Falaise is in gemeente yn it suden fan it Frânske departemint Calvados yn 'e regio Normandje. It plak makket diel út fan it arrondissemint Caen. Oant 2015 wie Falaise ferdield yn 'e kantons Falaise-Nord en Falaise-Sud.

Hartoch Willem fan Normandje (Willem de Oermasterer) residearre op 'e foargonger fan it hjoeddeiske kastiel fan Falaise. Nei't er yn 1066 Ingelân oermastere bleau er dêr as kening fan Ingelân. De histoaryske binnenstêd hat in grut part fan 'e midsiuwske fortifikaasjes bewarre.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard der om Falaise hinne fûleindich fochten tusken de op 'e Normandyske strannen lanne alliearden en de Dútske besetters. By de slach waarden twa Dútske legers ynsletten en ferneatige en grutte dielen fan 'e stêd skansearre. Nei de kriich waard Falaise wer opboud.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2016Ynwenners 6325 7180 8368 8597 8119 8434 8438 8214 Boarnen: Cassini en INSEE It besjen wurdich Église Saint-Gervais (oarspronklik romaanske tsjerke, bou sûnt 1066) Église Saint-Laurent, Chemin de Vaston: (11e-iuwsk) Église Notre-Dame de Guibray (bou sûnt de 12e iuw, oargel fan Claude Parisot), Place de la Reine-Mathilde Église de la Trinité , Place Guillaume-le-Conquérant Monumint Willem de Oermasterer, Place Guillaume-le-Conquérant Fortifikaasjes Kastiel fan Falaise (12e-13e iuw) Château de la Fresnaye, 48 rue Clemenceau (17e-18e iuw)

Musea Memorial des Civils dans La Guerre, 12 Place Guillaume le Conquérant (histoarysk museum) Museum André Lemaitre, Boulevard de la Libération (keunstmuseum) Ofbylden

Keppeling om utens Side Falaise Tourisme INSEE:statistiken Falaise

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Calvados Kategory:Gemeente yn Calvados