De Sint-Pitertsjerke (Frânsk: Église Saint-Pierre) is ien fan 'e belangrykste religieuze monuminten yn it âlde sintrum fan 'e Normandyske stêd Caen. Sûnt 1840 is it tsjerkegebou klassifisearre as in histoarysk monumint.
Skiednis Oer de oarsprong fan 'e tsjerke is neat bekend, mar der wurdt nei 1083 yn it kartularium fan 'e Trije-ienheid oer in atrium Sancti Petri skreaun, it hôf fan Sint-Piter. De tsjerke waard yn 'e midden fan 'e 12e iuw op 'e nij boud. thumb|left|Ferwulft koer. De Sint-Pitertsjerke fan Caen wie de tsjerke dêr't de wichtige seremoanjes holden waarden. Doe't bygelyks Hindrik IV de protestantske lear ôfswarde en dêrmei in ein makke oan 'e godstsjinstkrigen, waard yn oanwêzigens fan 'e boargerlike en religieuze fertsjintwurdigers fan 'e hiele stêd yn 'e Sint-Piter it "Te Deum" songen.
Mei de Frânske Revolúsje waard de tsjerke mei in dekreet fan 20 novimber 1793 sletten. Sûnt dy tiid oant 1795 tsjinne de eardere tsjerke as Timpel fan de Rede. Op 4 juny 1795 waard de tsjerke werom jûn oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Yn 'e nacht fan 8 op 9 juny 1944 stoarte de spits fan 'e toer, nei't dy troch in granaat rekke wie, troch it dak fan it tsjerkeskip. It wie it begjin fan in brân dy't it dak fan 'e tsjerke ferneatige. Nei de rekonstruksje yn 1957 is de klokketoer hjoed-de-dei 75 meter heech, trije meter heger as foar de ferneatiging fan 'e spits yn 1944.
Yn 'e 21e iuw binne der ferskillende restauraasjes oan 'e tsjerke útfierd. Yn 2019 waard by de restauraasje in 18e-iuwske sinnewizer rjochts fan it portaal werom fûn. Yn itselde jier waarden nei de restauraasje fan 'e toer trije klokken werom hongen yn 'e klokkestoel: de Anne-klok (1,3 ton), de Paulus-klok (1,8 ton) en de Petrus-klok (2,2 ton).
Boufazen 13e iuw : koer en toer. 14e iuw : dekorearre gevel mei in grut roasfinster, goatyske klokketoer. 15e iuw : skip en sydskippen. 16e iuw (1518) : apsis.
Oargel Yn 1997 waard in swellenêstoargel troch Jean-François Dupont boud. It ferfong it ynstrumint fan Danion-Gonzales, dat earder it yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige Cavaillé-Coll-oargel ferfong.
Kategory:Caen Pierre (Caen) Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk yn Normandje