De Landkreis Göttingen is de meast súdlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. De grinzen fan de hjoeddeiske lânkring Göttingen ûnstiene op 1 novimber 2016, doe't de besteande lânkring mei Osterode am Harz útwreide waard.
Geografy De lânkring grinzget mei de klok mei (begjinnend fanút it noarden) oan de lânkringen Northeim en Goslar (Nedersaksen), oan de lânkringen Nordhausen en Eichsfeld (Tueringen) en oan de Werra-Meißner-Kreis, oan de lânkring Kassel, oan de kreisfreie stêd Kassel en oan de eksklave Kragenhof (Hessen).
It westlike diel fan de lânkring heart noch by it Weserberchlân, wylst it easten fan de lânkring in part fan de Harz foarmet. De heechste bergen fan de lânkring lizzen yn de Harz mei toppen oant 860 meter boppe seenivo. De rivier de Leine rint troch de sintrale haadstêd Göttingen. Yn Münden yn it suden fan de lânkring rinne de Werra en de Fulda tegearre. Fanôf dat punt hjit de rivier de Weser, dy't fierderop de westlike grins fan de lânkring foarmet.
Hast de helte (45%) fan de lânkring bestiet út bosk. Yn de lânkring lizze sân bekende grotten: de Himmelreichhöhle eastlik fan Walkenried, de Lichtensteinhöhle by Osterode, de Jettenhöhle yn it natoergebiet Gipskarstlandschaft Hainholz westlik fan Düna, de Marthahöhle yn itselde natoergebiet by Düna, de Steinkirche Scharzfeld by Scharzfeld, de foar toeristen iepene Iberger Tropfsteinhöhle by Bad Grund en Einhornhöhle by Scharzfeld.
Gemeenten
Ienheidsgemeenten Adelebsen, flekke Bad Grund (Harz) (bestjoerssit yn Windhausen) Bad Lauterberg im Harz, stêd Bad Sachsa, stêd Bovenden, flekke Duderstadt, stêd, selstannige gemeente Friedland (bestjoerssit yn Groß Schneen) Gleichen (bestjoerssit yn Reinhausen) Göttingen, haadstêd Hann. Münden, stêd, selsstannige gemeente Herzberg am Harz, stêd Osterode am Harz, stêd Rosdorf Staufenberg Walkenried
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeentenSamtgemeinde Dransfeld Bühren Dransfeld, stêd * Jühnde Niemetal (bestjoerssit yn Varlosen) Scheden Samtgemeinde Gieboldehausen Bilshausen Bodensee Gieboldehausen, flekke * Krebeck Obernfeld Rhumspringe Rollshausen Rüdershausen Wollbrandshausen WollershausenSamtgemeinde Hattorf am Harz Elbingerode Hattorf am Harz * Hörden am Harz Wulften am Harz Samtgemeinde Radolfshausen Ebergötzen * Landolfshausen Seeburg Seulingen Waake Gemeentefrij gebiet (ûnbewenne) Harz (Landkreis Göttingen) (267,37 km²)
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1973