120px|thumb|Marjan Welman (2009) thumb|120px|Nienke de Jong (2006) Autumn is in Fryske alternative rockband. Autumn waard yn 1995 oprjochte en brocht yn 2002 har earste cd When Lust Evokes The Curse út. Yn de begjinjierren waard de muzyk fan Autumn ta de gothic metal rekkene, mar troch de jierren hinne brûkte de band mear ynfloeden út progressive rock en alternative rock.
Autumn bestiet út Jan Grijpstra (drums), Jeroen Vrielink (bas), Jens van der Valk (gitaar/sang), Mats van der Valk (gitaar/sang) en Jan Munnik (keyboards).
De band hat optreden op festivals as Wacken Open Air, Summer Breeze, Wâldrock, Dynamo Open Air, Fields Of Rock en op Graspop Metal Meeting.
Op 27 april 2007 kaam harren tredde album út: My New Time. Dat wie it earste foar label Metal Blade Records en it lêste mei sjongster Nienke de Jong. Yn febrewaris 2009 ferskynde it album Altitude dêr’t foar it earst Marjan Welman op te hearren wie. Begjin 2010 folge in tour troch Europa as ûnderstypjen fan de band ‘’The Gathering.
In novimber 2011 kaam it album Cold Comfort út, ynklusyf in fideoklip by it nûmer Scarecrow. Nei in lange stiltme fan acht jier kaam yn 2019 harren sechsde studioalbum út Stacking Smoke.
Priis Fryske Poppriis 2003
Albums Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) When Lust Evokes the Curse 24 juny 2002 EpicSummer's End 24 septimber 2004 The Electric Co.Gallery of RealityMy New Time 7 maaie 2007 Metal BladeSatellitesAltitude13 febrewaris 2009Metal BladeCold Comfort4 novimber 2011Metal BladeStacking Smoke24 jannewaris 2019Painted BassBlackout
Kategory:Fryske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1995