3voor12 is in multimediaal platfoarm foar popmuzyk fan de Nederlânske publike omrop VPRO. 3voor12 waard oprjochte op 15 maaie 1998 en fierde yn maaie 2018 syn tweintichjierrich bestean. 20 jaar 3 voor 12, www.3voor12.nl, 17 septimber 2018

3voor12 hat in útwreide website mei ûnder mear ynterviews, albumresinsjes en festivalferslaggen. Dêrneist hat it platfoarm in radioprogramma op 3FM. Mei syn ferskillende kanalen hat 3voor12 ferskillende prizen yn de wacht sleept, wêrûnder de Fryske Poppriis, de Pop Media Prijs en de Gouden Pixel.

3voor12 docht gauris ferslach fan festivals as Lowlands, Pinkpop, Eurosonic Noorderslag en Into The Great Wide Open.

3voor12 Award Sûnt 2004 rikt 3voor12 elk jier in priis út foar it bêste Nederlânske album fan it jier. De redaksje fan 3voor12 nominearret tolve albums, wêrnei’t in sjuery fan muzikanten, profesjonals út de muzykyndustryy en publyksleden beslút hokker album de 3voor12 Award wint. Allinnich de Nymweechske rockband De Staat wûn de priis oant no twa kear, yn 2009 foar Wait For Evolution en yn 2016 foar O. Jier Artyst Titel 2004 At the close of every dayThe Silja Symphony 2005 Voicst11-11 2006 OpgezwolleEigen Wereld 2007 Aux RausThis Is How This Works 2008 De Jeugd Van TegenwoordigDe Machine 2009 De StaatWait For Evolution 2010 MossNever Be Scared/Don't Be A Hero 2011 I Am OakOasem 2012 BlaudzunHeavy Flowers 2013 Jacco GardnerCabinet of Curiosities 2014 TyphoonLobi Da Basi 2015 HuneeHunch Music2016De StaatO.2017SevdalizaISON2018Ray FuegoZwart2019Willem de BruinMan in Nood2020Eefje de VisserBitterzoet

Kategory:Popmuzyk Kategory:VPRO Kategory:Yntroduksje út 1998