Mark Norman is in Nederlânske producer- en diskjockey-duo dat meast trancemuzyk makket en oer de hiele wrâld yn clubs en op eveneminten optredet.
Biografy Yn 1995 kamen Mark de Jong en Norman Lenden mei elkoar yn de kunde op de middelbere skoalle yn Zoetermeer. Dêrnei ferfear Norman Lenden om syn stúdzje nei Fryslân. De Jong studearre yn 2002 ôf as kommersjeel yngenieur oan de HTS yn De Haach, wylst Lenden ôfstudearre oan de HBO foar Leisure Management yn Ljouwert. Norman organisearre ek grutte feesten yn Ljouwert.
Yn 2001 brochten se harren earste plaat út, mei de titel Splash!. De plaat waard oppikt troch de Ingelske dj Judge Jules, mar harren earste grutte súkses kaam yn 2002 mei de ferskining fan Overkill. Dizze undergroundplaat stie yn alle Nederlânske dancelisten op nûmer 1 en helle in notearring yn de Single Top 100. Ek yn it bûtelân sloech de plaat oan. Hjirnei folgen Total Seduction en Faith.
Yn 2003 tekenen de beide producers in platekontrakt by platemaatskippij Black Hole Recordings, mei oprjochte troch DJ Tiesto, en brochtene se harren earste plaat út, mei de titel Stream, op it platelabel Magik Muzik. Ek dy plaat helle de nûmer 1 posysje yn de dancecharts, krektas Rush, Touchdown en T 34. Yn datselde jier waarden se beneamd ta oanstoarmjend talint by de Dutch DJ Awards.
Dan doe ôf besleaten de twa om harren neist it produsearjen te rjochtsjen op it dj'en. Norman Lenden naam dy taak op him en waard mear it oansjen fan Mark Norman, wylst Mark de Jong him mear rjochte op de produksjes. Yn 2004 wûn Mark Norman de Fryske Poppriis, makken se in remjoks fan Tiesto syn hit Love comes again en brochten se harren súksesfolle clubplaat Phantom Manor út. Boppedat mjokse Mark Norman yn 2004 de súksesfolle In Trance we Trust 009 kompilaasje. Yn 2005 krige de Haachske dj alle moannen in residinsje yn club Eau en waard hy residint dj by GoodGreef yn it Feriene Keninkryk. Teffens startten hja in gearwurking mei it orkest Basic XL. Yn 2005 treden se tegearre op yn Stedsskouboarch De Harmony yn Ljouwert.
Synchronicity wie it debútalbum fan Mark Norman en kaam yn 2005 út. Yn 2006 gie hy tachtich dagen de wrâld oer mei 24 optredens yn 23 lannen. Yn 2007 kaam it twadde album út, titele Colours. Neist eigen produksjes hie Norman ferskate artysten remjokse, lykas Tiesto, Paul Oakenfold, Blank & Jones, Signum en in soad oaren.
Yn 2008 mjokse Mark Norman in mjokskompilaasje Mark Norman - Live in Dubai foar it platelabel Daxar Music út Dubai. Yn 2010 wurke Norman gear mei koreograaf Uri Eugenio foar it Holland Dance Festival. Tegearre fersoargen se de muzyk en koreografy foar in dûnsfideo útfierd troch amateurdûnsers . Yn 2013 trof Mark Norman Mike Schmid, de toetsenist fan Miley Cyrus. Tegearre namen se de plaat en muzykfideo Locked Inside op.
Mark Norman draaide yn foaroansteande clubs as Tomorrowland, Mystery Land en Dance Valley.
Utjeften Mark Norman featuring Mike Schmid - Locked inside Rebound Clash Cheeky Monday Class of '99 Actual Events Fobiac Sonor Confuse Coffee Break Life's too Short Restart Bazarus Space Invaders Horizons Talk Like A Stranger Be With U Niagara Mark Norman feat. JES - One Moon Circling Blikken Machine Become Human Saint Barth's Ventura Abend Mark Norman presents Celine - Colour my Eyes Brasilia Touchdown T34 / Teardrops Rush Phantom Manor Overkill Shine Stream Tell me Intimate Gesture Faith Instinctive Total Seduction Return 2 Eden Feelings Above! X Fader Splash
Remjuksen Andain - Beautiful Things Myon - Albion Jan Johnston - Obsession ATB - Justify Paul Oakenfold - No Compromise Tiesto - Love comes again Blank and Jones - Mind of the Wonderful DJ Sammy - Rise Again The Freak - Above the Clouds Smith & Pledger - Forever Precision - Another Situatin Marc et Claude – Free Signum - First Strike Dj Joop – Sonsuz Don Diablo
Albums Mark Norman Live in Dubai (2008) Colours (2007) Around the world in 80 days (2006) Synchronicity (2005) In Trance We Trust 009 (2004)
Kategory:Nederlânsk muzykprodusint