De Slach om Mogadisjû (Somalysk: Maalintii Rangers, "Dei fan 'e Rangers"), ek bekend as it Black Hawk Down-ynsidint, wie in wapene treffen dat op 3 en 4 oktober 1993 plakfûn yn it ramt fan 'e Somalyske Boargeroarloch. Op dat stuit bestie der kâns op frede, mar ien fan 'e faksjes yn 'e boargeroarloch, de Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) fan kriichshear Mohammed Farrah Aidiid, wegere mei te wurkjen oan 'e ymplemintaasje fan it fredesplan fan 'e Feriene Naasjes. Nei wiken fan oprinnende spannings besochten Amerikaanske troepen, dy't stjoerd wiene om 'e UNOSOM II-fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes te ûnderstypjen, om inkele heechpleatste funksjonarissen fan 'e SNA te arrestearjen.

De operaasje rûn lykwols folslein út 'e hân doe't de Amerikanen op mear wjerstân fan 'e Somaaljers staten as se ferwachte hiene. Twa Amerikaanske Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters waarden delsketten en de grûntroepen en de oerlibbenen fan 'e bemannings fan 'e beide helikopters rekken besingele troch de fijân. De ynset fan ferskate tûzenen FN-militêren út 'e Feriene Steaten, Maleizje en Pakistan wie nedich om 'e oarspronklike arrestaasjemacht te rêden. Der kamen 19 Amerikanen, in Maleizjer en in Pakistaan om en 73 oare Amerikanen, 7 Maleizjers en 2 Pakistanen rekken ferwûne. Fierders waard ien Amerikaan troch de SNA kriichsfinzen nommen en waarden de stoflike omskotten fan ferskate oaren troch de strjitten fan Mogadisjû sleept. Fan gefolgen waarden de Amerikaanske troepen in healjier letter út Somaalje weromlutsen. Troch de Slach om Mogadisjû bekuolle de Amerikaanske wil om troepen te leverjen foar FN-fredesmachten folslein.

Foarskiednis Bûtenlânske bemuoienis mei de Somalyske Boargeroarloch Yn jannewaris 1991 waard de Somalyske diktator Mohammed Siad Barre ôfset troch in koälysje fan rivalisearjende etnysk Somalyske stammen. Nei't harren doel berikt wie, rekken dy lykwols ûnderling deilis. Dat wie it begjin fan 'e Somalyske Boargeroarloch. Om 'e haadstêd Mogadisjû waard striden troch it Feriene Somalysk Kongres (USC) fan Ali Machdi Mohammed, dy't de ynternasjonaal erkende presidint waard, en de Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) fan kriichshear Mohammed Farrah Aidiid. Dyselde wie in lid fan 'e Hawiye-clan fan 'e Habar Gidir-stamme, en datselde gou foar it meastepart fan syn mannen. De boargeroarloch late ta de ferwoastging fan 'e Somalyske lânbou, wat wer hongersneed ta gefolch hie. Der kamen yn 1991 en 1992 nei skatting 300.000 minsken om troch honger en nochris 3 miljoen oaren wiene slim rekke troch ûnderfieding.

Yn augustus 1992 kaam der ûnder de namme fan Operaasje Provide Relief in ynternasjonale humanitêre helpaksje op gong om 'e Somalyske befolking fan 'e hongerdea te rêden. Oer in perioade fan in healjier waard 48.000 ton iten en medisinen ynflein, foar it meastepart yn Lockheed C-130 Hercules-transportfleantugen fan 'e Amerikaanske Loftmacht, dy't ynset wiene op befel fan presidint George H.W. Bush. In grut diel fan it helpguod kaam lykwols net telâne by de minsken dy't der ferlet fan hiene, mar waard yn beslach nommen troch Aidiid en syn SNA-milysje, om inkeld ûnder de eigen oanhing útparte te wurden. Om 'e humanitêre ramp tsjin te kearen, setten de Feriene Steaten yn desimber 1992 in grutte operaasje op poaten (Operaasje Restore Hope) om 'e humanitêre helpoperaasje te assistearjen en te beskermjen mei de ynset fan militêren op 'e grûn, de saneamde Feriene Taakgroep (Unified Task Force, UNITAF). Dy wie gearstald út ûnderdielen fan it Amerikaanske Marinierskorps dy't de macht yn Mogadisjû oernamen en in foarm fan sintraal bestjoer fêstigen.

