2 novimber is Aldersielen, in roomske hjeldei dy't yn it teken stiet fan 'e betinking fan 'e ferstoarnen.

Foarfallen 1170 - mei in stoarm wurdt it Kreiler Wâld ferswolge troch de Sudersee. ( Sjoch: Alderheljenfloed ) 1532 - Op 'e nij treft in Alderheljenfloed Seelân en Hollân. 1889 - Súd-Dakota wurdt as 40e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 1931 - DuPont produsearret as earste syntetysk rubber. 2003 - Annamarie Thomas wint de 1500 meter op it NK ôfstannen. 2004 - Theo van Gogh wurdt yn Amsterdam om it libben brocht troch Mohammed Bouyeri.

Berne 1692 - Unico Wilhelm van Wassenaer, Nederlânsk komponist en diplomaat (†1766) 1709 - Anna fan Hannover, regintesse fan Fryslân, Grinslân en Drinte († 1759) 1755 - Marie Antoinette fan Eastenryk, keninginne-gemalinne fan Frankryk († 1793) 1795 - James Knox Polk, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1849) 1806 - Henry Kellett, Iersk marine-ofsier en ûntdekkingsreizger († 1875) 1835 - J.J.A Ploos van Amstel, Nederlânsk predikant en teolooch († 1895) 1844 - sultan Mehmed V fan it Osmaanske Ryk († 1918) 1902 - Marius Holtrop, Nederlânsk bankier († 1988) 1943 - Rienk Onsman, Frysk fuotballer († 2011) 1947 - Lolkje de Jong-van den Berg Frysk heechlearaar 1949 - Lois McMaster Bujold, Amerikaansk skriuwster 1954 - Auck Peanstra, Frysk skriuwster († 2016) 1968 - Meindert Talma, Frysk muzikant en skriuwer

Ferstoarn 1644 - Pier Winsemius, Frysk skiedskriuwer en abbekaat (* 1586) 1950 - George Bernard Shaw, Iersk toanielskriuwer (* 1856) 1959 - Douwe Tot, Skylger fisker en rêdingboatskipper (* 1886) 1982 - Cornelis Brandsma, Frysk politikus (* 1904) 2004 - Gerrie Knetemann, Nederlânsk hurdfytser (* 1951) 2004 - Theo van Gogh, Nederlânsk regisseur (* 1957) 2006 - Cor Nijdam, Frysk dirigint (* 1918) 2011 - Rijk de Gooyer, Nederlânsk akteur (* 1925) 2014 - Gosse Blom, Frysk taalkundige (* 1946) 2019 - Sigge Ericsson, Sweedsk reedrider (* 1930) 2020 - Allard Schuilinga, Frysk politikus (* 1943)

Kategory:Datum 02