Star Trek: Prodigy is oankommende Amerikaanske tillefyzjesearje yn 'e Star Trek-franchise. It is in science fiction-tekenfilmsearje foar bern wêryn't in stikmannich teenagers folge wurde dy't in âld, oan syn lot oerlitten romteskip brûke om mei op aventoer te gean. Kate Mulgrew, bekend as kaptein Kathryn Janeway út Star Trek: Voyager, krûpt foar de nije searje wer yn 'e hûd fan har âlde rol, mei't Janeway model stien hat foar it needtrainingshologram fan it âlde skip. Star Trek: Prodigy sil yn 2021 foar it earst te sjen wêze op 'e streamingtsjinst Paramount+, foar't de rige koarte tiid letter útstjoerd wurde sil op 'e tillefyzje fia Nickelodeon.
Untstean Yn juny 2018, nei't er de showrunner (tillefyzjeprodusint mei de deistige lieding) wurden wie fan 'e Star Trek-searje Star Trek: Discovery, tekene Alex Kurtzman in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Studios om 'e mediafranchise fan Star Trek út te wreidzjen mei ferskate nije tillefyzjesearjes, minysearjes en tekenfilmsearjes. Star Trek: Prodigy, dat foar it earst troch Kurtzman oankundige waard yn jannewaris 2019, is dêr ien fan. It is de bedoeling dat de searje in hiel oar oansjen kriget as de eardere tekenfilmsearjes fan Star Trek, Star Trek: The Animated Series út 'e 1970-er jierren en Star Trek: Lower Decks út 2020. Dat moat berikt wurde troch it gebrûk fan kompjûteranimaasje. Star Trek: Prodigy is fierders bedoeld om in folle jongere doelgroep te berikken as de rest fan 'e franchise.
Produksje Star Trek: Prodigy waard ûntwikkele troch de bruorren Hageman, Kevin en Dan, yn opdracht fan 'e bernetillefyzjestjoerder Nickelodeon. As útfierende produsinten wiene Alex Kurtzman, Heather Kadin, Katie Krentz, Rod Roddenberry, Trevor Roth en de bruorren Hageman sels by it projekt belutsen foar de tillefyzjestudio's CBS Eye Animation Productions, Nickelodeon Animation Studio, Secret Hideout en Roddenberry Entertainment.
Yn febrewaris 2021 kundige ViacomCBS, de memme-ûndernimming fan filmstudio Paramount Pictures, oan dat it earste, tsien ôfleverings tellende seizoen fan Star Trek: Prodigy yn 'e rin fan 2021 alderearst beskikber komme soe fia de eigen streamingtsjinst Paramount+, krekt as oare nije Star Trek-searjes. Dêrnei soe it (yn 'e Feriene Steaten) op 'e tradisjonele tillefyzje útstjoerd wurde troch Nickelodeon foar't it twadde seizoen beskikber kaam fia Paramount+.
Utgongspunt fan 'e plot Star Trek: Prodigy begjint yn it jier 2383, nei de foarfallen yn 'e searje Star Trek: Voyager. In bûnte bemanning fan teenagers fan ferskate bûtenierdske rassen moat leare gear te wurkjen as se in âld, oan syn lot oerlitten romteskip brûke om mei op aventoer te gean. De bemanning bestiet út Dal, in minske (Brett Gray), Rok-Tahk, in Brikar (Rylee Alazraqui), Zero, in Medûsaan (Angus Imrie), Jankom Pog, in Tellaryt (Jason Mantzoukas), Gwyn, in Vau N'Akat (Ella Purnell) en Murf, in libbene, selsbewuste massa slym sûnder fêste foarm (Dee Bradley Baker). Hja wurde bystien troch it needtrainingshologram fan it skip, dat de foarm hat fan kaptein Kathryn Janeway fan 'e USS Voyager (Kate Mulgrew).
Rolferdieling Haadrollen personaazje akteur/aktrise Kathryn Janeway Kate Mulgrew Rok-Tahk Rylee Alazraqui Dal Brett Gray Zero Angus Imrie Jankom Pog Jason Mantzoukas Gwyn Ella Purnell Murf Dee Bradley Baker
Gastrollen personaazje akteur/aktrise Thadiun Okona Billy Campbell
Seizoenen seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst1102021noch net bekend Paramount+
Keppelings om utens Ynformaasje oer Star Trek: Prodigy yn 'e Internet Movie Database
Prodigy Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske tekenfilmsearje Kategory:Amerikaanske bernesearje Kategory:Science fiction-tekenfilmsearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2021 Kategory:Telefyzjesearje fan de CBS Studios Kategory:Telefyzjesearje fan de Nickelodeon Animation Studio Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens