Black Hawk Down is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm út 2001 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Josh Hartnett, Ewan McGregor, Tom Sizemore en William Fichtner. De titel is in Amerikaanske militêre útdrukking yn tillegramstyl, dy't safolle betsjut as "Black Hawk Delstoart", ferwizend nei in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter. It ferhaal giet oer de Slach om Mogadisjû, in wapene treffen yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, wêrby't yn 1993 twa helikopters fan it Amerikaanske Leger delsketten waarden. Black Hawk Down krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, nettsjinsteande krityk op it ûntbrekken fan kontekst, it net yn byld bringen fan beskate Amerikaanske militêre blunders en de as rasistysk kwalifisearre portrettearring fan 'e Somaaljers. De film ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses en wûn yn 2002 twa Oscars yn technyske kategoryen.
Plot Foarskiednis Nei't yn 1991 yn Somaalje diktator Mohammed Siad Barre ôfset wurdt, brekt der in boargeroarloch út. As de striid troch in ferwoastging fan 'e lânbou resultearret yn in hongersneed, stjoere de Feriene Naasjes grutte hoemannichten iten en medisinen. Kriichshear Mohammed Farrah Aidiid, dy't mei syn Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) de helte fan 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû behearsket, nimt dêr lykwols in grut diel fan yn beslach om it syn fijannen te ûntkearen en it te ferdielen ûnder syn eigen oanhing. Dêrop stjoere de Feriene Naasjes in fredesmacht, UNOSOM II, om tafersjoch oer de ferdieling fan 'e humanitêre help te hâlden. Op in top yn Addis Abeba wurdt mei alle stridende partijen in fredesplan ôfsprutsen, mar hoewol't Aidiid dy ôfspraken wol ûndertekenet, wurdt al rillegau dúdlik dat er him der net oan hâlde sil.
Nei't yn juny 1993 24 Pakistaanske blauhelmen omkomme as se yn in mûklaach fan 'e SNA rinne, beoarderet de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes de arrestaasje fan 'e ferantwurdliken. Boppe-oan 'e list stiet de namme fan Aidiid. De Feriene Steaten stjoere ein augustus 1993 troepen om regaad te meitsjen, dy't bûten de fredesmacht om funksjonearje. Under dy troepen binne trije karkloften fan it Amerikaanske Leger: 400 rangers fan it 75e Rangerrezjimint, in kontingint kommando's fan 'e Delta Force, en 16 helikopters mei bemanning fan it 160e Loftfeartrezjimint foar Spesjale Operaasjes (160th SOAR). It is de bedoeling dat de Amerikaanske troepen trije wiken yn Mogadisjû bliuwe sille. Seis wiken letter, yn begjin oktober, binne se dêr lykwols noch en is der amper foarútgong boekt. De Amerikaanske legerlieding wurdt ûngeduldich.
Film Bûten Mogadisjû oerfalle Amerikaanske rangers en kommando's fan 'e Delta Force it konfoai fan Osman Ali Atto, in wapenhandeler dy't de SNA-striders fan Aidiid fan wapens foarsjocht. It súkses fan 'e operaasje set generaal-majoar William F. Garrison, dy't it befel hat oer de Amerikaanske troepen yn Somaalje, oan om soks nochris te besykjen. As er fan Somalyske ynformanten te hearren kriget dat de minister fan Bûtenlânske Saken fan it tsjinregear fan 'e SNA, Omar Salad Elmim, en de wichtichste politike adviseur fan Aidiid, Abdi Hassan Awale, op 3 oktober 1993 by in gearkomste yn it Olympic Hotel oanwêzich wêze sille, wurde der plannen belein om harren ek op te pakken.
De kommando's sille mei MD Helicopters MH-6 Little Bird-helikopters by it hotel ôfset wurde, nei binnen gean en de oanwêzigen yn 'e hechten sette. Dêrnei sille rangers ûnder befel fan kaptein Michael D. Steele by de fjouwer hoeken fan it hotel abseile út Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters om in ferdigeningsliny om it gebou hinne te fêstigjen. In konfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel Danny R. McKnight, besteande út njoggen Humvees en trije fiif ton swiere M939-frachtweinen sil dan arrivearje om rangers, kommando's en finzenen yn te laden en werom te riden nei de Amerikaanske basis by de haven en lofthaven fan Mogadisjû. De hiele operaasje sil yn in healoere foarby wêze.
