Juno is in Amerikaanske coming-of-age-komeedzjedramafilm út 2007 ûnder rezjy fan Jason Reitman, mei yn 'e haadrollen Ellen Page, Jennifer Garner en Jason Bateman. It ferhaal giet oer de sechstjinjierrige Juno MacGuff, dy't ûnbedoeld swier rekket en dan op jonge leeftyd beslissings nimme moat dy't har eigen libben en dat fan har ûnberne poppe duorjend beynfloedzje sille. De film waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride en wie ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Juno krige fan 'e filmkritisy loovjende resinsjes, en yn 'e bioskopen, dêr't er mear as it 35-fâldige fan syn budget opbrocht, waard de film in grut kommersjeel súkses. Yn 2008 wûn Juno de Oscar foar bêste orizjinele senario, en teffens wûn de film in BAFTA, twa Satellite Awards en trije Independent Spirit Awards.

Plot Juno MacGuff is in sechstjinjierrige learlinge oan 'e middelbere skoalle. Hja wennet mei har heit Mac, har styfmem Bren en har healsuske Liberty Bell yn it fiktive plak Dancing Elk, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Nei't se seksuele omgong hân hat mei har freon en langjierrige bewûnderder Paulie Bleeker, ûntdekt se dat se swier rekke is. Yn 't earstoan is se fan doel om in abortus dwaan te litten, en dêr lit se har net fan ôfbringe troch Su-Chin, in klasgenoate dy't by de pleatslike abortusklinyk in ienpersoans-anty-abortusdemonstraasje hâldt. Ienris binnen fljocht it har lykwols oan troch de keale en suterige ynrjochting, de taktleaze ûntfangst troch de resepsjoniste, de trochkringende rook fan ûntsmettingsmiddel en de deprimearjende oare pasjinten yn 'e wachtkeamer.

Dat, Juno ferlit de klinyk sûnder wat bedijd te hawwen en beslút ynstee om fan har poppe te befallen en him dan ôf te stean foar adopsje. Mei har bêste freondinne Leah nimt se de kontaktadvertinsjes troch fan lju mei in bernewinsk dy't yn 'e pleatslike hûs-oan-hûsblêden steane. Sa fynt se Mark en Vanessa Loring, in ryk troud pear dat sels gjin bern krije kin. Stipe troch Leah fertelt Juno har heit en styfmem dat se swier rekke is en ek hokfoar oplossing se dêrfoar betocht hat. Mei har heit Mac giet se nei de Lorings, dy't yn grutte filla wenje yn in plak dat op in oere riden fan Dancing Elk leit. Fan it begjin ôf oan is dúdlik dat de bernewinsk foar it meastepart útgiet fan Vanessa. Nettsjinsteande dat klikt it fuortendaliks tusken Juno en Mark, dy't beiden gitaarspylje. Mei't de Lorings ek abbekate Gerta Rauss útnûge hawwe, kin der mei-iens in adopsjekontrakt sletten wurde.

Nei't se foar it earst in echoskopy meitsje litten hat (by in misledigjende echoskopiste dy't teplak set wurdt troch styfmem Bren), beslút Juno ympulsyf om 'e ôfdruk oan Vanessa sjen te litten, dy't frege hie om op 'e hichte holden te wurden fan alles dat mei it swierwêzen fan Juno te krijen hie. Vanessa is net thús, mar Mark wol, mei't er as komponist fan reklamejingles thúswurket. Se reitsje oan 'e praat en ûntdekke dat se fan 'e deselde punkmuzyk en horrorfilms hâlde. Mark hat foar syn houlik yn in rockband spile dy't sa súksesfol wie dat se sels yn Japan op toernee west hawwe, hoewol't syn oantinkens oan dy tiid no beheind binne ta ien keamer yn it mânske hûs, dy't Vanessa foar al Mark syn besittings útsparre hat.

As Juno dy jûns thúskomt en oan Bren fertelt wêr't se west hat en wat se dien hat, besiket har styfmem har út te lizzen dat famkes fan sechstjin net samar by troude manlju op besite gean kinne en dat se gjin idee hat fan 'e dynamyk tusken houlikspartners dêr't se sa frijmoedich mei omboartet. Juno fynt Bren har opmerkings mar healwiis en beslút har eigen sin te dwaan. Neitiid besiket se Mark geregeldwei thús en skillet se him ek gauris op. Yn it winkelsintrum komme Juno en Leah op in stuit Vanessa tsjin, dy't se earst fan in ôfstân sjogge wylst se hiel oandwaanlik yn 'e boartershoeke mei it dochterke fan ien fan har freondinnen boartet. Letter rinne se har suver letterlik tsjin it liif. Juno, dy't al in flinke búk hat, lit Vanessa dêr har hannen op lizze, en as Vanessa tsjn 'e poppe yn it limoer praat, skopt it bern foar har. De útdrukking op Vanessa har gesicht brekt Juno suver it hert.

