Gladiator is in Amerikaansk-Britske sandalefilm út 2000 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Russell Crowe, Joaquin Phoenix en Connie Nielsen. It ferhaal giet oer Maksimus Desimus Meridius, in Romeinsk generaal waans wiif en bern fermoarde wurde op befel fan keizer Kommodus. Maksimus moast ek fermoarde wurde, mar hy ûntkomt, wurdt ta slaaf makke en ûntjout him yn 'e arena ta in tige populêr gladiator. Hy hat lykwols mar ien doel, en dat is wraak nimmen op Kommodus. Gladiator krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta de op ien nei meast opbringende film fan 2000. De film wûn fiif Oscars en twa Golden Globes, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. De karriêre fan regisseur Ridley Scott waard troch Gladiator nij libben ynblaasd, wylst haadrolspiler Russell Crowe der syn reputaasje as akteur mei fêstige.

Plot Yn it jier 180 is de Romeinske generaal Maksimus Desimus Meridius fan doel om nei hûs werom te kearen yn 'e Romeinske provinsje Hispanje, nei't er syn troepen nei de oerwinning op 'e Germanen laat hat by Vindabona, oan 'e noardgrins fan it ryk. Ear't dat syn beslach krije kin, ropt keizer Markus Aurelius him lykwols by him yn it legerkamp en fertelt him dat syn soan, Kommodus, ûngeskikt is om nei him te regearjen. Ynstee wol er dat Maksimus him opfolget as regint, om Rome te rêden fan 'e korrupsje, it keizerskip ôf te skaffen en de republyk wer yn te fieren. As Kommodus dat heart, fermoardet er syn heit troch him te ferstikken, foar't de keizer syn plannen bekendmeitsje kinnen hat.

Neitiid ropt Kommodus himsels út ta de nije keizer en freget Maksimus om syn trou. De generaal wegeret lykwols, en wurdt dêrop finzennommen troch de Pretoriaanske Garde. Hy freget om genede foar syn frou en jonge soan, mar wurdt ferteld dat er harren wersjen sil yn it hjirneimels. Fjouwer Pretorianen nimme him mei nei in ôfhandich plak yn 'e bosk, dêr't se him op befel fan Kommodus om hals bringe wolle. Maksimus wit lykwols ynstee de fjouwer mannen te deadzjen en te ûntsnappen, hoewol't er dêrby in djippe wûne oan it skouder oprint. Mei de hynders fan 'e Pretorianen hastiget er him dwers troch it Romeinske Ryk nei hûs yn Hispanje om wiif en bern te rêden, mar troch bloedferlies en koartsigens ferswakke, arrivearret er te let en treft by syn filla by Trujillo de krusige en libben ferbrânde stoflike omskotten fan syn frou en soan oan.

Neitiid rekket Maksimus troch de ynfeksje dy't er oan it skouder oprûn hat, alhiel út 'e tiid. As er wer bykomt, docht bliken dat er finzennommen is troch in slavekeapman. Hy wurdt fersoarge om him der wer boppe-op te helpen, mar inkeld sadat de slavekeapman oan him fertsjinje kin troch him te ferkeapjen. Maksimus bedarret yn 'e stêd Zûkkabar, dêr't er kocht wurdt troch in Proksimo, de eigner fan in gladiatorskoalle. Yn 't earstoan wegeret Maksimus as gladiator te fjochtsjen. Nei't er lykwols mei in keatling oan 'e Numidyske slaaf Djûba fêstklonken is, deselde dy't him fersoarge hat doe't er heal dea wie, wurdt er wol twongen om te fjochtsjen, om't in wegering betsjutte soe dat net inkeld hysels, mar ek Djûba troch harren tsjinstanners deade wurdt. Yn 'e gladiatorskoalle slút Maksimus freonskip mei Djûba en mei Hagen, in Germaan. Troch syn ûnderfinings op it slachfjild binne de gefjochten yn 'e arena mar bernespul foar Maksimus, en troch syn súksessen wint er it respekt fan 'e oare gladiators en de bewûndering fan it publyk.