Under de rangers dy't oan 'e operaasje dielnimme, binne sawol mannen mei ûnderfining as farske rekruten, lykas de achttjinjierrige soldaat Todd Blackburn en John Grimes, dy't oant no ta inkeld kantoarwurk dien hat om't er "in seldsum en mysterieus talint" hat: hy kin type. De ideälistyske sersjant Matthew Eversmann kriget by de operaasje foar de earste kear it befel oer in ôfdieling rangers, mei't syn luitenant ûnferwachts weromstjoerd wurdt nei hûs as er in epileptyske set krigen.
As de operaasje úteinset, witte de kommando's fan 'e Delta Force sûnder swierrichheden it hotel yn te kringen en de oanwêzigen, ûnder wa Elmim en Awale, te arrestearjen. As de Black Hawks de rangers by it hotel ôfsette, komme se lykwols hast fuortendaliks al ûnder fjoer te lizzen. De helikopter mei de ôfdieling fan Eversmann oan board moat in hommelse sydlingse beweging meitsje om in loftdoelraket te ûntwiken. Dêrtroch knoffelet rekrút Blackburn nei bûten ta en falt fan in hichte fan 21 m nei de grûn. Hy rint slim letsel oan 'e holle op, en trije Humvees fan it grûnkonfoai, ûnder lieding fan sersjant Jeff Struecker, wurde detasjearre om him halje-trawalje te evakuëarjen nei de Amerikaanske basis, dêr't er medyske fersoarging krije kin. Underweis wurdt ien 'e militêren yn 'e Humvees, sersjant Dominick Pilla, deadlik rekke troch in kûgel. De trije Humvees arrivearje fol kûgelgatten werom op 'e basis.
Underwilens wurdt in Black Hawk, de Super Six-One fan piloat Cliff "Elvis" Wolcott, delsketten mei in RPG-7-loftdoelraket. Wolcott en syn ko-piloat Donovan "Bull" Briley komme om, en twa oare bemanningsleden reitsje slim ferwûne. In slûpskutter fan 'e Delta Force, Daniel Busch, dy't ek oan board wie, ferdigenet it helikopterwrak tsjin 'e opkringende Somaaljers, mar wurdt fjouwer kear rekke troch kûgels. Wylst Eversmann en syn ôfdieling rangers as earsten it plak fan 'e delsketten Black Hawk berikke en de ferdigening oernimme, wurdt Busch ôffierd yn in Little Bird, mar hy ferstjert letter oan 'e oprûne ferwûnings.
By it hotel nimt luitenant-kolonel McKnight de lieding oer it ynladen fan 'e finzenen oer. Kaptein Steele set mei de rest fan syn rangers en de kommando's ôf nei it plak fan it helikopterwrak. It is de bedoeling dat McKnight him mei syn konfoai ek nei dat plak bejaan sil, mar de Somaaljers hawwe oeral yn 'e stêd barrikades opsmiten, dêr't McKnight, dy't net oer tanks beskikt, net trochhinne komme kin. Hy wurdt troch oare ofsieren dy't heech boppe de stêd yn in helikopter omfleane, hinne en wer troch deselde wyk laat, mar stjit almar wer op barrikades. Underwilens stiet syn konfoai oan ien wei troch bleat oan gewearfjoer út 'e omlizzende gebouwen, mei as gefolch dat er op 't lêst mear ferwûnen as sûne soldaten hat en twongen is om werom te kearen nei de basis.
Op it plak fan 'e delsoarte Black Hawk is ûnderwilens in gefjochtsrêdingsteam (combat search and rescue, CSAR) arrivearre, dat lykwols net by steat is om 'e ferwûne mannen út 'e helikopter te heljen en it wrak dêrom ynstee barrikadearret. In twadde ôfdieling rangers ûnder luitenant DiTomasso komt oan om 'e mannen fan Eversmann te fersterkjen. De haadmacht fan kaptein Steele is healwei it hotel en it wrak fêstkommen te sitten troch swiere Somalyske wjerstân en slimme ferliezen, mar stjoert in tal kommando's en rangers ûnder lieding fan sersjant Jeff Sanderson op eigen manneboet fierder om 'e troepen fan Eversmann en DiTomasso te oan te foljen. Underwilens wurdt inkele stedsblokken fierderop in twadde Black Hawk-helikopter, de Super Six-Four fan piloat Mike Durant, delsketten. Durant is de iennichste fan 'e bemanning dy't dêrby net dea of swierferwûne rekket, mar hy hat in skonk brutsen.