Nei geraden dat it swierwêzen foarderet, wrakselet Juno mei har gefoelens foar Bleeker, de heit fan 'e poppe, dy't oerdúdlik fereale op har is. Nei bûten ta beart se dat er har ûnferskillich lit, mar as se fan Leah te hearren kriget dat er in oar famke, Katrina De Voort, frege hat om mei him nei it eindûnsfeest fan 'e skoalle te gean, stapt se nei him ta om him yn in opwâling fan jaloerskens it mannewaar op te sizzen. Bleeker bringt har lykwols yn it sin dat sy gjin ferkearing mei him hawwe woe en fertelt har dat se him dêrmei slim kwetst hat.

Net lang foar't se útrekkene is, wylst se op alle dagen rint, siket Juno op in kear Mark wer thús op. Hy lit har mank syn stripkolleksje, dy't yn doazen yn 'e kelder opslein leit, in manga sjen fan in swiere superheldinne dy't er ea yn Japan kocht hat. Se dûnsje dêr mei-inoar en it wurdt foar eltsenien útsein Juno dúdlik dat Mark gefoelens foar har ûntwikkele hat. Hy fertelt har dat er fan doel is om in skieding oan te freegjen en by Vanessa wei te gean. Dat nijs komt foar Juno as in tongerslach by heldere himel. Se is ûntsteld, om't dat betsjut dat de hiele adopsje op losse skroeven komt te stean. It begjint har boppedat te daagjen dat sysels mei har besykjes oan him mooglik oan dizze sitewaasje bydroegen hat. As Vanessa thúskomt en de oerstjoere Juno oantreft, wol se witte wat der oan 'e hân is. Dêrop fertelt Mark har dat er net ree is om heit te wurden en dat der noch in protte dingen binne dy't er dwaan wol ear't it safier is. Juno sjocht hoe't it houlik fan 'e Lorings útinoar falt en naait út.

Nei't se har auto oan 'e kant fan 'e wei stilset hat om út te gûlen, giet se nei hûs, dêr't se in petear mei har heit hat oer it houlik yn it algemien, sûnder him út te lizzen wat der bard is. Har heit fertelt har dat je it bêste ien sykje kinne om jins libben mei te dielen, dy't jin nimt sa't je binne. Juno beseft dêrtroch einlings dat Bleeker de wiere foar har is. Dyselde jûns noch riidt se werom nei it hûs fan 'e Lorings, dêr't se by de foardoar in bryfke efterlit en wer fuortgiet ear't der iependien wurdt. De oare deis siket se Bleeker op en fertelt him dat se fan him hâldt. Hy tutet har yn it iepenbier en se krije ferkearing.

Koarte tiid letter brekke Juno har fluezen, wêrnei't Mac en Bren har nei it sikehûs ta hastigje. Dêr befalt se fan in jonkje. Bleeker hat se net opskille, om't dy dy deis krekt in wichtige atletykwedstryd hat, mar as er Juno mist mank it publyk begjint him lang om let wat te daagjen en bejout er him op eigen manneboet en noch yn syn sportklean nei it sikehûs. Dêr arrivearret er as Juno krekt âldkreams is, op 'e tiid om har te treastgjen wylst se gûlt om 'e poppe dy't se nea kenne sil. Underwilens wurdt it jonkje op 'e baby-ôfdieling fan it sikehûs oerdroegen oan Vanessa, dy't in allinnichsteande mem wurdt. By har thús, oan 'e muorre fan 'e bernekeamer, hat se it bryfke fan Juno ynliste, mei de tekst: "Vanessa: Asto noch meidochst, doch ik ek noch mei. Juno." De film einiget by 't simmer as Juno en Bleeker, dy't no tige gelokkich mei-inoar binne, tegearre gitaarspylje en sjonge.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Juno MacGuff Ellen Page (no Elliot Page) Mark Loring Jason Bateman Vanessa Loring Jennifer Garner

