneesk-Mozarabyske talen Aragoneesk Mozarabysk † Westibearyske talen Astuero-Leoneeske talen Astuerysk Ekstremadoereesk Kantabrysk Leöneesk Mirandeesk Kastyljaanske talen Kastyljaansk Andalûsysk Mantsjegysk Spaansk (d.w.s. Standertspaansk) Sefardysk (of Ladino of Judeo-Spaansk) Lusitanyske talen (of Galiko-Portegeeske talen) Barrankweensk Falaansk (of Galiko-Ekstremadoereesk) Galisysk Judeo-Portegeesk † Portegeesk
Kategory:Romaanske talen