300px|thumb|Kaart fan Nederlân mei diken dy't ûnder behear fan de provinsjes falle yn't grien In provinsjale wei is in dyk yn Nederlân dy't oanlein, ûnderholden en beheard wurdt yn opdracht fan de provinsje. In soad provinsjale wegen yn de beboude kom wurde beheard troch de gemeente. De provinsje betellet de oanbelangjende gemeente in bydrage foar it behear.
In provinsjale wei kin yn in foarm fan in autosneldyk of autodyk boud wurde. De measte provinsjale diken hawwe lykwols in inkelde rydbaan, wylst guon in dûbele rydbaan hawwe. Yn Nederlân wie der yn 2004 totaal 6.713 km oan provinsjale wegen.
Provinsjale wegen yn Fryslân Yn Fryslân binne de neikommende diken provinsjale wegen:
N351: Easterwâlde - Urk N353: Jobbegea - Havelte N354: Grou - Snits - Eastersee N355: Ljouwert - Grins N356: Holwert - Nyegea N357: Ljouwert - Holwert N358: Fryske Peallen - Bûtenpost N359: Ljouwert - De Lemmer N361: Ryptsjerk - Grins N369: Drachten - Twizel N380: It Hearrenfean - Donkerbroek N381: Drachten - Emmen N383: Ljouwert - Sint Anne N384: Tsjummearum - DearsumN390: Harns - Frjentsjer N392: Aldhoarne - Akkrum N393: Stiens - Harns N712: De Lemmer - Urk N910: Gerkeskleaster - Dokkum N913: Garyp - Sumar N917: Oerterp - Haulerwyk N918: Haulerwyk - Weper N919: Easterwâlde - Huis ter Heide N924: It Hearrenfean - Eastersee N927: Sint Nyk - Spannenburch N928: Wâldsein - Balk N979: Haulerwyk - De Like N981: Boelensloane - Koerherne
De measte fan dy diken binne útfierd as inkelde rydbaan, dus mei twa rydstripen. In part fan de N356 fan Dokkum nei Nijegea (de Sintrale As), in part fan de N355 fan Ljouwert nei Hurdegaryp en in part fan de N381 fan it knooppunt Drachten nei Easterwâlde binne útfierd mei in dûbele rydbaan (2x2).
Sjoch ek Rykswei Autowei
Kategory:Wei Kategory:Ferkear