byrollen personaazje akteur/aktrise Leah Olivia Thirlby Paulie Bleeker Michael Cera Mac MacGuff J.K. Simmons Bren MacGuff Allison Janney Gerta Rauss Eileen Pedde Rollo, de winkelbetsjinde Rainn Wilson Steve Randazo Daniel Clark mem fan Bleeker Darla Vandenbossche Vijay Aman Johal Su-Chin Valerie Tian resepsjoniste by abortusklinyk Emily Perkins echoskopiste Kaaren De Zilva learling by skiekunde ♂ Steven Christopher Parker learling by skiekunde ♀ Candice Accola Liberty Bell MacGuff Sierra Pitkin dosint skiekunde Cut Chemist stoer famke Eve Harlow ferpleechkundige by befalling Kirsten Williamson Katrina De Voort Ashley Williams learaar Keith Conyers Colin McSween dokter by befalling Joy Calmut

Produksje en distribúsje Preproduksje Senarioskriuwster Diablo Cody waard frege om in senario te skriuwen troch filmprodusint Mason Novick. Dyselde wie ek dejinge dy't har earder yn kontakt brocht hie mei in útjouwer om har memoire Candy Girl: A Year in the Life of an Unlikely Stripper te publisearjen, nei't er har blôch oer strippen ûntdutsen hie. Hy woe dat se har boek sels omwurke ta in ferfilmber senario, mar rette har oan om earst by wize fan prebearsel in senario oer in ferhaal te skriuwen dêr't se net safolle persoanlik yn ynvestearre hie, sadat se dat oan 'e filmstudio's sjen litte koe. Dat prebearsel waard Juno.

Foar it skriuwen fan har skript die Cody ûndersyk nei de ferhalen fan echte adopsjebern, harren biologyske âlden en harren adopsje-âlden, ûnder wa har doetiidske man en syn famylje. Ek helle se ynspiraasje út 'e wiere belibbenissen fan in goede freondinne fan harres dy't op 'e middelbere skoalle swier rekke wie (lykas de beledigjende echoskopiste), wylst guon eleminten yn it senario oernommen wiene út har eigen ferline (de tic-tacslinende frijer, de bêste freondinne dy't in cheerleader wie en de tillefoan yn 'e foarm fan in hamburger). Cody skreau it skript oer in perioade fan sân wiken yn in kofjehûs yn Crystal (Minnesota).

Novick stjoerde it senario dat Cody him joech troch nei syn freon, regisseur Jason Reitman. Tsjin 'e tiid dat dy healwei mei lêzen wie, wist er dat er it senario sels regissearje moast as er net woe dat it him tenei altyd spite soe. It foel noch net ta om dat foarinoar te krijen, want Reitman syn earste film, Thank You for Smoking, wie op dat stuit noch net útkommen, dat hy hie gjin inkele reputaasje dêr't er as regisseur op bouwe koe. Uteinlik foel de kar foar rezjy dochs op him.

Doe moast de produksje fan wat in ûnôfhinklike film wie noch finansierd wurde, wat ek gâns fuotten yn 'e ierde hie. Nei't ferskate grutte studio's har ôfskrikke litten hiene troch it (foar Amerikaanske begripen) kontroversjele ûnderwerp, waard it úteinlik oppikt troch Mr. Mudd, de filmproduksjemaatskippij fan akteur John Malkovich. Ko-produsint Jim Miller brocht letter ek filmstudio Mandate Pictures oan board. Njonken Novick en Malkovich wiene ek Lianne Halfon en Russell Smith as filmprodusinten yn it projekt behelle. Der wie foar Juno in budget beskikber fan $6,5 miljoen.

Casting Regisseur Jason Reitman hie fuortendaliks Ellen Page al yn 'e holle foar de titelrol, mei't er har aktearjen yn Hard Candy bewûndere hie. Page wie op dat stuit tweintich jier en moast in famke fan sechstjin spylje. (Hja identifisearre har op dat stuit ek noch as frou, hoewol't se neitiid út 'e kast kaam as transseksueel harsels omneamde ta Elliot Page.) J.K. Simmons, mei wa't Reitman gearwurke hie foar syn earste film Thank You for Smoking, caste Reitman yn 'e rol fan Mac, de heit fan Juno. Olivia Thirlby, dy't earder om 'e nocht audysje dien hie foar de rol fan Juno, parte er de rol fan har bêste freondinne Leah ta. Jennifer Garner, akseptearre in leger salaris as foar har gebrûklik wie sadat se de rol fan Vanessa Loring spylje koe. By har earste moeting mei Reitman rette se foar de rol fan Mark Loring Jason Bateman oan, mei wa't se koartby gearwurke hie oan The Kingdom.

Opnamen en postproduksje