Proksimo, dy't foarhinne sels ek gladiator west hat en yn it Kolosseum yn Rome fochten hat, nimt syn gladiators mei nei Rome as Kommodus dêr 150 dagen fan feest en spullen organisearret om 'e Romeinske befolking foar syn regear te winnen. Maksimus, dy't hopet op in kâns om wraak te nimmen en Kommodus te deadzjen, fynt yn 'e ferhuzing nei Rome in nije reden om te libjen. Mei in gesichtsbedekkende helm op nimt er diel oan in gladiatorgefjocht wêrby't de histoaryske oerwinning fan 'e Romeinen op 'e Kartagers yn 'e Slach by Sama neispile wurde moat. Maksimus-en-dy wurde yn 'e rol fan 'e Kartagers twongen en it is de bedoeling dat se ôfslachte wurde sille. As Maksimus syn 'troepen' ûnferwachts nei de oerwinning liedt, komt keizer Kommodus fan syn hege sit del nei de arenaflier om him te moetsjen. Dan kin Maksimus net oars as syn identiteit bekend meitsje, en dêrmei ek syn lust foar wraak. Om't it publyk lykwols lôgjende entûsjast is oer Maksimus, is Kommodus twongen om him libje te litten as er net alle goede wil dy't er mei syn feesten opboud hat, ferspylje wol.

Neitiid wurdt Maksimus yn 'e slavebarakken fan Proksimo opsocht troch prinsesse Lusilla, de suster fan Kommodus. Hja is in widdo mei in jonge soan, dy't lang lyn in relaasje mei Maksimus hân hat, en se besiket syn help te winnen foar in gearspanning om har broer ôf te setten. Maksimus hat dêr lykwols gjin boadskip oan. Syn folgjende gefjocht is tsjin 'e legindaryske ûnfersleine (en al jierren pinsjonearre) gladiator Tigris fan Galje, dy't troch Kommodus weromhelle is nei de arena om mei Maksimus ôf te weven. De keizer hat beävensearre dat ûnder it twagefjocht in stikmannich tigers op Maksimus loslitten wurde sille, mar Maksimus wit de bisten te ûntwiken en wint it gefjocht. It publyk raast om 'e dea fan Tigris, en Kommodus oarderet Maksimus mei de tomme omleech om 'e eardere kampioen de genedeklap ta te bringen, mar Maksimus wegeret en rint fuort.

Kommodus soe tocht hawwe dat it publyk him dan wol tsjin Maskimus keare soe, mar neat is minder wier, en de generaal wurdt no priizge as 'Maksimus de Genedige'. Kommodus siket Maksimus jitris op 'e arenaflier op en besiket him mei manipulaasje ta in oanfal op himsels te bringen troch pynlike opmerkings oer syn frou en soan te meitsjen. Mar Maksimus wit dat er, omjûn troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde, gjin skyn fan kâns hat om 'e keizer te deadzjen, en keart Kommodus de rêch ta. Hy beseft dat er miskien te hastich west hat troch de foarstellen fan Lusilla ôf te wizen. As er fan Sisero, syn eardere oppasser út 'e tiid doe't er noch ofsier wie, fernimt dat syn legioenen him noch altyd trou binne en fuortby Rome yn Ostia legere binne, stjoert er Sisero mei in boadskip nei Lusilla ta. Dyselde besiket Maksimus op 'e nij op, en bringt diskear senator Grachus mei, de lieder fan 'e opposysje tsjin Kommodus yn 'e Romeinske Senaat. Se prate ôf dat Grachus Maksimus frijkeapje sil, wêrnei't Maksimus út Rome ûntsnappe, nei Ostia ride en syn legioenen ophelje sil om Kommodus ôf te setten. Dêrnei sil er de macht oerdrage oan 'e Senaat.

Kommodus, dy't net fan juster is, wit dat der wat geande is. Troch syn omkesizzer Lusius Fearus, de jonge soan fan Lusilla, út te kloarkjen, bewissiget er him fan syn fermoeden dat Lusilla tsjin him gearspant. Letter kriget er Lusilla, troch Lusius te bedriigjen, safier dat se al har bûnsgenoaten ferriedt. Fan no ôf oan, sa fertelt Kommodus oan syn suster, sil er har soan as gizelder foar har goed gedrach brûke. Ek sille se libje sa't er altyd al wollen hat, as man en frou, sadat se him in opfolger skinke kin dy't fan nommel bloed is. De Pretoriaanske Garde nimt Grachus yn 'e hechten en komt ek by de slavebarakken dêr't Maksimus en syn maten sliepe. Proksimo wegeret lykwols iepen te dwaan en jout syn slaven ynstee de kaaien fan it koaiwurk dêr't de barakken mei ôfsletten binne. Wylst de oare gladiators it opnimme tsjin 'e binnenbrekkende Pretoriaanske Garde, naait Maksimus út fia in tunnel dy't tagong jout ta de Romeinske katakomben. By it gefjocht komme Hagen en ferskate oare gladiators om. Proksimo wurdt letter yn syn keamer troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde fermoarde. Maksimus berikt it ôfsprutsen plak dêr't Sisero op him wachtet, mar it blykt in falstrik te wêzen: Sisero wurdt deade en Maksimus wurdt finzennommen.