Op 3 maart 1993 rjochte de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes op oanrieden fan sekretaris-generaal Boutros Boutros-Ghali in formele FN-fredesmacht foar Somaalje op, mei as namme UNOSOM II (United Nations Operation in Somalia II). Dy naam de taken fan 'e Amerikaanske mariniers oer, wêrnei't dy weromlutsen waarden. Om't der noch altyd gjin effektyf Somalysk regear wie, en dêrmei gjin útsjoch op 'e beëiniging fan 'e fredesmacht, waard der op 15 maart in top yn 'e Etiopyske haadstêd Addis Abeba belein, dêr't alle fyftjin faksjes yn 'e Somalyske Boargeroarloch by fertsjintwurdige wiene. Der waard in fredesplan ûndertekene dat ta frede en demokrasy liede moast, mar tsjin maaie 1994 wie dúdlik dat de SNA fan Mohammed Farrah Aidiid net meiwurkje soe oan 'e ymplemintaasje fan it fredesakkoart, hoewol't de SNA it akkoart wól ûndertekene hie.

Eardere konfrontaasjes Ynstee begûn Aidiid anty-FN-propaganda út te stjoeren oer syn Radio Mogadishu. Luitenant-generaal Çevik Bir, de Turkske befelhawwer fan UNOSOM II, joech befel om 'e radiostjoerder út 'e loft te heljen. Aidiid waard dêrfan nei alle gedachten op 'e hichte steld troch spionnen yn it haadkertier fan 'e fredesmacht, en doe't op 5 juny FN-troepen útstjoerd waarden nei it gebou fan 'e radiostjoerder, waarden se oanfallen troch de SNA, mei 24 deade en 57 ferwûne Pakistaanske soldaten, 3 ferwûne Amerikanen en 1 ferwûne Italjaan ta gefoch. De deis dêrnei naam de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes Resolúsje 837 oan, dy't opdracht joech ta de arrestaasje en berjochting fan dejingen dy't foar de oanfal ferantwurdlik wiene, mei yn it foarste plak Aidiid sels. Der waard in preemje fan $25.000 op syn holle set, mar hy soe nea oppakt wurde.

De sitewaasje waard fierder op skerp set troch in Amerikaanske militêre operaasje yn Mogadisjû op 12 july, dy't bekend kaam te stean as Bloedige Moandei. Dêrby foelen Amerikaanske troepen dy't UNOSOM II ûnderstipen (mar der gjin direkt ûnderdiel fan útmakken) mei Bell AH-1 Cobra-helikopters bewapene mei TOW-raketten in hûs oan dêr't in gearkomste fan stamâldsten oan 'e gong wie. Neffens de Amerikaanske oerheid gie it om in oarlochsrie wêrby't plannen belein waarden foar oanfallen op 'e FN-fredesmacht, mar neffens de Amerikaanske oarlochskorrespondint Scott Peterson wie it in gearkomste fan âldere stamhaden dy't in manear beprate woene om in ein oan it geweld te meitsjen. Neffens it Ynternasjonaal Komitee foar it Reade Krús foelen by de oanfal 54 deaden en 161 ferwûnen, neffens de Amerikanen minder en neffens de Somaaljers mear. Somalyske boarnen holden ek út dat Amerikaanske grûntroepen nei de besjitting 15 oerlibbenen mei pistoalskotten stânrjochtlik eksekutearre hawwe soene, in beskuldiging dy't de Amerikaanske legerlieding fier fan him smiet. Yn elts gefal hearde Aidiid net ta de slachtoffers en it is skoan mooglik dat er nea by de gearkomste oanwêzich wie.

Op 8 augustus kamen fjouwer Amerikaanske soldaten om by in bomoanslach troch de SNA, en twa wiken letter rekken sân oaren ferwûne by in nije oanslach. Yn reäksje dêrop sterke presidint Bill Clinton ein augustus de Amerikaanske troepemacht yn Somaalje fuort mei in spesjale taakgroep (Task Force Ranger), besteande út 400 Army Rangers fan it 75e Rangerrezjimint en in kontingint kommando's fan 'e Delta Force fan it Amerikaanske Leger, oanfolle mei Navy SEALs (kommando's fan 'e Amerikaanske Marine) en 16 helikopters mei bemanning fan it 160e Loftfeartregimint foar Spesjale Operaasjes (160th SOAR). It wie de bedoeling dat de fersterkings trije wiken bliuwe soene om regaad te meitsjen en dêrnei wer weromlutsen wurde soene. Op 25 septimber brûkten SNA-rebellen in RPG-7-loftdoelraket om in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter del te sjitten by de haven fan Mogadisjû. Alle trije bemanningsleden kamen om. It wie de earste kear dat der boppe Somaalje in helikopter delhelle waard, en it wie in reuseftige morele oerwinning foar de mannen fan Aidiid. Seis wiken nei oankomst befûn Task Force Ranger him noch altyd yn Somaalje en wie der amper foarútgong boekt. De Amerikaanske legerlieding waard ûngeduldich.

