De Landkreis Schaumburg is in lânkring yn it sintrale diel fan it Dútske bûnslân Nedersaksen, westlik fan Hannover. De kreisstadt is Stadthagen. It distrikt ûnstie by de weryndieling fan Nedersaksen yn de jierren 1970 troch de fúzje fan de eardere lânkringen Schaumburg-Lippe en Grafschaft Schaumburg mei in pear gemeenten fan de eardere lânkring Springe. Yn de lânkring Schaumburg wenje likernôch 158.000 minsken. De lânkring bestiet út 38 gemeenten, wêrfan 33 gemeenten ûnder de 7 samtgemeinden yn 'e lânkring falle. De oare fiif binne saneamde ienheidsgemeenten.
De lânkring Schaumburg foarmet ûnderdiel fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen-Wolfsburg.
Geografy De noardlike helte fan de lânkring leit yn de Noarddútske Leechflakte. De súdlike helte heart ta it Weserberchlân, dat bestiet út de berchtmes Harrl, Süntel, Bückeberg en Deister. De heechste punten fan de berchtmes mjitte likernôch 400 meter boppe seenivo. It Schaumburger Wald is in lange stripe bosk noardlik fan it Mittelland Kanal. Noardlik fan de grins fan de lânkring leit it 29,1 km² grutte Steinhuder Mar. Yn it súdlike diel streamt de Weser fan it easten nei it westen troch in brede delte en de stêd Rinteln.
De lânkring Schaumburg grinzget mei de klok mei (begjinnend yn it noarden) oan de lânkring Nienburg, oan de Regio Hannover en oan de lânkring Hameln-Pyrmont (allegear yn Nedersasken) en ek oan de distrikten Lippe en Minden-Lübbecke (alle twa yn Noardryn-Westfalen). Gemeenten
Ienheitsgemeenten Auetal (sit: Rehren) Bückeburg, stêd Obernkirchen, stêd Rinteln, stêd Stadthagen, haadstêd
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende plakken (* sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde) 1. Samtgemeinde Eilsen Ahnsen Bad Eilsen * Buchholz Heeßen Luhden 2. Samtgemeinde Lindhorst Beckedorf Heuerßen Lindhorst * Lüdersfeld 3. Samtgemeinde Nenndorf Bad Nenndorf, stêd * Haste Hohnhorst Suthfeld (sit: Helsinghausen) 4. Samtgemeinde Niedernwöhren Lauenhagen Meerbeck Niedernwöhren * Nordsehl Pollhagen Wiedensahl, flekke 5. Samtgemeinde Nienstädt Helpsen * Hespe Nienstädt Seggebruch 6. Samtgemeinde Rodenberg Apelern Hülsede Lauenau, flekke Messenkamp Pohle Rodenberg, stêd * 7. Samtgemeinde Sachsenhagen Auhagen Hagenburg, flekke Sachsenhagen, stêd * Wölpinghausen Keppeling om utens
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977