Kommodus sjocht no in kâns om 'e goedkarring fan it miene folk te winnen troch Maksimus yn in gefjocht yn 'e arena fan it Kolosseum te ferslaan en te deadzjen. Om't er der wol wis fan wêze wol dat er winne sil, stekt er de generaal foarôf ferriedlik mei in dagge djip yn 'e side, sadat er stadichoan deabliedt. Nettsjinsteande syn fatale ferwûnings wit Maksimus de keizer by harren swurdgefjocht lykwols te ûntwapenjen. Kommodus ropt dêrop de Pretoriaanske Garde te help, mar de kommandant, generaal Kwintus, wegeret yn te gripen. Dêrop hellet Kommodus deselde dagge wer foar it ljocht dêr't er Maksimus earder mei ferwûne hat, mar as er syn fijân dêrmei te liif giet, driuwt Maksimus it wapen by de keizer sels yn 'e kiel en deadet him. Nei't er opdracht jûn hat om Grachus en de oerlibjende gladiators fan Proksimo frij te litten en politike herfoarmings troch te fieren, beswykt Maksimus oan 'e wûne dy't Kommodus him tabrocht hat. Op Lusilla har fersyk drage de gladiators, Grachus, Kwintus en Lusius Fearus syn stoflik omskot mei eare út 'e arena wei, mar it lyk fan Kommodus litte se lizze.

Neitiid keart de befrijde Djûba nachts werom nei it Kolosseum om 'e byldsjes fan 'e frou en soan fan Maksimus, dy't ûnderdiel útmakken fan 'e heidenske leauwenspraktyk fan 'e generaal, te begraven op it plak yn 'e arena dêr't er stoarn is. Hy ûnthjit Maksimus dat hysels him yn it hjirneimels weromsjen sil, "mar no noch net".

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise             generaal Maksimus Desimus Meridius Russell Crowe keizer Kommodus Joaquin Phoenix prinsesse Lusilla Connie Nielsen

byrollen personaazje                               akteur/aktrise Antonius Proksimo Oliver Reed senator Grachus Derek Jacobi Djûba Djimon Hounsou keizer Markus Aurelius Richard Harris Hagen Ralf Möller Sisero Tommy Flanagan senator Falko David Schofield senator Gajus John Shrapnel generaal Kwintus Tomas Arana prins Lusius Fearus Spencer Treat Clark Kassius David Hemmings Tigris fan Galje Sven-Ole Thorsen slavekeapman Omid Djalili frou fan Maksimus Giannina Facio soan fan Maksimus Giorgio Cantarini feroardiele ofsier Adam Levy

Produksje en distribúsje Produksje Regisseur Ridley Scott waard troch it meitsjen fan Gladiator ynspirearre troch it njoggentjinde-iuwske skilderij Pollice Verso ("Mei de Omdraaide Tomme") fan Jean-Léon Gérôme. De earste ferzje fan it senario waard skreaun troch David Franzoni, dy't himsels ynspirearje liet troch de roman oer gladiators Those About to Die út 1958, fan Daniel P. Mannix. Neitiid waard it skript bewurke troch John Logan en William Nicholson.

De film wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje. As produsinten hiene Douglas Wick, Branko Lustig en Franzoni sels de lieding oer it projekt, wêrfoar't in budget fan $103 miljoen beskikber wie. Se wurken yn opdracht fan 'e studio's Scott Free Productions en Red Wagon Entertainment. De kamerarezjy waard dien troch John Mathieson, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Hans Zimmer en Lisa Gerrard.

Opnamen De opnamen fûnen fan jannewaris oant maaie 1999 plak op lokaasje yn it Bournewâld yn it Ingelske greefskip Surrey (trije wiken), yn Ouarzazate yn Marokko (trije wiken) en yn Fort Ricasoli op Malta (njoggentjin wiken). Yn Surrey waarden de sênes yn 'e bosken fan Germaanje filme. Yn Marokko waarden de earste gladiatorgefjochten fan Maksimus opnommen en Malta wie it dekôr foar de sênes yn it âlde Rome, dy't ûnder de postproduksje troch it gebrûk fan special effects fierder oanpast waarden. Dêrfoar waard yn Malta in replika fan likernôch in trêdepart fan it Kolosseum neiboud, mei in hichte fan 15,8 m, dy't fierhinne bestie út gips en tripleks. De bou duorre in moanne en koste nei skatting $1 miljoen. Guon binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Shepperton Studios yn Surrey.

Distribúsje