De Landkreis Hildesheim is in lânkring yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Geografy De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend yn it noardwesten oan de Regio Hannover, oan de lânkring Peine, oan de kringfrije stêd Salzgitter, oan de eksklave Baddeckenstedt fan de lânkring Wolfenbüttel en oan de lânkringen Goslar, Northeim, Holzminden en Hameln-Pyrmont.
Wylst de noardlike helte fan de lânkring in stedsker karakter hat, is it suden oerdutsen mei bosk. Fanút it suden streamt de Leine troch de lânkring en troch de stêden Alfeld en Gronau ferlit de rivier yn it noardwesten de lânkring. De boarne fan it rivierke de Innerste leit yn de lânkring Goslar en mûnet nei't it troch Hildesheim streamt yn de Leine. Tusken de Leine en de Innerste lizze it heuveleftige Hildesheimer Wald en de Sieben Berge.
Skiednis It prusyske regear ferdielde yn 1885 de provinsje Hannover yn distrikten. Yn it gebiet fan de hjoeddeiske de lânkring waarden fjouwer distrikten ynsteld: Hildesheim, Alfeld, Gronau en Marienburg. Yn 1932 waard Alfeld gearfoege mei Gronau, sadat der noch trije distrikten oerbleaune. Yn 1946 fûn der yn de nije dielsteat Nedersaksen in weryndieling plak: de stêd Hildesheim waard in selstannich distrikt en de rest fan it âlde distrikt Hildesheim waard mei Marienburg gearfoege yn it distrikt Hildesheim-Marienburg. Foar Alfeld bleaune de grinzen doe itselde.
Yn 1974 ferlear Hildesheim de status fan in selstannich distrikt. Hildesheim waard ûnderdiel fan it distrikt Hildesheim-Marienburg, dat de namme Hildeshiem krige. Yn 1977 waarden Hildesheim en Alfeld gearfoege.
Gemeenten
Frije gemeentenSamtgemeindeAlfeld, stêd Algermissen Bad Salzdetfurth, stêd Bockenem, stêd Diekholzen Elze, stêd Freden Giesen Harsum Hildesheim, haadstêd Holle Lamspringe Nordstemmen Sarstedt, stêd Schellerten Sibbesse Söhlde 1. Leinebergland Duingen Eime Gronau (sit samtgemeinde) Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977