De Slach om Mogadisjû Operaasjeplan Op 3 oktober 1993 waard troch de Amerikaanske kommandant yn Mogadisjû, generaal William F. Garrison, besletten ta in militêre operaasje om 'e minister fan Bûtenlânske Saken fan it tsjinregear fan 'e SNA, Omar Salad Elmim, en de wichtichste politike adviseur fan Aidiid, Abdi Hassan Awale, te arrestearjen. Dat soe dien wurde as se har nei it Olympic Hotel bejoegen foar in gearkomste. It hotel wie fêstige yn in buert fan Mogadisjû dy't folslein troch de SNA behearske waard en dy't de Amerikanen oantsjut hiene as Black Sea ("Swarte See"). Dêrfandinne dat de Slach om Mogadisjû yn it Ingelsk ek wol oantsjutten wurdt as de Battle of the Black Sea ("Slach om 'e Swarte See"). By de operaasje waarden ynset: Bravo Kompanjy fan it 3e Bataljon fan it 75e Rangerrezjimint, it 1e Operasjoneel Detasjemint-Delta fan 'e Spesjale Striidkrêften en it 160e Loftfeartbataljon.

It plan wie dat de kommando's fan 'e Delta Force it Olympic Hotel oanfalle soene nei't se dêr ôfset wiene troch MD Helicopters MH-6 Little Bird-helikopters. De finzenen soene binnendoar yn 'e hechten setten wurde. Dêrnei soene de rangers ûnder befel fan kaptein Michael D. Steele by de fjouwer hoeken fan it hotel abseile út Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters om in ferdigeningsliny om it gebou hinne te fêstigjen. In konfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel Danny R. McKnight, besteande út njoggen Humvees en trije fiif ton swiere M939-frachtweinen soe dan arrivearje fan 'e Amerikaanske basis by de haven en lofthaven fan Mogadisjû. Kommando's, rangers en finzenen soene ynstappe en it konfoai soe wer weromride nei de basis. It wie de bedoeling dat de hiele operaasje yn in healoere foarby wêze soe. De Amerikanen fersommen om 'e UNOSOM II-fredesmacht yn te ljochtsjen oer harren plannen.

Begjin fan 'e operaasje Op snein 3 oktober 1993 om 13.50 oere middeis ûntfong Task Force Ranger ynformaasje omtrint de lokaasje fan Elmim en Awale. De beide mannen soene in gearkomste yn it Olympic Hotel bywenje dy't dy middeis om 15.00 oere begjinne soe. De kommando's, rangers en helikopters waarden yn opperste steat fan paraatheid brocht. Troch it ferstjoeren fan it koadewurd "Irene" waard de operaasje yn gong set. Om 15.42 oere (trije minuten earder as de bedoeling wie) setten de Little Birds de Delta Force-kommando's, ûnder lieding fan kaptein Austin S. Miller, ôf by it Olympic Hotel. Dêrby waard it sicht troch it opwaaiende stof sa min, dat ien helikopter twongen wie om gruttere ôfstân te nimmen en út posysje te lânjen. De kommando's hiene net folle muoite om 'e oanwêzigen yn it hotel, ûnder wa yndie Elmim en Awale, te oermasterjen en te boeien.

Dêrop kamen de Black Hawks om 'e rangers ûnder lieding fan kaptein Steele by it Olympic Hotel ôf te setten, wat pland stie foar 15.46 oere. It hie de bedoeling west dat it grûnkonfoai it hotel om 15.47 oere al berikt hie, mar it rûn fertraging op om't Somalyske boargers, sadree't se der aan fan krigen dat der in Amerikaanske militêre operaasje geande wie, de strjitten barrikadearren mei autowrakken, pún en baarnende autobannen, sadat se omride moasten. Tsien minuten te let arrivearre it konfoai by it Olympic Hotel en wachte dêr oant de kommando's en rangers harren misje foltôge hiene. De kommunikaasje wie lykwols betize en sawol it grûnkonfoai as de rangers en kommando's ferkearden yn 'e oertsjûging dat it de bedoeling wie dat de oare partij mei harren kontakt opnimme soe as se safier wiene. It resultaat wie dat it grûnkonfoai tweintich minuten lang bûten it hotel stie te wachtsjen op 'e rangers en kommando's, wylst de rangers en kommando's binnendoar op it konfoai sieten te wachtsjen.