Mei't de rangers en kommando's fan kaptein Steele de hannen mear as fol hawwe en swiere ferliezen lije, binne der gjin troepen beskikber om nei it plak fan it twadde helikopterwrak te stjoeren. Oan board fan 'e Super Six-Two freegje Delta Force-kommando's Randy Shughart en Gary Gordon om by dat wrak dellitten te wurden. Generaal Garrison ûnderstiet de beide mannen fia in radioferbining oer de fraach oft se wol begripe hokker sitewaasje se har yn bejaan sille, foar't er tastimming jout. Shughart en Gordon helpe Durant út it helikopterwrak en ferdigenje it plak in skoft foar't se ûnder de foet rûn en deade wurde. De ferwûnen yn 'e helikopter wurde deaslein troch de breinroere kliber Somaaljers, mar Durant wurdt op it lêste momint rêden troch de oankomst fan in ofsier fan Aidiid syn SNA-milysje, dy't him kriichsfinzen nimt.
Op 'e Amerikaanske basis binne ûnderwilens de trije Humvees fan Struecker wer útstjoerd om nei it plak fan it twadde helikopterwrak te gean, mar krekt as it konfoai fan McKnight wurdt harren de tagong behindere troch barrikades. Sersjant Norm "Hoot" Gibson set mei trije oare Delta Force-kommando's te foet ôf nei it wrak, mar as se it berikke, blykt it leech te wêzen, mei't Durant en de stoflike omskotten fan 'e deade Amerikanen troch de Somaaljers meinommen binne. Harren rest inkeld it opblazen fan 'e helikopter om foar te kommen dat Amerikaanske technology yn ferkearde hannen falt.
Tsjin 'e tiid dat it konfoai fan McKnight einlings weromkeart op 'e Amerikaanske basis, is Garrison djip behelle yn 'e risselwearring fan in ûntsettingskonfoai dat ek eleminten fan 'e Amerikaanske 10e Berchdifyzje en Pakistaanske en Maleizyske ienheden fan 'e FN-fredesmacht omfetsje sil. De Pakistanen beskikke oer M48 Patton-tanks dy't dwers troch de barrikades hinne batse kinne. Om't Garrison de blauhelmen lykwols no pas op 'e hichte steld hat fan 'e Amerikaanske operaasje, duorret it navenant langer om it ûntsettingskonfoai gear te stallen. McKnight, dy't lichtferwûne rekke is, stiet derop om sels ek wer mei de stêd yn te gean.
As de nacht falt, begjinne de striders fan 'e SNA in swiere en oanhâldende oanfal op 'e besingele Amerikaanske troepen by it earste helikopterwrak. Se wurde tsjinkeard troch fûlêindich ferset fan 'e Amerikaanske grûntroepen en loftoanfallen troch Little Bird-helikopters op 'e posysjes fan 'e fijân, dy't troch de Amerikanen markearre wurde mei ynfrareade knipperljochten. It konfoai fan 'e FN arrivearret earst by de posysje fan Steele en syn mannen, dy't ynladen wurde, wêrnei't it fierder giet nei de lokaasje en it earste helikopterwrak. Dêr wurde Eversmann en DiTomasso en harren mannen ynladen en ek it CSAR-team en de ferwûnen en liken út 'e helikopter. Foar in lyts groepke rangers en kommando's is gjin plak mear yn 'e fiertugen fan it konfoai, en sy binne dêrtroch twongen om 'e ôfstân fan it plak dêr't de earste Black Hawk delkommen is nei de FN-basis yn it Stadion fan Mogadisjû dravende ôf te lizzen.
De film einiget mei de oankomst fan 'e dravende manskippen yn it stadion, dêr't se wetter krije fan 'e Pakistanen. Ear't de ôftiteling begjint, wurdt troch teksten dy't yn byld ferskine, fertelt dat piloat Mike Durant alve dagen letter frijlitten waard. Presidint Bill Clinton loek neitiid alle Amerikaanske troepen út Somaalje werom. By de Slach om Mogadisjû, sa't de striid op 3 en 4 oktober 1993 bekend kaam te stean, sneuvelen 18 Amerikaanske soldaten (in njoggentjinden-ien kaam twa dagen letter om by in mortieroanfal op 'e Amerikaanske basis), en likernôch 1.000 Somaaljers. Kommando's Gordon en Shughart, dy't harren libben opofferen om 'e bemanning fan 'e Super Six-Four te rêden, krigen postúm de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, dy't net mear útrikt wie sûnt de ein fan 'e Fjetnamoarloch yn 1973. Generaal-majoar Garrison naam de folsleine ferantwurdlikheid foar it fiasko op him. Mohammed Farrah Aidiid waard nea oppakt, mar kaam yn augustus 1996 om by gefjochten yn Mogadisjû yn it ramt fan 'e oanhâldende boargeroarloch. De deis dêrop swaaide Garrison ôf út it Amerikaanske Leger.
Rolferdieling
haadrollen